Dûane Douane | ||
algemiene ynformaasje | ||
namme folút | Dûane | |
lân | Nederlânsk | |
haadkertier | De Haach (Súd-Hollân) | |
oprjochte | 1809 | |
falt ûnder | Ministearje fan Finânsjes | |
doel | tafersjoch hâlden op yn- en útfier | |
offisjele webside | ||
www.belastingdienst.nl/.../douane |
De Dûane (Nederlânsk: Douane) is de dûanetsjinst fan 'e Nederlânske oerheid, dy't belêstge is mei it tafersjoch op ynfier, útfier en trochfier fan guod yn Nederlân. De wichtichste taken fan 'e tsjinst binne it ynjen fan dûanerjochten, it ûnderskeppen fan smokkele guod dêr't sokke rjochten net oer betelle binne en it oan 'e grins heinen fan ferbean guod dat smokkele wurdt, lykas drugs, wapens of swier fjoerwurk. Ek it bestriden fan minskesmokkel heart ta de taken fan 'e Dûane.
De Dûane waard yn 1809 oprjochte, yn 'e tiid fan it Keninkryk Hollân.[1] De tsjinst ressortearret bestjoerlik ûnder it Nederlânsk Ministearje fan Finânsjes. It foech fan 'e Dûane wurdt ûntliend oan 'e Algemiene Dûanewet, de Dûane- en Aksynswet BES en oan 'e status fan dûaniers as bûtengewoan opspoaringsamtner.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |