De Klok wie in wykblêd dat tusken 1888 - 1913 ferskynde. It begûn as wykblêd foar de Folkspartij yn de distrikten Skoatterlân en Wolvegea en waard letter it orgaan fan Geart Lourens van der Zwaag, dy't jierren de redaksje fierde en de measte artikels skreau.

Der wienen mear as 1000 abonnees en de ynfloed yn de Súdeasthoeke wie grut. De Klok foarme in frije tribune dêr't alderlei klachten oan de oarder kamen. De ideeën fan it frije sosjalisme fûnen wjerklang. Doe't Van der Zwaak lid fan Deputearre Steaten waard (1907), krige hy W.Havers neist him as redakteur. It blêd koe him stees dreger hanthavenje, wie noch efkes blêd fan it Lânarbeidersbûn (1911-1913) en ferdwûn doe.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.