De Jakobsljedder | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | >70 n.Kr. |
De Jakobsljedder is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e aartsfaar Jakob, dat inkeld oerlevere is yn it Aldtsjerkeslavysk, as ûnderdiel fan 'e samling dy't de Tolkovaja Paleja neamd wurdt, al is dy ferzje dúdlik in oersetting fan in ferlern gien Gryksktalich orizjineel. De Tolkovaja Paleja is bewarre bleaun yn in stikmannich ûnderskate manuskripten; De Jakobsljedder bestiet yn dy manuskripten yn twa foarmen, in langerenien, dy't ornaris A neamd wurdt en oerlevere is yn trije hânskriften, en in koarteren, dy't fan B hjit en diel útmakket fan 'e grutte mearderheid fan manuskripten. De datearring fan De Jakobljedder is ûnwis, om't it teminsten twaris yngeand bewurke is. De oarspronklike joadske tekst datearret fan nei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen yn it jier 70. Neitiid is it geskrift yn 'e Byzantynske Tiid bewurke troch in kristlike redakteur, dy't hjir en dêr passaazjes mei anty-joadske polemyk tafoege en De Jakobsljedder in kristlike konklúzje jûn hat. It wurk waard nochris op 'e nij redigearre troch de oersetter dy't it om 'e njoggende iuw hinne yn it Aldtsjerkeslavysk fertaalde.
Ynhâld
De Jakobsljedder is basearre op 'e bibelske dream fan Jakob yn Genesis 28:11-19, en bestiet út sân haadstikken. It earste haadstik behannelet de dream sa't dy ek yn Genesis beskreaun wurdt, mar yn útwreide foarm, mei withoefolle tafoegings. Jakob falt yn 'e sliep en sjocht in ljedder dy't fan 'e ierde oant yn 'e himel rikt. De ljedder bestiet út tolve triemmen, en op eltse triem binne twa minsklike foarmen, dy't lykwols mar oant harren boarst sichtber binne. Oan 'e top fan 'e ljedder is in fiifentweintichste boarstbyld, skrikliker as alle oaren, en dêrboppe is God sels. Yn it twadde haadstik, dat perfoarst troch de Aldtsjerkeslavyske oersetter ynkoarte is, bidt Jakob om in útlis fan 'e dream. Yn haadstik 3 stjoert God de ingel Sariël om dy útlis ta jaan. Haadstik 4 ferhellet hoe't Sariël oan Jakob de namme Israel jout.
Yn it fyfde haadstik kriget Jakob dan einlings de troch him frege útlis. De ljedder is it tiidrek wêryn't wy libje, en de tolve triemmen binne de perioaden dêr't dat tiidrek yn ferdield is (deselde yndieling wurdt ek jûn yn it apokrife boek 2 Barûch). De fjouwerentweintich boarstbylden stelle de keningen foar dy't Jakob syn neikommelingen (de Joaden) bestride sille, en it fiifentweintichste is fan in neikommeling fan Jakob syn broer Ezau (dêrmei wurdt nei gedachten it Romeinske Ryk bedoeld), dy't de Joaden earst beskermje sil, mar him letter tsjin harren keare, harren lân ferwuostgje en harsels yn ballingskip fuortfiere sil. Haadstik 6 giet oer de komst fan 'e messias, dy't beskreaun wurdt as in kening dy't de fijannen fan 'e Joaden befjochtsje en oerwinne sil. Dan sil God rjochtdei hâlde oer de folken, en de keninkriken fan 'e Edomiten (de neikommelingen fan Ezau) en de Moäbiten sille ferdylge wurde. Haadstik 7, ta einbeslút, is sûnder mis in kristlike tafoeging, wêryn't foarsein wurdt dat de messias fannijs komme sil yn 'e foarm fan Jezus Kristus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |