De Kúnder | ||
Alde riedhûs | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Stienwikerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 790 (2021) [1] | |
Oerflak | 13,10 km² wêrfan 12,88 km² lân 0,21 km² wetter | |
Befolkingsticht. | 61 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 47' N 5° 50' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan De Kúnder |
De Kúnder[2] (Nederlânsk en offisjeel: Kuinre; Stellingwerfsk: De Kuunder) is in plak yn de gemeente Stienwikerlân yn de provinsje Oerisel. It plak lei eartiids oan de mûning fan de rivierkes De Tsjonger dat troch de Stellingwervers De Kuunder neamd wurdt en De Linde.
Skiednis
De âldste notysjes, dêr't sprake yn is fan Cuinder, binne fan ûngefear it jier 1100. Mooglik is it tusken 1100-1200 stifte troch Friezen. Yn 1196 waard it troch Willem I fan Hollân ferwoaste en yn 1204 oan de biskop weromjûn. De hearen fan De Kúnder waarden letter selsstannige greven. Yn 1531 waard it beliend mei de Hollânske besittings yn Eastersee en mei it gerjocht yn Monnikedaam. Yn ± 1400 steunde De Kúnder de Skieringers tsjin Albrecht fan Beieren; yn 1407 kocht biskop Freark fan Blankenheim de hearlikheid as útfalspunt foar optreden tsjin Fryslân.
Yn de tiid fan de Tachtichjierrige Kriich waard in skâns oanlein, ien fan de ferdigeningswurken oan de Sudersee. Mei de oanlis fan de wuk Overhavendijk binne yn 2005 dielen en grêven werom fûn.
De Kúnder wie oant 1973 in selsstannige gemeente en gie doe op yn Iselham. Sûnt 2001 is it in ûnderdiel fan Stienwikerlân. Oan de râne fan De Kúnder leit de Kúnderbosk. Op De Kúnder stiet de eardere waach út 1776 en de eardere wettertoer út 1933 mei de status fan ryksmonumint.
De ferlerne haven fan De Kúnder
De Kúnder wie in fiskers- en havenplakje, mar dat feroare mei de oanlis fan de Noardeastpolder. De Noardeastpolder waard foar in grut part, yn striid mei de Suderseewet, daliks oan it besteande lân (Oerisel) fêstlein, sûnder rânemar dertusken; in beslissing dêr't men letter in soad spyt fan krige. Sa koe it barre dat De Kúnder 'as in fisk op it drûge' finzen yn it lân te lizzen kaam. De haven en oanlissteigers lizze sûnt dy tiid op it lân. De steiger leit yn Oerisel, de greide derfoar leit yn Flevolân.
De Kúnderboarch
Ek yn de greiden en bosken flak foar De Kúnder yn Oerisel lizze no op it drûge de rekonstruearre oerbliuwsels fan in seerôversnêst, de earste Kúnderboarch. De hearen fan De Kúnder wienen de tûkste seerôvers fan Noard-Nederlân, te fergelykjen mei rôfridders is Sweder fan Bentheim, Herbrun fan Putten ('de gisel fan de Feluwe') en Sweder fan Voorst. Harren kastiel lei op it tige strategyske lokaasje oangeande de Hânzerûtes nei it Eastseegebiet. Keaplju út ûnder oare Danzig (Gdansk) en Hamburch waarden gauris opbrocht en foar losjild op it slot op De Kúnder fêstsetten.
Keppeling om utens
- De Kúnderburcht
- Tsjerke
- Henric de Cranestrjitte
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Stienwikerlân | ||
---|---|---|
Stêden: Follenhove • Stienwyk | ||
Doarpen: Aldemerk • Belt-Schutsloot • Blankenham • Bloksyl • Eesveen • Giteren • Kallenkote • De Kúnder • Ossensyl • Scheerwolde • Sint-Janskleaster • Stienwikerwâld • Wanneperveen • Willemsoard | ||
Buorskippen en útbuorrens: Baarlo • Baars • Barsbeek • Basse • Basserveld • Blauwe hand • De Bult • Doosje • Dinxterveen • Dwarsgracht • Eese • Heetveld • Iselham • Jonen • Kadoelen • De Klosse (foar in part) • De Krieger • De Kolk • Leeuwte • Marijenkampen • Moespot • Molenhoek • Muggenbeet • Nederland • Onna • Paasloo • Poepershoek • De Pol • Roekebosch • Ronde Blesse • Ronduite • Thij • Tuk • Westeinde • Wetering • Witte Paarden • Zuideinde • Zuidveen | ||
wizigje |