Daniël Marot
Foarkant fan Paleis Kneuterdijk.

Daniël Marot (Parys, 1661 - De Haach, 4 juny 1752) wie in Nederlânske graveur en arsjitekt. Marot is ek bekend fan syn 250 gravueres, dy't brûkt binne foar behang-, damast- en meubelûntwerpen.

Biografy

Hy wie de soan fan de Frânske arsjitekt Jean Marot (1619-1679) en ien fan de Hugenoaten, dy't nei de opheffing fan it edikt fan Nantes nei De Republyk flechte. Marot kaam yn tsjinst fan kening-stedhâlder Willem III en de Fryske steedhâlders. Marot brocht de styl fan Loadewyk XIV nei Nederlân en Ingelân, en ûntwurp yn dy styl ynterieurs foar gebouwen, sa as Hampton Court Palace (spegels, meubels, pronkbêden) en tunen, sa as dy fan Paleis It Loo en Watervliet yn Felsen-Noard.

Yn 1686 fêstige Marot him yn De Haach, yn 1694 ferfear er nei Londen, útnûge troch steedhâlder Willem III. Yn 1707 kocht er in hûs yn de Sint Antoniesbreestrjitte en tusken 1715 en 1747 hie er in hûs oan de Reguliersgreft. Fan 1720 ôf wenne er oan it Noardein 164. Dêr wenne Marot oant syn dea. De keuken en de tún binne oant no ta bewarre bleaun.

Untwerpen

Gesicht op de tún fan it Loo, ûntwurpen troch Marot

Marot is ûntwerper fan:

  • Paleis It Oranjewâld
  • steedhâlderlike residinsje Ljouwert
  • ferbou Prinsessehof
  • Hûs Huguetan yn De Haach
  • Hûs Schuylenburch yn De Haach
  • de útwreiding fan it Alde Stedhûs fan De Haach
  • de tunen fan Kastiel Rosendael;
  • it grêfmonumint fan Menno van Coehoorn;
  • it grêfmonumint fan Hans Willem Bentinck yn de Herfoarme tsjerke Rhoon;
  • Paleis Kneuterdijk;
  • ferskate sealen fan Paleis Hûs te Bosk;
  • it ynterieur fan de gearkomsteseal fan de Steaten-Generaal yn 1697, en de Trevesseal;
  • in túnpaviljoen mei in ryk fersierd ynterieur efter Noordeinde 140, dat no as de Koepel fan Fagel bekend is en yn de tún fan Paleis Noordeinde stiet;

Oan Marot taskreaun

  • Hearegrêft 475 yn Amsterdam;
  • it Van Brants-Rushofje (Nije Keizersgreft 28-44) (Amsterdam);
  • de oranjery fan de Hortus botanicus Leien
  • fergulde houten kearsekroan yn de Grutte of Sint-Michaelstsjerke yn Swol.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.