Cuxhaven | ||
Kugelbake, it symboal fan Cuxhaven | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Cuxhaven | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 48.562 (31-12-2022) | |
Oerflak | 161,91 km² | |
Befolkingsticht. | 300 / km² | |
Hichte | 3 m | |
Oar | ||
Postkoade | 27472–27478 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Koördinaten | 53° 51' NB, 08° 41' EL | |
Offisjele webside | ||
www.cuxhaven.de | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lizzing fan Cuxhaven yn de lânkring Cuxhaven |
Cuxhaven (Nederdútsk: Cuxhoben) is in gemeente en havenstêd yn de Dútske dielsteat Nedersaksen oan de Noardsee by de mûning fan de Elbe. It is de haadstêd fan it lykneamde distrikt Landkreis Cuxhaven. De stêd hat sa'n lytse 50.000 ynwenners.
Algemien
De stêd hat in wichtige fiskerijhaven en fiskerswerf en hat in haventsjinst foar Hamboarch en it Noard-Eastseekanaal. De stêd hat ek in feartsjinst nei Hilgelân en nei Harwich yn Ingelân. Fierder is it toerisme wichtich foar de stêd, benammen de stedsbuorren Duhnen, Döse en Sahlenburg binne populêre bestimmings foar toeristen. Ek wurdt der wol waadrinnen organisearre nei it eilân Neuwerk, dat by Hamboarch heart, sa'n 13 km benoardwesten fan Cuxhaven yn de Noardsee. Foar de toeristen wurde der simmerdeis hast alle dagen tochten mei hynder en wein nei Neuwerk oanbean. De stêd en syn foarrinner, de flekke Ritzebüttel hearde fan de 13e iuw oant 1937 by Hamboarch. De fjoertoer de Kugelbake is it symboal fan Cuxhaven en stiet op it punt dêr't de mûning fan de Elbe begjint. It stiet ek yn it wapen fan de stêd.
Namme
De earst oerlevere namme Cuxhaven komt mooglik fan it Nederdútske wurd koog (keach), dat in yndike part fan in lân betsjut. De namme komt foar as Kuckshafen (1570), Kukeshaven (1577) en Kuxhaven (1594). Dy foarmen sprekke die komôf yn werklikheid tsjin, alhoewol't om 1700 hinne de namme Koogshaven foarkomt. It earste part fan de nammen is folle âlder en is nei alle gedachten basearre op it Oergermaanske *kuk- út it Yndo-Jeropeeske *gug- "bal, bulte, heuvel"; de ferhege lizzing op de alluviale ouwer wie de oanlieding fan de namme.
It twadde part fan de namme "haven" soe ynearsten foar himsels sprekke, dochs is dêr ek wol in oare betsjutting mooglik. In komôf fan it Midnederdútske hove "binnenplak, hôf of ôffreding" of Midnederdútske hāge(n), "ôffredige lân" is ek mooglik.
Skiednis
De flekke Ritzebüttel, dat no in part fan de stêd is, hearde by it Hodelerlân, in eksklave fan it Hartochdom Saksen en letter nei de splitsing dêrfan yn 1296 fan it hartochdom Saksen-Lauenburg. Yn 1394 naam de Hânzestêd Hamboarch it Slot Ritzebüttel yn om de mûning fan de Elbe feilich te stellen. Op 4 desimber 1872 waarden de doarpen Ritzebüttel en Cuxhaven gearfoege ta it nije plak Cuxhaven. Oan 'e ein fan de 19e iuw waard it plak in wichtige haven en krige in streekrjochte spoarferbining mei Hamboarch. Op 15 maart 1907 krige it stedsrjochten yn de steat Hamboarch. Yn 1937 waard it in frije stêd yn de lânkring Stade yn de Prusyske provinsje Hannover yn it ramt fan de Grut-Hamboarch Wet. Yn 1972 waarden in stikmannich gemeenten út it buordistrikt Hodelerlân by Cuxhaven tafoege. Yn 1977 ferlear de stêd syn status as frije (Kreisfreie Stadt) stêd en fusearre mei de buordistrikten Hodelerlân en Wesermünde ta de nije lânkring Cuxhaven, wêrby't de stêd de haadstêd fan it nije distrikt waard. De stêd krige lykwols de spesjale status fan Große Selbständige Stadt, dêr't yn Nedersaksen sân stêden fan binne.
Befolkingsûntjouwing
1890 | 1910 | 1925 | 1939 | 1950 | 1960 | 1970 | 1980 | 1990 | 2000 | 2010 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
4.905 | 14.888 | 17.648 | 31.046 | 46.861 | 43.300 | 44.564 | 58.666 | 56.090 | 53.391 | 50.492 | 48.326 |
Goegrafy
Cuxhaven leit oan it noardlikste punt fan Nedersaksen en wurdt oan twa kanten troch wetter omjûn. Cuxhaven bestiet út de kearnstêd en ferskate doarpen dy't yn de gemeente Cuxhaven opnommen binne oer in reedlik grut oerflak hinne. De kearnstêd is om it âlde sintrum, it Slot Ritzebüttel en de haven hinne ûntwikkele, wylst oan de westkant in eintsje fansiden oan it wetter de badplakken Döse, Duhnen en Sahlenburg drokke toeristesintrums binne.
It heechste plak fan de gemeente is de Altenwalder Hichte mei in hichte fan 37,5 m boppe seenivo, it plak dêr't earder de Altenwalder Burg, in eardere hichteboarch, en in Aldsaksysk begraafplak wie.
Stedsyndieling
De stêd bestiet út de folgjende wiken en buorren:
- Cuxhaven mei:
- Ritzebüttel
- Musikerviertel
- Lotsenviertel
- Dobben
- Lehfeld
- Grimmershörn
- Altenbruch
- Altenwalde
- Arensch
- Berensch
- Döse
- Duhnen
- Groden
- Holte-Spangen
- Lüdingworth
- Sahlenburg
- Stickenbüttel
- Süder-/Westerwisch
Ferkear en ferfier
De stêd is mei Bundesautobahn 27 ferbûn mei Bremerhaven en Bremen. It Stasjon Cuxhaven betsjinnet de stêd fan it ferkear oer it spoar. Der is ek in militêr fleanfjild 10 km súdlik fan Cuxhaven, Fliegerhorst Nordholz.
It besjen wurdich
- Alte Liebe (Utsjochplatfoarm njonken de Hamboarger fjoertoer yn 'e haven)
- Slot Ritzebüttel
- Kugelbake
- Hamburger Leuchtturm (Hamboarger fjoertoer)
- Fischereimuseum Cuxhaven (Fiskerijmuseum Cuxhaven)
- Fort Kugelbake, in festing út de twadde helte fan de 19e iuw
- Stadtmuseum, it stedsk museum
- U-Boot-Archiv
- Wrackmuseum, dêr't wrakken fan sonken skippen útstald binne.
- Hapag-Hallen, histoaryske fearterminal dy't noch hieltyd yn gebrûk is
Ofbylden
- It riedhûs fan Cuxhaven
- Alde wettertoer
- Hamboarger fjoertoer
- Hapag-Hallen, in histoaryske fearterminal
- Loftfoto fan de stêd mei haven
Stêdebannen
- Vannes, Frankryk, sûnt 1963
- Penzance, Feriene Keninkryk, sûnt 1967
- Hafnarfjörður, Yslân, sûnt 1988
- Binz en Sassnitz op Rugen, Dútslân, sûnt 1990
- Piła, Poalen, sûnt 1996
- Vilanova de Arousa, Spanje, sûnt 2001
- Ílhavo, Portegal, sûnt 2002
- Moermansk, Ruslân, sûnt 2004
Sûnt 1987 bestie ek in stêdebân mei Nuuk, de haadstêd fan Grienlân. Omreden in gebiets- en bestjoersweeryndieling yn Nuuk waard dat yn maart 2011 beëinige.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Literatur en Einzelnachweise op dizze side. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cuxhaven fan Wikimedia Commons. |