De Spinnekop wie in kabaretselskip fan Drachten dat spile tusken 1956-1962.
It selskip wie oprjochte troch Roel Oostra dy't regisseur en auteur wie fan mei elkoar fjouwer programma's. It stik Kike, kike lôke sjoch waard mear as hûndert kear spile. It selskip bestie út acht meiwurkers, neist wienen dat: Jannie de Boer, Marie Dijkstra, Akke Radsma, Jan Radsma en Jan de Vries. De muzyk waard skreaun troch Lien Eizinga-Hoogeveen. It oeuvre wie ynsteld op de Fryske aktualiteit en hie in folle kabaretesker karakter as dat fan it Selskip Tetman de Vries. Doe't Oostra yn 1962 direkteur waard fan De Lawei yn Drachten, hâlde it selskip op te bestean.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.