De Pomp | ||
Grifformearde tsjerke | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 453 (2022) | |
Oerflak | 18,37 km², wêrfan: - lân: 18,17 km² - wetter: 0,20 km² | |
Befolkingsticht. | 377 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 18' N 6° 11' E | |
Offisjele webside | ||
www.kollumerpomp.eu | ||
Kaart | ||
De Pomp (Frysk en Pompstersk; Nederlânsk, Frysk en offisjeel: Kollumerpomp) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Pomp leit noardlik fan Augsbuert-Lytsewâld, noardeastlik fan Kollum, westlik fan Warfstermûne, súdeastlik fan Ingwierrum en besuden it Lauwersmar. De doarpskearn leit oan de Foijingawei.
De Pomp hat 453 ynwenners (2022).
Skiednis
Kollumerpomp is in streekdoarp oan de om 1315 hinne oanleine âlde dyk dy't yn 1529 in slieperdyk waard doe't om it Nijkrúslân in nije dyk oanlein waard. Dêrnei is der bebouwing kaam yn de buert fan de yn de 15e iuw oanleine dûker yn 'e dyk (de pomp). De Pomp hat hiel lang in buorskip west fan Kollum, mar hat tsjintwurdich de status fan doarp. De bebouwing ûntstie yn it begjin benammen oan de súdkant fan de dyk, mar nei de oarloch wreide it doarp him benammen oan de noardkant fan de dyk út.
Kollumerpomp hearde oant de gemeentlike weryndieling yn 2019 by de gemeente Kollumerlân.
Taal
Yn De Pomp wurdt in Nedersaksysk Grinslanner dialekt sprutsen dat in soad Fryske ynfloeden hat. It Pompstersk wurdt noch sprutsen troch in 200 minsken en wurdt sterk mei útstjerren bedrige.
Plaknamme
Yn 2021 mochten de ynwenners fan it doarp in kar meitsje tusken de twa Frysktalige plaknammen: de eardere namme De Pomp of de sûnt de 20e iuw wenstige namme Kollumerpomp. It doarp hat keazen foar de lêste. It slút dêrmei oan by de nammen Kollum en Kollumersweach.
Mienskip
It doarpshûs fan De Pomp hjit It Trefpunt. Boppe De Pomp leit it rekreaasjepark Kollumeroard.
Tsjerke
Yn 1906 waard yn it doarp in Grifformearde tsjerke sûnder toer setten. Kollumerpomp hie sûnt 1984 ek in russysk-otterdoks tsjerkje yn in omboude skuorre. De oan de hillige Pantaléon wijde tsjerke waard stifte troch Frans Lucassen. Tsjinsten wiene yn it Nederlânsk en somtiden ek yn it Frysk. De Pantaléontsjerke ferhûze yn 2010 nei de Karmel fan Drachten, mar waard yn 2019 sletten.[1]
Skoalle
'De Wegwijzer' wie de kristlike skoalle fan it doarp en waard yn 2023 sletten. Ynwenners fan 'e Pomp stjoere de bern sûnt nei skoallen yn Kollum, Ingwierrum of Aldwâld.[2]
Gebouwen
- Op de Nije- of Bûtendyk stiet it saneamde kontribúsjehûske dat it wetterskip Seediken Kontribúsje Kollumerlân en Nijkrúslân dêr yn 1828 bouwe liet. It waard brûkt as stoarmwachtershûske en foar it hâlden fan gearkomsten.
- It doarp hat ek in út 1845 stammende wettermûne, de Westermûne.
- Doarpshûs 'Trefpunt'
- Kontribúsjehûske
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|