: |
Lêstekens: skrapke of komma apostrof breedteken of kapke |
De dûbele punt is in lêsteken foarme troch twa boppe-inoar pleatste punten.
Funksje as lêsteken
- Opsomming
- It giet om de trije yn de trommelholte oanwêzige bonkjes: de hammer, it ambyld en de stiichbûgel.
- Omskriuwing of taljochting
- Wylst stiene de ûntjouwings net stil: nije prosesynnovaasjes, wurkleazens en in oprinnende ynflaasje laten ta grutte ûnwissens.
- Ik gean net: ik ha wat betters te dwaan.
- Dat laat ta in konklúzje dêr’t net oan te ûntkommen is: hjir moat ûnfoech yngrypt wurde.
- Foar dizze funksje kinne jo inkeld ek kieze foar it brûken fan it stipskrapke of it gedachtestreekje, mar net altyd, lykas dúdlik wurdt yn de trije sinnen hjirnei:
- Koartsein: ik gean net, ik ha wat betters te dwaan.
- Gearfette: it idee liket my net út te fieren.
- No’t ik der dochs oan tink: wêr is dyn puntmûtse bleaun?
- Oanheljen fan de saneamde direkte rede
- Hja sei: “Nim ek wat blommen mei!”
- Hy skreau my: “Ik moat dêr wol oan taheakje dat ik my de krekte oanlieding net rjocht yn it sin bringe kin.”
Technyske notaasjes
Yn de rekkenkunde wurdt de dûbele punt brûkt as teken foar dielen.
- 168 : 3 = 56
Yn de wiskunde, spesjaal ek de mjitkunde wurdt de dûbele punt brûkt as teken om ferhâldings oan te jaan (winlik te ferlykjen mei dielen).
- a : b = c : d
In Bibelfers wurdt oanjûn troch in dûbele punt tusken it haadstik en it nûmer fan it fers. [1]
- Dat stiet yn Johannes 13 : 5.
Tiidstippen en ek tiidrekken wurde wol notearre mei in dûbele punt tusken de oeren, de minuten en de eventuele sekonden.
- Dit waard om 16:52 oere tafoege.
Taalfirtuositeit
Drs. P hat in nûmer skreaun dêr’t er it brûken fan it lêsteken yn seis kûpletten sjongerich bepraat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|