De Soldaat Dy't Weromkaam | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | De Soldaat Die Terugkwam | |
auteur | Theun de Vries | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | roman | |
sjenre | histoaryske roman | |
1e publikaasje | 1980, Amsterdam | |
oarspr. útjwr. | Querido | |
kodearring | ||
ISBN | 9 02 14 86 555 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Soldaat Dy't Weromkaam | |
publikaasje | 2003, Dokkum | |
útjouwer | KFFB | |
oersetter | Dick Eisma | |
ISBN oers. | 9 07 49 18 45X |
De Soldaat Dy't Weromkaam, yn it oarspronklike Nederlânsk: De Soldaat Die Terugkwam, is in roman fan 'e yn Feanwâlden berne Nederlânske skriuwer Theun de Vries (1907-2005). It is in histoaryske roman, dy't it ferhaal fertelt fan in Frânsk soldaat út 'e sechstjinde iuw dy't nei jierren fan ôfwêzigens sterk feroare nei wiif en bern weromkeard. De Soldaat Dy't Weromkaam waard foar it earst útjûn yn 1980. De Fryske oersetting fan Dick Eisma ferskynde yn 2003.
Eftergrûn
Neffens in oantekening fan syn hân, efteryn it boek, hat De Vries De Soldaat Dy't Weromkaam basearre op wiere foarfallen. François de Pitaval (1673-1743 wie in Frânsk jurist te Lyon, dy't by syn libben in samling ferslaggen fan nuveraardige kriminele prosessen útjoech. De Dútske dichter en toanielskriuwer Friedrich von Schiller (1759-1805, dy't in grut leafhawwer wie fan detektiveferhalen, bewurkmastere de earste Dútske oersetting fan Pitaval syn wurk (yn dielen, 1782-1794). Ut dy oersetting publisearre it Insel Verlag te Leipzig yn 1910 in blomlêzing troch Paul Ernst "yn trije alderaardichste dieltsjes", neffens De Vries. Dêryn (dl. 2, s. 331-359) fûn De Vries it ferhaal oer Martin Guerre, dat er as útgongspunt naam foar dizze roman. Hy skreau De Soldaat Die Terugkwam yn 1978 en 1979. It waard foar it earst útjûn yn 1980, as ûnderdiel fan De Blinde Venus: Twee Romances, tegearre mei De Merrie. Yn 1987 waard it werútjûn as selsstannige roman.
Ynhâld
De Soldaat Dy't Weromkaam spilet yn it sechstjinde-iuwske Frankryk, dat doedestiden ferskuord waard troch folksopstannen en godstsjinstoarloggen. Yn in lyts doarpke oan 'e rivier de Garonne, yn 'e Languedoc, moat Martin Guerre, fanwegen jildsoargen fan syn âldelju, al trouwe as er noch mar alve jier is, mei de like âlde Bertrande de Rols. Martin is in groubloedigen hont, dy't earst neat fan syn frou witte wol. Nei mear as sân jier krije se dochs in bern, in jonge, dy't Alexandre (ropnamme Sanxi) komt te hjitten. Mar dan naait Martin út en lit wiif en bern lykme-allinne en yn earmoed efter. Nei jierren komt der in feteraan troch it doarp, dy't úthâldt dat er mei Martin yn it Frânske leger tsjinne hat, en dat Martin by ien fan 'e oarloggen yn Itaalje in skonk ferlern hat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Mar nei tsien jier komt Martin Guerre werom, en docht bliken dat er beide skonken noch hat. Hy jout him wer by Bertrande en syn soan en liket wol in oar man wurden te wêzen: hy is soarchsum en leafdefol foar syn frou, wurdt in echte heit foar Sanxi en is helpfeardich en flot op 'e trie mei syn goekunde en famylje. Guon twifelje lykwols oan syn identiteit, dêrby oanfitere troch syn omke Pierre Guerre, mei wa't er in skeel oer syn heite beërf kriget. Nei in út 'e hân rûne rûzje yn 'e pleatslike herberge fynt der in gerjochtlik ûndersyk nei him plak, mar de rjochtbank befêstiget dat er Martin Guerre is. Yn it doarp broeit ûnder syn fijannen de wrok lykwols troch. Dan ferskynt der ynienen in ûnfersoarge keardel mei in houten poat op it toaniel, in alderaaklikst stik ûngelok, dy't safolle op him liket dat er syn twillingbroer wêze kind hie. Dêrmei begjint it hiele sirkus wer fannijs. Diskear stelt it gerjochtshôf yn Toulouse lykwols Martin mei de houten poat yn it gelyk, en úteinlik jout de Martin mei de twa skonken ta dat er eins fan Antoine Tilh hjit. Hy hie de echte Martin yn it leger kennen leard en dy syn identiteit oannommen om't er sels socht waard foar moard. It hie nea syn bedoeling west om 'e poppekast sa lang fol te hâlden, mar hy wie fereale wurden op Bertrande. It boek einiget frij abrupt mei Antoine Tilh syn terjochtstelling.
Fryske oersetting
De Fryske oersetting fan De Soldaat Die Terugkwam ferskynde yn 2003 ûnder de titel De Soldaat Dy't Weromkaam by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (nû. 425) te Dokkum. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Dick Eisma, en it printwurk waard dien troch Schaafsma & Brouwer, yn Dokkum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|