De Helling | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | De Jouwer | |
adres | Syl 19/Slachtedyk 7 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 20845 |
Skipswerf De Helling is in ryksmonumint oan de Syl 19 op De Jouwer.
Hast oan de ein fan de Jouster Sylroede leit oan de kant fan de Slachtedyk de ferneamde Jouster skipswerf fan De Jong. De skiednis fan dy werf giet yn elk gefal werom oant 1653. Yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits binne noch geskriften fan histoarikus P.S. Roarda út Ljouwert fan mear as trije iuwen lyn, werom te finen.
Eartiids waarden der grutte houten skippen boud. Koggeskippen en galjoenen. Seeskippen dy't alle Europeeske wetters befarden. De seeweardige skippen farden troch de Sylroede nei de Jouster slûs en dan fierder fia de Noarder Aldewei nei de Fryske marren en fierder. It gehiel, wenhûs mei skipswerf, is typysk foar it Fryske ambacht fan jachtbou.[1]
Galery
- wenhûs
- sydoansjoch
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.