Einekoai yn De Lytse Geast

De Lytse Geast is in buorskip yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Hy leit op in sânkop sawat twa kilometer east fan Ljouwert en oardel kilometer súdwest fan Tytsjerk.

De buorskip bestiet no út in fyftichtal huzen en pleatsen. De Lytse Geast hat in eigen buertferiening mei de namme Wol en wee. Foar nije ynwenners is in map oanlein mei ynformaasje oer alle wenten en har bewenners.

Beskriuwing

'De Lytse Geast' betsjut "lytse sânkop", hy leit op in sânrêch mids in earder feangebiet. De omkriten fan De Lytse Geast besteane foar it grutste part út greiden. Fuort besuden derfan leit it net foar publyk tagonklike natoergebiet de Ketelersmar, dat beheard wurdt troch It Fryske Gea. Dêr flakby leit de Mulderskoai, ien fan de beide einekoaien fan de buorskip - de oare, dy't de Casteleinskoai hjit, leit bewesten De Lytse Geast. De buorskip is ferbûn mei Tytsjerk troch in wei dy't lokaal bekend stiet as de Geastmerdyk.

Skiednis

Undersyk troch de Fryske amateur-archeolooch Ealse Wadman (1926-2008) hat oantoand, dat op de sânrêch dêr't De Lytse Geast op leit 7.000 oant 8.000 jier ferlyn al minsken wienen. Dy sânrêch lei doe lykwols al mids it wetter: it fean deromhinne is pas letter ûntstien. Wadman fûn resten fan in tydlik kamp fan jager-samlers, dêrûnder in grut tal fan fjoerstien makke ark. Ek út de tiid fan de opkomst fan de lânbou yn dat gebiet, likernôch 3.000 jier ferlyn, waarden bewenningsspoaren oantroffen.

In soad fan de stikken lân om De Lytse Geast, dat syn namme al yn de Midsiuwen hie, bestienen ea út moerassen. By 't winter kamen grutte stikken dêrfan ûnder wetter te stean, wat in soad oerlêst joech. Yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw waard begûn mei it ûntginnen fan dizze kontreien en mei ferbettering fan de wegen. Der kaam ek in bestimmingsplan, dat foarseach yn in útwreiding fan it tal huzen yn de buorskip. Doe't de gemeente Tytsjerksteradiel him realisearre hie dat fergrutting fan it ynwennertal in tal djoere foarsjennings needsaaklik meitsje soe, waard lykwols besletten om de bouplannen stil te setten.

Oant de santiger jierren fan de tweintichste iuw wurke de befolking fan De Lytse Geast foar it meastepart yn de lânbou en yn de bou. Yn dy tiid sieten yn de buorskip ek noch in winkelman en in bakker. Wyls wenje der ek forinzen, al binne de ynwenners fan De Lytse Geast - dy't Geastmers neamd wurde - mei in soad dingen noch op Tytsjerk rjochte.

Keppelings om utens

Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.