![](../I/Overzicht_-_Middelburg_-_20363219_-_RCE.jpg.webp)
De Seismûne oan de Baarnselaan is ien fan de fjouwer wynmûnen yn de Siuwske stêd Middelburch. De mûne is in ryksmonumint.
De Seismûne is in nôtmûne op it Seisbolwurk fan Middelburch. De rûne stellingmûne is yn 1728 boud en it is de âldste fan de noch besteande wynmûnen fan de stêd.
Nei de novimberstoarm fan 1940 fertutearzge de mûne. Sûnt 1955 krige de gemeente de mûne yn it besit en waard it mitselwurk wer yn oarder makke. De mûne stie lykwols stil en yn jannewaris 1968 ûntstie brân, dy't aldergelokst op 'e tiid dwêste wurde koe. Sûnt 1974 kin de mûne wer draaie en nei de restauraasje fan de jierren 2000-2001 is de mûne ek wer ree om te meallen. By dy restauraasje waarden de fûneminten fûn fan in noch âldere mûne. De mitsele blokken dêr't ea in standertmûne op stie, binne tegearre mei dielen fan de âlde roeden ferwurke yn in bank njonken de mûne.
De flecht fan de mûne is likernôch 26 meter en de roeden hawwe âldhollânsk hekwurk.
Sjoch ek de oare wynmûnen yn de stêd
- De Hoop (Vlissings Bolwerk)
- De Koning (Veerseweg 80)
- Ons Genoegen (J.H. Huyssenstraat)
Keppeling om utens
- (ned) De Seismûne op de Nederlânske Mûnedatabase
- (ned) De Seismûne op de side fan "De Hollandsche Molen"
- (ned) De mûne op de side fan Rykmonuminten
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Seismûne fan Wikimedia Commons. |