Yn militêre rûnten wurdt it begryp D-Day brûkt foar de dei fan oanfal of begjin fan in operaasje, ornaris ferwiist de term werom nei de lâning yn Normandje op tiisdei 6 juny 1944. Op dy dei begjinne de Alliearden oan in militêre operaasje dy't de befrijding fan West-Jeropa ta doel hawwe soe. Yn East-Jeropa teach it Reade Leger hieltyd fierder it Tredde Ryk yn. 6 juny 1944 wie in beskiedende dei foar it ferrin fan de Twadde Wrâldkriich.

It begryp D-Day

De begripen D-Day en H-Hour wurde brûkt om respektyflik de dei en de oere oan te tsjutten wêrop in operaasje wêze sil. De letters binne ôflaat fan de Ingelske wurden wêrfoar se stean: "D" foar "day" (dei) en "H" foar "hour" (oere). Der is mar ien D-Day en ien H-Hour foar alle dielnimmende troepen dy't oan de deselde operaasje dielnimme. It seit himsels dat H-Hour op D-Day plakfynt. It begryp D-Day hat gjin spesjale betsjutting.

Om D-Day of H-Hour krekter oan te jaan wurde plus- en mintekens brûkt. Sa kin de tiid foar of nei de D-Day oantsjut wurde. - betsjut foar en + betsjut nei. H-3 en D-3 betsjut dus trije oeren foar H-Hour en trije dagen foar D-Day.

Operation Overlord

Dat D-Day wurdt net spesifyk foar de alliearde oanfal yn Normandje fan 6 juny 1944 brûkt. Dat plan hie de namme "Operation Overlord" en is no de meast bekende D-Day. De lâning sels hie de namme "Operaasje Neptune".

Dy lâning soe eins op 5 juny 1944 plakfine, mar omdat it waar striemin wie, waard de lâning in dei ferset. By de plenning spile benammen it wettertij in belangrike rol.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.