De Sang fan Hiawatha | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Song of Hiawatha | |
auteur | Henry Wadsworth Longfellow | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos | |
1e publikaasje | 1855 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Sang fen Hiawatha | |
publikaasje | 1904, It Hearrenfean | |
útjouwer | Miedema | |
oersetter | Jan Jelles Hof |
De Sang fan Hiawatha, yn it oarspronklike Ingelsk: The Song of Hiawatha, is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaanske dichter, skriuwer, oersetter en heechlearaar Henry Wadsworth Longfellow (1807-1882). It is loskes basearre op 'e foarâlderlike leginden fan 'e Odjibwa en oare Yndiaanske folken, kombinearre mei ynspiraasje troch en opboutechnyske eleminten út it Finske Kalevala-epos. Yn sentimint, útsjoch, gedachteguod en withoefolle oare mêden is De Sang fan Hiawatha lykwols tige by tige in produkt fan 'e Amerikaanske romantyske literatuer, ynstee fan dat it de Yndiaanske mûnlinge tradysje of Jeropeeske ynfloeden fertsjintwurdigje soe. It gedicht waard foar it earst útjûn yn 1855, en wie sa súksesfol dat Longfellow berekkene dat er der yn 1857 al 50.000 eksimplaren fan ferkocht hie. It waard fan 1901 oant 1904 yn it Frysk oerset troch Jan Jelles Hof.
Eftergrûn
De Sang fan Hiawatha is in frije bewurking fan 'e leginden en etnografy fan 'e Odjibwa (ek wol bekend as de Tsjippewa) en oare Yndiaanske folken, sa't dy festlein wiene yn 'e wittenskiplike publikaasje Algic Researches, út 1839, fan 'e Amerikaanske etnograaf en Yndiaanske agint Henry Rowe Schoolcraft. Dat der nochal wat flaters yn it wurk slûpen binne (bgl. op it mêd fan 'e wurden út it Odjibwa en guon oare Yndiaanske talen dy't Longfellow oanhellet), is foar in part te witen oan it feit dat Schoolcraft, dy't foar Longfellow in suver eksklusive boarne foarme, gauris soargeleas mei details omsprong. Teffens blykt út dizze flaters wat der bart as immen wurden en begripen brûkt wylst er ûnbekend is mei de kulturele kontekst.
De grutste flater gie lykwols it personaazje fan Hiawatha sels oan, dy't yn it gedicht Longfellow syn foarm fan 'e nommele wylde is. Longfellow wie oarspronklik fan doel west om syn held fan Manabozho te neamen, de namme dy't yn syn tiid ûnder de Odjibwa besuden de Grutte Marren yn gebrûk wie foar de mytologyske trickster (oftewol grapmakker; troch blanke misjonarissen ornaris lykslein mei de duvel). Mar op 28 juny 1854 skreau er yn syn deiboek: "Wurkje oan 'Manabozho'; of, sa't ik leau dat ik it mar neame sil, 'Hiawatha' — mei't dat in oare namme foar itselde personaazje is." It probleem is dat Hiawatha nèt in oare namme foar Manabozho wie; dat wie in misfetting dy't Longfellow fan Schoolcraft oernommen hie. Ynstee wie Hiawatha in histoaryske persoan, dy't earne tusken 1450 en 1600, mar yn elts gefal foar't der kontakt makke wie mei Jeropeänen, belutsen wie by de oprjochting fan 'e Irokeeske Konfederaasje, yn it gebiet beëasten de Grutte Marren, yn wat no de Amerikaanske steaten New York en Pennsylvania binne. Hiawatha wie dus gjin Odjibwa (wat in Algonkwynsk folk is), mar in lid fan ien fan 'e Irokeeske folken (de Oneida, Onondaga, Seneka, Kajûga en Mohôk). Troch Longfellow syn gedicht, lykwols, waarden der doarpen, skoallen, treinen en in tillefoanmaatskippij súdwestlik fan 'e Grutte Marren nei Hiawatha ferneamd, yn in krite dêr't nea gjin Irokezen taholden hawwe.
De Sang fan Hiawatha is skreaun yn trocheyske tetrameter, itselde metrum as it Kalevala, it Finske epos dat troch Elias Lönnrot rekonstruëarre waard op grûn fan oerlevere fragminten en folkspoëzij. Longfellow hie wat Finsk leard doe't er op syn Jeropeeske reis fan 1835 in skoft yn Sweden trochbrocht hie, mar foar 't neist wied er dêr tweintich jier letter it measte al wer fan fergetten. Ynstee fan 'e oarspronklike ferzje fan Lönnrot brûkte er dêrom in Dútske oersetting fan it Kalevala, fan Franz Anton Schiefner. De trochee (in fersfoet fan in beklamme folge troch in ûnbeklamme wurdlid) is in ritme dat foar it Finsk like natuerlik is as de jambe (in fersfoet fan in ûnbeklamme folge troch in beklamme wurdlid) foar it Ingelsk (en Frysk). Troch dat metrum oer te nimmen foar De Sang fan Hiawatha joech Longfellow syn gedicht dus in keunstmjittich oanfielend ritme dat it Kalevala yn it Finsk net hat. De reden dêrfoar wie wierskynlik dat er it Yndiaanske ferhaal in eksoatyske sfear jaan woe.
Ynhâld
De Sang fan Hiawatha spilet by de saneamde Pictured Rocks, in lokaasje oan 'e súdigge fan 'e Boppemar, dy't as dekôr tsjinnet foar in protte fan 'e Odjibwa-ferhalen oer Manabozho. It gedicht is ferdield yn in ynlieding en 22 haadstikken, en Hiawatha sels ferskynt pas op it toaniel yn haadstik III. Yn haadstik I wurdt ferhelle hoe't de berte fan Hiawatha foarsein wurdt troch in machtich fredebringend lieder dy't fan Gitche Manito hjit. Haadstik II wurdt foarme troch de leginde fan 'e kriger Mudjekeewis, dy't de Heit fan 'e Fjouwer Winen waard troch de Mishe-Mokwa, de Grutte Bear fan 'e bergen, te deadzjen. Yn haadstik III falt "yn in tiid bûten minskewitten" de frou Nokomis fan 'e moanne ôf nei de ierde ta. Hja skinkt it libben oan Wenonah, dy't opgroeit ta in tsjeppe jongfaam. Nokomis warskôget har om har net ferliede te litten troch Mudjekeewis, de Westewyn, mar it fanke harket net nei har mem en slacht dochs mei Mudjekeewis om. Se wurdt swier en kriget dan in soan, dy't se Hiawatha neamt.
Yn 'e folgjende haadstikken belibbet Hiawatha berne-aventoeren, wurdt er fereale op Minnehaha, de leafde fan syn libben, striidt er tsjin en deadet er úteinlik de kweade tsjoender Pearel-Fear, fynt er it skrift út, ûntdekt er hoe't men nôt ferbouwe kin, ensfh. It gedicht beslút mei de oankomst fan in bjirkebastene kano yn it doarp fan Hiawatha, dêr't "de gebedspreester, it bleekgesicht" yn sit. Hiawatha hjit him hertlik wolkom, en de "Swartmantel" begjint it evangeelje te preekjen. Nei't er syn folk op it hert drukt hat en harkje goed nei de man, set Hiawatha yn syn kano ôf nei it westen om nea werom te kearen.
Fryske oersetting
The Song of Hiawatha waard ûnder titel De Sang fen Hiawatha yn it Frysk oerset troch Jan Jelles Hof (1872-1958), dy't dêrfoar gebrûk makke fan it pseudonym Jan fan 'e Gaestmar. It gedicht waard tusken 1901 en 1904 yn dielen publisearre yn it tydskrift Forjit my net. Neitiid waard it yn 1904 nochris yn boekfoarm útbrocht by útjouwerij Miedema, op It Hearrenfean, mei in neiskrift fan 'e oersetter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side. |