Dakota-Odjibwe Stammeried
Dakota Ojibway Tribal Council
algemiene ynformaasje
ôfkoartingDOTC
nasjonaliteit Kanadeesk
type org.koepelorganisaasje
wurkmêdyntertribale gearwurking
haadkertierBrandon (Manitoba)
oprjochte1974
tal leden6 stammen
offisjele webside
www.dotc.mb.ca

De Dakota-Odjibwe Stammeried (Ingelsk: Dakota Ojibway Tribal Council, DOTC) is in regionaal yntertribaal gearwurkingsferbân fan Yndiaanske stamme-organisaasjes yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba. De leden binne stammen (yn Kanada "earste naasjes" neamd) dy't yn etnysk opsjoch itsij fan Odjibwe-, itsij fan Dakota-erfskip binne. De DOTC waard oprjochte yn augustus 1974, yn 'e stêd Brandon, mei as doel om tsjinsten op alderlei mêd te leverjen en te fasilitearjen dy't foar lytse stamme-organisaasjes op eigen manneboet net te bewurkmasterjen wiene, lykas sûnenssoarch, ûnderwiis en plysjetsjinsten, mar dêrnjonken ek om op praktyske manearen te hantlangjen, lykas mei in boekhâldkundige tsjinst. By de oprjochting hie de DOTC tsien leden; sûnt binne trije dêrfan harren eigen wei gien. De hjoeddeistige leden binne:

  • de Long Plain Earste Naasje
  • de Roseau River Anishinabe Earste Naasje
  • de Sandy Bay Earste Naasje
  • de Swan Lake Earste Naasje
  • de Birdtail Sû Earste Naasje
  • de Waywayseecappo Earste Naasje

Eardere leden wiene:

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.