Wetterskip De Lauwers yn Gryptsjerk is in earder wetterskip yn de provinsje Grinslân, dat bestie fan 1870 oant 1987.
It wetterskip beloech 138 ha en lei bewesten Pitersyl op it "eilân" tusken de Alde Lauwers en it Syldjip – in part benoarden de Lauwerswei hearde net by it wetterskip. Oan de Lauwerswei wie in mûne dy't útsloech op de Lauwers.
De Gryptsjerk yn de namme ferwiist nei de namme fan de doetiidske gemeente. De krite wurdt tsjintwurdich beheard troch it wetterskip Fryslân.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.