De Kampen is in buorskip westlik fan Wytmarsum en súdeastlik fan Penjum yn de gemeente Súdwest-Fryslân, foarhinne Wûnseradiel.
De namme komt ek foar as Kampen, Aggemastate op de Campen, oppa Campen en Kam. De betsjutting is in 'kampe lân'.
Yndertiid stie dêr de Aggemastate oan de Penjumer Feart. Op it stee stiet hjoed-de-dei in pleats. De wenten fan de buorskip steane oan de Kamperwei.
Berne
- Bouke van der Kooij (1947), ûndernimmer, VVD-politikus en heechlearaar.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.