De DVD, faak skreaun as dvd, yn it Ingelsk omskreaun as Digital Video/Versatile Disc, wurdt yn it Frysk ek wol dûbelskiif neamd. Om't de refleksjelaach op in dûbelskiif oars oanbrocht wurdt as op in kompaktskiif, kinne op dit stuit skiven mei maksimaal twa skriuwlagen de kant makke wurde. Op de ferzje mei fjouwer skriuwlagen kin de fabrikant in gigantysk oantal kompjûterkoaden kwyt. De skiif hat inselde grutte as de kompaktskiif.
De skriuwlaach bestiet út in spiraal, fan binnen nei bûten, fan putten (pits) en dammen (lands). By it lêzen wurdt de ljochtstriel sawol op boaiem fan de putten as op it plato fan de dammen konstant weromkeatst. Troch de sydkant fan in put wurdt it ljocht ferspraat en dan komt der dus minder werom. Sa is it ferskil tusken de nul- en de ienkoade op de skiif oanbrocht.
Hjoed-de-dei, 2007, hat de dûbelskiif yn Nederlân de fideobân al hast ferkrongen. Stees mear films dy't earder earst op fideo útkamen, komme no allinne mar op skiif út.
Nammejouwing op basis fan tal gigabytes
type dûbelskiif | namme | |
---|---|---|
ien kant | ien laach | DVD-5 |
ien kant | twa lagen | DVD-9 |
twa kanten | ien laach oan beide kanten | DVD-10 |
twa kanten | iene kant twa lagen, oare kant ien laach | DVD-14 |
twa kanten | twa lagen oan beide kanten | DVD-18 |