De Geau is in feart yn de gemeente Ljouwert. De feart rint benoarden Sytebuorren yn polder De Wyldlannen. Oan de westkant rint De Greft by it marke de Lange Luts nei de Sitebuorster Ie. Oan de eastkant rint De Geau troch nei de Grutte Krite yn De Alde Feanen.

De namme De Geau jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Geeuw.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.