David Hume

David Hume (Edinboarch, 26 april 1711 – dêre, 25 augustus 1776) wie in Skotske filosoof en in skiedskriuwer yn de tiid fan de Ferljochting. Hie wie ien fan de wichtichste empiryske filosofen en syn ideeën hawwe fan grutte ynfloed west op Immanuel Kant.

Biografy

David Hume groeide op yn de buert fan Edinboarch yn Skotlân en ynteressearre him foar neat oars as filosofy en wittenskip en dat wylst syn famylje woe dat hy in jurist wurde soe. Hy reizge in soad troch Jeropa en sette him op de ein fan syn libben yn Edinboarch te wenjen. Syn wichtichste wurk , A Treatise of Human Nature, brocht er út doe 't er 28 jier wie en letter hat er wol sein dat hy it idee foar it boek al hie doe 't er 15 jier âld wie.

Filosofy

Motiven

Hume woe allegear tinzen en begripen opromje dy’t by de minsken hingjen bleaun wienen sûnt it rasjonalisme. Hy woe werom nei de wize dêr't in bern tsjin de wrâld op oansjocht. In bern is noch gjin slaaf fan gewenning, seit er, yn tsjinstelling ta in soad folwoeksenen dy’t troch harren befoardieldens mar al te gau in konklúzje foarmje. Hy kleide foaral de ‘gelaachdheid fan de ûnwittendheid’ oan. Hy fûn it spitich dat de meast frjemde teoryen troch de minsken akseptearre waarden.

Yn de ynlieding fan syn haadwurk, A Treatise of Human Nature ferklearret Hume dat wy as ridlike wêzens ek sels it ûndersykobjekt binne fan ús rede, en dat de minskwittenskip de ienige solide basis is foar eltse oare wittenskip. Mar de kennis fan dy minskwittenskip leit yn de ûnderfiningen en waarnimming; ûndersyk nei de krêft en kwaliteit fan de geast moat barre middels sekuere, eksakte eksperiminten. Want sa allinnich kin men úteinlik te witten komme hokker ‘oarsaken’ oan de basis lizze fan ús gedrach. Mar, seit Hume, eltse hypoteze dy’t har foardocht as in ultime ferklearring kin wol fuortgoaid wurde. Want inkel ûnderfining kin oan de basis lizze fan de ferklearring fan it minsklik fenomeen, erfaring dy’t wy opdogge troch de normale gong fan saken yn de wrâld, en sa'n ferklearring sil wierskynlik nea ultym en finaal wêze.

Distinksjes

Yn de filosofy fan Hume steane inkele ûnderskiedingen sintraal. De meast sintrale is de folgjende. Hy stelt dat de minske twa ferskillende foarstellingen ken: ”yndrukken”en “ideeën”. Yndrukken definiearret hy as de foarstellingen dy’t harren foardogge en har mei gruttere krêft oan de geast opdringe- hjirûnder pleatst Hume de sensaasjes, de pasjes en emoasjes, yn har “earste ferskynsel oan de siel”. Ideeën binne de earder dizenige bylden, alles útsein wat de sintugen wiernimme en wat men by dit wiernimmen fielt.

Soksoarte yndrukken en ideeën kinne sawol “inkelfâldich” as “gearstald” wêze, stelt Hume. By in simpele yndruk kin men de ûnderfining net fierder opdiele, sadat men bygelyks in kleur, geur of smaak tinkt. In komplekse yndruk kin bygelyks in appel wêze, wêroan in beskate kleur, geur en smaak eigen is, Yndrukken en ideeën lykje oerien te kommen. Bygelyks as ik myn eagen slút, kin ik my in idee foarmje fan de keamer wêryn ik bin, oerienkomstich mei de ympresjes dy’t ik opdoch wannear't ik myn eagen wer iepen doch. Komplekse ympresjes wurde nea yntegraal yn ideeën ferwurke. Oan de oare kant wurde komplekse ideeën soms ek troch de ferbylding foarme, en binne dus net hieltyd ôfkomstich fan ympresjes.

Hume neamt de ferbylding de fakulteit fan de geast dêr't men de yndrukken oantreft, ûntdien fan harren libbendichheid, sadat se har status fan ympresje ferlieze mar sûnder in idee te wurden. Dêrmei kontrastearret it ûnthâld as de fakulteit wêr't yndruk en idee tegearre komme, ideeën komme inkeld út it ûnthâld tefoarskyn middels in yndruk.

Soms stelt de minske dingen gear dy’t yn wurklikheid inkelfâldich binne. Sa ûntstean falske ideeën, ideeën dy’t net bestean yn de natuer. Op dizze manier wol Hume by al ús “ideeën” ûndersykje oft se net falsk binne.

Persoanlike identiteit

Folgens Hume kloppet ús foarstelling fan in “ik” of in “ûnferoarlike persoanlikheidskearn” ek net. De “ik” foarstelling dy’t wy hawwe is eins in opienfolging fan “inkelfâldige” “yndrukken” dy’t hielendal net op ien momint binnenkomd binne.

In stânbyld fan David Hume

Religieuske opfettings

Hume wie in agnostikus en dat hy slute it bestean fan in god net útdus net út. Yn syn An Enquiry Concerning Human Understanding analysearret hy de foarstelling fan God as in perfekt wêzen. Hy stelt dat de oarder fan de natuer it meast toanoanjouwende argumint is dat troch leauwigen brûkt wurdt om it bestean fan God te bewizen. Hume lûkt it bestean fan in god net yn twifel, mar hy brûkt it argumint om oan te toanen dat men net seker wêze kin dat god absolút goed en fermoedsoenjend is. It ienige bewiis dat men hat fan god is it bestean fan de wrâld, en yn de wrâld is it kwea en de gaos oanwêzich. En omdat wy it bestean fan god inkel as oarsaak fan de wrâld kenne, meie der gjin kwaliteiten oan god jûn wurde dy’t net nedich wienen om de wrâld te skeppen. We kennen de oarsaak inkeld troch syn gefolch en dus mei de oarsaak inkeld sjoen wurde mei de attributen dy’t it mooglik meitsje om it gefolch te produsearjen. Hume seit net dat god perfekt is, mar minsken dy’t dat wol sizze kinne dat nea bewize.

Politike ideology

In soad minsken bekôgje David Hume as ien fan de earste filosofen fan it konservatisme, njonken de “stifters” fan it konservatisme, Edmund Burke en Alexis de Tocqueville; oaren sjogge in minder fanatike ideology yn Humes filosofy, en sjogge mear in kombinaasje fan klassyk liberalisme, dêr't hy in oprjochter fan wêze kinne soe.

Wurken

  • A Treatise of Human Nature (1739 - 1740)
  • An Enquiry Concerning Human Understanding (1748)
  • An enquiry concerning the Principles of Morals (1751)
  • Dialogues concerning Natural Religion (1779)
  • History of England (1754 - 1762), yn seis dielen, dit wurk soe hûndert jier lang it standertwurk wêze oer de skiednis fan it Feriene Keninkryk.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.