De Swemmer is in kanaal dat fan de Burgumer Mar oant Dokkumer Nije Silen rint; it wetter fiert in grut part fan it oerstallige wetter fan de Fryske Boezem ôf nei it Lauwersmar.
It wetter bestiet út de parten: de Kûkhernster Feart, de Nije Feart, de Petsleat en de Nije Swemmer.
Yn it ramt fan it Fryske Marren Projekt is De Swemmer yn 2003 en 2004 bot oanpakt. De Swemmer is dêryn in part fan de Lits-Lauwersmar Rûte. It kanaal is útbaggere, mei de bagger binne de kades ferhege sadat de wetterlossing fan de Fryske boezem ferbettere is. Fierders binne der foar de rekreaasje ekstra oanlisplakken oanlein en binne der fytspaden kaam.
De Swemmer is ek in ûnderdiel fan de Ekologyske ferbiningssône tusken de Lauwersmar en de Fryske Marren. Hjirfoar binne binnen it projekt ek in oantal natoergebieten oanlein yn de Sweagermieden dy't tagelyk ek wer soarge hawwe foar in fergrutsjen fan de Fryske boezem.