brún
spektrale koördinaten
weachlingten.f.t. (gjin spektrale kleur)
frekwinsjen.f.t. (gjin spektrale kleur)
kleurkoördinaten
heksadesimaal#964B00
RGBª (r, g, b)(150, 75, 0)
CMYKº (c, m, y, k)(0, 50, 100, 41)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Brún is in kleur dy't eins itselde is as dûnkeroranje. Sadwaande makket it gjin selsstannich ûnderdiel út fan it spektrum fan sichtber ljocht of fan 'e kleuresirkel. By additive kleurminging is brún in sekundêre kleur (dy't ûntstiet troch read en grien ljocht te mingen), mar by subtraktive kleurminging is it in tertiêre kleur (makke troch syaan, maginta en giel te mingen of swart, maginta en giel, as swart beskikber is). Yn 'e skilderkeunst kriget men brún troch swart te mingen mei oranje. Kwa tinten rint brún útinoar fan bistre, dat hast swart is, oant weetgiel. Brún komt benammen yn 'e natoer in protte foar, en wurdt assosjearre mei hout, grûn, hier, trochgong, lilkens en earmoede. Yn 'e heraldyk is brún in heraldyske kleur, dy't lykwols as sadanich net algemien erkenning genietet. Yn sprekwurden seit men: sa brún as in bear, sa brún as in kastanje, sa brún as jarre of sa brún as kofje.

Assosjaasjes

Gefoelswearde

Brún komt yn 'e natoer in protte foar, wat faak resultearret yn in positive gefoelswearde. It is lykwols ek de kleur fan trochgong, wat wer negative konnotaasjes opsmyt. Neffens opinypeilings yn Jeropa en de Feriene Steaten is brún de minst favorite kleur fan 'e measte minsken, net fanwegen de assosjaasje mei trochgong, mar mei lilkens en earmoede. Hjerstmis is it lykwols in populêre kleur foar moade.

De stammen fan beammen.

Natoer

Ierde

De tinne toplaach fan 'e ierdkoarst wurdt, alteast op it drûge, fierhinne foarme troch ierde fan ferskillende tinten brún. Goede grûn besiet út rûchwei 45% mineralen, 25% wetter, 25% lucht en 5% organysk materiaal (sawol libben as dea). De helte fan 'e brune kleur komt fan 'e mineralen. Sa kleurje grûnsoarten mei in protte izer gielich of readich wylst it izer oksidearret. Grûn mei soad mangaan, stikstof of swevel wurdt dûnkberbrún of swartich wylst de stoffen stadichoan fergeane. Fruchtbere grûn is dûnkerder brún fan kleur as ûnfruchtbere; de dûnkerder kleur komt fan it fuortrotsjende deade organysk materiaal dat dertrochhinne sit. Ien fan 'e dûnkerste grûnsoarten is feangrûn, dêr't it ferrottingproses fan plantaardich materiaal troch de hege wetterstân hiel stadich giet. Dy grûn waard sadwaande yn it ferline wol drûge en as brânstof brûkt ûnder de namme turf.

Floara

By gruttere planten, lykas beammen en strûken, ferhoutet de stamme en kleuret brún. Itselde jildt foar de woartels fan sokke planten. De stammen fan gruttere beammen wurde ferseage as hout, dat foar alderhanne doelen brûkt wurde kin, bgl. as brânstof of as boumateriaal. Hout bestiet yn in grut ferskaat oan brúntinten, dy't fierhinne ôfhinklik binne fan 'e beamsoarte, de âldens en de behanneling. Ek ôfstjerrende griene fegetaasje kleuret brún.

Brún is ek de bedriuwskleur fan 'e pakketbesoargingstsjinst UPS.

Fauna

In grut tal bistesoarten hat in brune pels (sûchdieren), brune fearren (fûgels) of in brune hûd (amfibyen, reptilen en lidpoatigen). Dat komt om't brún fanwegen de kleur fan ierde, hout en ôfstjerrende fegetaasje in goede skutkleur is. Foar proaidieren, lykas de hazze, de ree, de mosk en de brune kikkert, is dat fan belang om oan predaasje te ûntkommen. Foar rôfdieren, lykas de brune bear en de wezeling, is it wichtich om proaien beslûpe te kinnen. En foar omnivoaren, lykas de brune rôt en de otter, jildt sawol it iene as it oare.

Trochgong

De trochgong fan minsken en in soad oare bisten is yn 'e regel brún, of it moat wêze dat se oanhelle binne mei de iene of oare sykte of oandwaning. De brune kleur fan trochgong wurdt feroarsake troch bilirubine, in byprodukt fan it ôfstjerren fan reade bloedsellen.

In âlde foto yn sepia.

Eachkleur

By de minske is it hawwen fan brune eagen it resultaat fan in hege konsintraasje melanine yn 'e iris, wat makket dat ljocht fan sawol koartere as langere weachlingten absorbearre wurdt. Yn grutte dielen fan 'e wrâld binne brune eagen frijwol de iennichste eachkleur dy't foarkomt. Dat is benammen sa yn Oseaanje, East-Aazje, Súdeast-Aazje, Súd-Aazje, it Midden-Easten, Afrika, de Balkan, Súd-Jeropa en it Ibearysk Skiereilân en mank de lânseigen befolking fan 'e Amearika's, Sibearje en Australaazje. Op 'e Britske Eilannen en yn Skandinaavje, Midden-, Noardwest- en dielen fan East-Jeropa komme mear blauwe en griene eagen foar as yn oare dielen fan 'e wrâld, mar ek dêr binne brune eagen yn 'e mearderheid.

Hierkleur

Brún hier is de op ien nei meast foarkommende hierkleur by de minske, nei swart hier. It wurdt feroarsaken troch in hegere mjitte fan it dûnkere pigmint eumelanine en in legere mjitte fan it bleke pigmint feomelanine. Brune eumelanine, dat resultearret yn brún hier, komt benammen foar yn Jeropa en ymmigraasjelannen as Kanada, de Feriene Steaten, Austraalje, Nij-Seelân, Sibearje en Latynsk-Amearika. Swarte eumelanine, resultearjend yn swart hier, komt benammen foar yn Afrika, Aazje, Oseaanje en mank de Yndianen. Yn 'e Westerske popkultuer jildt it stereotype fan brunettes (brúnhierrige froulju) as stabile, earnstige, skrandere en mondêne persoanen, yn tsjinstelling ta blondines (blûnhierrige froulju), dy't as kreas mar ûnnoazel sjoen wurde.

De brune (negroïde) hûdskleur fan in frou út Gambia.

Hûdskleur

In mearderheid fan 'e minskheid hat in brune hûdskleur, dy't útinoar rinne kin fan hiel licht ljochtbrún oant hast swart. In brune hûdkleur wurdt feroarsake troch melanine, in natuerlik pigmint dat yn 'e hûd produsearre wurdt yn sellen dy't melanosyten hjitte. Hûdpigmintaasje by minsken is in evolúsjonêre oanpassing dy't yn it foarste plak bedoeld is om 'e mjitte fan ultrafiolette strieling te beheinen dy't de hûd ynkringt en dy't ta hûdkanker en oare negative biogemyske effekten liede kin. It is dan ek net tafallich dat minsken yn 'e tropen de dûnkerste hûdkleuren hawwe wylst de hûdskleur nei de poalen ta almar fierder taljochtet.

In soad lju dy't in brune hûdskleur hawwe, wurde ta it negroïde ras rekkene; sokke minsken wurde ornaris oantsjut as 'swarten', hoewol't harren hûd eins net echt swart is. Ek de Dravidiërs fan it suden fan it Yndyske subkontinint hawwe in tige dûnkere hûdkleur. Mar ek guon folksgroepen dy't ta it blanke ras rekkene wurde, lykas Arabieren en lju út Súd-Jeropa en Latynsk-Amearika, hawwe in (ljocht)brune hûdskleur, en itselde jildt foar Yndianen en beskate groepen dy't ta it mongoloïde ras rekkene wurde, lykas Polyneezjers.

Blokjes karamel.

De natuerlike hûdskleur fan minsken kin dûnkerder wurde as men in soad yn it sinneljocht komt, bgl. fanwegen jins berop. Der binne lykwols ek in protte (blanke) lju dy't mei opsetsin harren hûd bruner meitsje troch te sinnebaaien of troch nei in spraytanningsalon te gean dêr't se besproeid wurde mei in brúnjend produkt.

Unifoarmen

Al sûnt de ein fan 'e achttjinde iuw is brún in populêre kleur foar militêre unifoarmen, benammen om't it in kleur is dy't rûnom beskikber is en om't soldaten dy't yn it brún klaaid binne, minder opfalle. Yn 1846 krigen de Yndyske soldaten fan it Gidskorps yn Britsk-Ynje unifoarmen dy't in gielige tint ljochtbrún wiene. Dy kleur kaam bekend te stean as khaki, fan it Oerdû-wurd foar "stofkleurich", dat weromgie op in âlder Perzysk wurd foar "grûn". Khaki foarme in treflike kamûflaazje en groeide út ta in wrâldwiid brûkte kleur foar unifoarmen. Under de Twadde Boere-oarloch (1899-1902) waard it de algemiene unifoarmkleur fan it Britske Leger, dat foartiid swarte broeken mei dêroerhinne reade jassen droegen hie. Yn 'e Feriene Steaten waarden khaki-unifoarmen foar it earst ynfierd ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch (1898), yn it Amerikaanske Leger. Letter namen ek de Amerikaanske Marine en it Amerikaanske Marinierskorps uniformen yn dyselde kleur oan.

Militêren fan 'e Amerikaanske Marine yn khaki-unifoarmen.

Polityk

De kleur brún wurdt polityk assosjearre mei it nasjonaal-sosjalisme om't it yn 'e 1920-er jierren de unifoarmkleur waard foar de Sturmabteilung (SA), de paramilitêre ôfdieling fan 'e NSDAP. De leden fan dy organisaasje kamen bekend te stean as 'brúnhimden'. Oarspronklik wie inkeld foar dy kleur keazen om't de NSDAP foar in habbekrats in grutte partij oerstallige unifoarmen fan 'e eardere Dútske koloniale troepen op 'e kop tikje koe. Neitiid waard brún op alderhanne wize brûkt om 'e nazys en harren partij wer te jaan, krekt as read foar de sosjalisten. Sa waard der sein dat men "brún stimde" as men jins stim op 'e NSDAP útbrocht. De unifoarmen fan 'e Hitlerjugend wiene brún, en it nasjonaal haadkertier fan 'e NSDAP, yn München, stie bekend as it Brune Hûs. En de Machtergreifung, wêrby't Adolf Hitler en de nazys yn 1933 yn Dútslân oan 'e macht kamen, wurdt ek wol de Brune Revolúsje neamd.

Oare assosjaasjes

  • Brúnguod is in namme foar elektryske apparaten lykas tillefyzjes, radio's en fideorecorders, dy't yn tsjinstelling ta wytguod (waskmasines, kuolkasten, ensfh.) oer it algemien net wyt fan kleur binne.
  • Brune bôle is bôle mei in ljochtbrune kleur dêr't mear weetrizels yn sitte as yn wite bôle.
  • Brúnkoal is in dylchstof dy't as branje brûkt wurdt, mar tige fersmoargjend is. It kin beskôge wurde as in 'noch net ripe' foarm fan stienkoal.
  • De brune float is yn Nederlân in oerkoepeljende term foar tradisjonele houtene sylskippen dy't brune seilen hawwe.
  • In brún kafee is in min beljochte tradisjonele kroech.
  • Yn it jargon fan junkies is 'brún' de oantsjutting foar de drug heroïne, wylst mei 'wyt' ferwiisd wurdt nei kokaïne.

Brúntinten

De wichtichste tinten brún binne: auburn, baarnd omber, baarnd sienna, bever, bêzje, bistre, Boergonje, bolus, brune sûker, brûns, buff, camel, coyote, dûnkersitroengiel, ekru, feal dûnkerbrún, feal readbrún, fealbrún, fjildfeal, foks, gielbrún, gims, goudbrún, goudgjirde, hazzenút, ierdgiel, kakaubrún, karamel, kastanjebrún (of kastanje), khaki, kofjebrún, koper, kordoba, lever, liuwetaan, mahoanje, mangel, nutebrún, okergiel, omber, readbrún, redwood, reebrún, rispinggoud, roastbrún, sânbrún, sânkleur, satynglânsgloud, seehûnbrún, sepia, sienna, sinopia, sûkelarjebrún, taan, tan, taupe, terra, Van Dyckbrún, weetgiel, wenge en woastynsân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and citations, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.