De Gids (1837)

De Gids wie eartiids yn Nederlân in progressyf-liberaal wykblêd, oprjochte yn 1837 troch Potgieter. Potgieter wie haadredakteur fan 1837 - 1866 en ien fan de aktyfste meiwurkers. Hy publisearre in protte kommentaren en fersen, faak ûnder it pseudonym W.D-s. De Gids wie yn 'e haadsaak in kritysk tydskrift mei oerset wurk en oarspronklik wurk, yllustreare en wol.
Yn 1863 waard Busken Huet by it blêd helle troch Potgieter. Al ridlik gau krige hy lykwols skeel mei Huet oer in tal artikels. De redaksje rekke ferdield yn foar- en tsjinstanders. Huet gie fuort yn 1865 en Potgieter naam ûntslach yn 1866. Stadichoan rekke it blêd doe yn 'e nederklits.

Nij elan krige De Gids mei de ynbring fan de Tachtigers, lykas Willem Kloos, Albert Verwey en Herman Gorter. Dat duorre oant 1885, doe rjochten se harren eigen tydskrift op: De Nieuwe Gids en hienen se alle romte har te fersetten tsjin de literêre elite en it konservatisme fan De Gids.

Literatuer

  • Aerts, Remieg, Piet Calis, Wiel Kusters e.a.: De Gids sinds 1837. De geschiedenis van een algemeen-cultureel en literair tijdschrift. Schrijversprentenboek 27 (De Haach, 1987)
  • Bakker, Siem: Literaire tijdschriften. Van 1885 tot heden (Amsterdam, 1985)

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.