De Pein
Grifformearde tsjerke
Grifformearde tsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Smellingerlân
Sifers
Ynwennertal1.730 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak9,13 km², wêrfan:
- lân: 8,13 km²
- wetter 0,99 km²
Befolkingsticht.21 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 7' N 6° 23' E
Lokaasje fan De Pein (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Lokaasje fan De Pein (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân
Offisjele webside
Doarpsplein De Pein
Kaart
De Pein (Fryslân)
De Pein

De Pein (ek wol Drachtster Pein) is in doarp noardwest fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân. By De Pein hearre ek de buorskippen De Kletten, Nytap (grutste part) en de streek It Swartfean yn it noardlik part fan de himrik, boppe de N31.

De Pein hat 1.730 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis

De Pein is earne tusken 1100 en 1400 ûntstien, op de ein fan in sânrêch dêr't ek Aldegea en Nyegea op lizze. De delsetting, yn 1439 Aldgha Wp an endde neamd, lei op 'e ein fan de himrik fan Aldegea op it plak dêr't de sânrêch yn it fean dearûn. Yn 1477 waard it Opperynde neamd doe't der fernijd waard dat it doarp in pastoar krige.

Yn 1484 kaam it doarp foar as Ypeynde, yn 1529 waard it yn it Frysk Opeyn neamd. Letter yn dy iuw komt de namme Epein op in kaart foar. Yn 1508 waard foar it earst de gemeentenamme taheakke, Smallingeropeynd, soks om it plak te ûnderskieden fan 'e Grinzer Pein (Opende) en Opeinde yn Achtkarspelen, dat letter de namme De Harkema krige. De moderne Fryske stavering is in ynkoarting fan wat yn 1840 noch Op 'e Eyn wie.

De midsiuwske Salvatortsjerke

De oarspronklike kearn fan 'e Pein lei eastliker by Nijtap, dêr't noch it âlde tsjerkhôf leit. Yn 'e rin fan de tiid wreide it doarp him nei it west út en waard it in typysk weidoarp. By de oarspronklike kearn stie oant 1910 ek de oan Salvator wijde midsiuwske tsjerke fan 'e Pein.

Yn 1882 waard útein set mei it graven fan it Peinder Kanaal. In foarrinner fan dat kanaal wie it saneamde Juffersgat, in lyts kanaaltsje dat it oerstallige wetter fan it Smeliester Sân offiere moast en foar dat doel te min kapasiteit hie. It nije kanaal soarge ek foar mear ferkear en sa ûnstie folle westliker fan it âlde doarp in nij sintrum by de brêge. Yn 1909 waard ek de midsiuwske tsjerke ferfongen troch in nije herfoarme tsjerke tusken it âlde en it nije doarp. It âlde tsjerkhôf bleau bestean en dêr stiet hjoed-de-dei noch ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.

Tusken 1896 oant 1948 lei De Pein oan it spoar fan Drachten nei Burgumerdaam. Foar it earst waard it foar de bewenners makliker om, oars as mei hynder en wein, mei de tram de bûtenwrâld te ferkennen.

Oarlochsmonumint

Yn de Twadde Wrâldoarloch stoartten der by De Pein twa alliearde fleantugen del. Yn 'e moarntiid fan 27 july 1942 waard in Lancaster fan de Royal Air Force troch in nachtjager fan de Ljouwerter basis delhelle. Fjouwer manlju oerlibben de crash op it Swartfean net. Trije fan har lizze op it hôf fan 'e Pein, de fjirde waard net fûn, mar wurdt betocht mei in monumint by de skoalle fan 'e Rottefalle. Op 26 novimber 1943 stoartte noardlik fan it doarp in oansketten bommesmiter fan de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften del, wêrby't seis fan de tsien manlju ferstoaren. It doarp betinkt de slachtoffers mei it monumint 'Freonen foar Altyd' oan de Reinder de Vriessingel.[3] In twadde oarlochsmonumint betinkt de acht ynwenners fan 'e Pein, wêrûnder ek de trije deasketten manlju by in razzia op de pleats oan de Legauke 11.

Sûnt 1892 hie it doarp ek in molkfabryk, dy't yn 1913 troch nijbou oan 'e Iendrachtsingel ferfongen waard. It molkfabryk fusearre mei dat fan Gerkeskleaster en waard yn 1986 sletten Yn 2007 folge de sloop. Oan 'e Iendrachtsingel stiet ta neitins fan it fabryk in lyts monumint, dat in ûntwerp fan Anne Woudwijk is.[4] In oare grutte ûndernimming op 'e Pein waard de gersdrûgerij, dy't der ek no (2023) noch jimmeroan stiet.

Kommisjewei

De diken wiene nei de oarloch noch altiten foar in grut diel net ferhurde en it duorre noch oant 1949 doe't de Kommisjewei befluorre waard. Mei de foltôging fan de Wâldwei yn 'e jierren 1970 ferbettere de ferskearssitewaasje foar it doarp en koe it tanommen trochgeande autoferkear om it doarp hinne.[5] Súdlik fan de Kommisjewei ûnstie nei de oarloch ek nijbou.

Nijtap 3, it âldste hûs fan 'e Pein

Yn 2018 waard er út ein set mei de bou fan in nije wenwyk yn de fjilden mei de namme Peinder Mieden. De bewenners fan De Peinder Mieden sille de natuer om harren hûs en hiem mei beheare en sille dêrby holpen wurde troch 'grutte gerskers'. It gebiet leit besuden de Hegewei oant buorskip De Kletten ta.

Klokkestoel út 2007

Sûnt 2007 stiet op it begraafplak by it krematoarium De Wâldhôf in twadde klokkestoel. Yn desimber 2010 waarden der trije nije klokken yn hongen mei de Fryske nammen Piter (de heiteklok), Marije (de memmeklok, ferneamd nei de histoaryske klok op it Noarderbegraafplak) en Sint-Marten.[6]

Mienskip

Op 'e Pein stiet it doarpshûs De Wringe. It Brechje is de doarpskrante fan De Pein. Doarpsbelang rêdt him mei de belangen fan it doarp. De Pein hat foar de organisaasje fan feesten en evenminten in Aktiviteitenkommisje.

Peinder Kanaal rjochting De Leien

Tsjerken

De Wikipedy hat ek in side Hersteld grifformearde tsjerke De Kandelaar (de Pein).
De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (De Pein).

Skoalle

De iepenbiere basisskoalle De Bernebrêge en de kristlike basisskoalle It Maitiidslibben fan 'e Pein en de kristlike De Gielguorde yn 'e Tike fusearren yn 2016 ta de gearwurkingsskoalle De Leister Igge. De basisskoalle fan de twa doarpen stiet op 'e Pein.

Ferienings

Brêge oer it Peinder Kanaal mei it keunstwurk 'Brêge foar de fûgels' fan Ids Willemsma

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Pleats mei earrebarrenêst oan de Kommisjewei 52

Befolkingsferrin

Jier1840195419591964196919732004201220152020
Ynwenners412107710921160121513411760167316011663

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Berne yn De Pein

Eveneminten

  • Doarpsfeest (septimber)
  • Sint-Tomaslieden (op it âlde tsjerkhôf, ein desimber)

Strjitten

Alle strjitten fan De Pein.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gildemacher, Karel F. (2007). Friese plaatsnamen: alle steden, dorpen en gehuchten. Ljouwert, Friese Pers/Noordboek.
  • Geschiedenis van Opeinde, van smellingera-land.jimdo.com
  • Canon van de geschiedenis van Smallingerland, Smelne's Erfskip
  • Historische Atlas Friesland, útjouwerij Robas Producties 1990

Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.