Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Crosby, Stills, Nash & Young | ||
band | ||
De band yn 1970 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1968–1970 1973–1974, 1976–2015 | |
label(s) | Atlantic, Reprise | |
leden | ||
David Crosby † | ||
Stephen Stills | ||
Graham Nash | ||
Neil Young |
Crosby, Stills, Nash & Young is in groep fan fjouwer sjongers en lietsjeskriuwers dy ’t sûnt 1969 regelmjittich meielkoar spylje. De groep bestiet út de Amerikanen David Crosby (1941–2023) en Stephen Stils (3 jannewaris 1945), de Brit Graham Nash (2 febrewaris 1942) en somtiden de Kanadees Neil Young (12 novimber 1945). Sy binne foaral bekend fan harren close-harmony sjongen, mar sy spylje ek wol rûgere gitaarrock.
Skiednis
David Crosby komt út de band The Byrds, Stephen Stills en Neil Young út Buffalo Springfield en Graham Nash út The Hollies. Harren muzyk wurdt beynfloede troch rock, folk en country. Alle fjouwer muzikanten hawwe har eigen styl en in werkenber stimlûd. Meastentiids sjonge hja har eigen lietsjes en de oaren sjonge mearstimmich mei.
Stephen Stills spilet ferskate ynstruminten (gitaar, basgitaar, piano en oargel) Crosby en Nash spylje foaral gitaar. Harren earste sukses hienen sy yn 1969 mei it album Crosby, Stills & Nash en in toernee dat dêr op folge. Bekende lietjes op dat earste album binne Suite: Judy Blue Eyes fan Stephen Stills, Marakesh Express fan Graham Nash en Guinnevere fan David Crosby.
Letter yn 1969 kaam Neil Young der ek by en dy spile sawol gitaar as piano. Mei har fjouweren spilen sy op it Woodstock (muzykfestval) en brochten hja it album “Déjà Vu” út, mei as bekendste ferskes “Teach your Children”en “Our House” fan Graham Nash, Almost Cut my Hair fan David Crosby, Helpless fan Neil Young en Carry On fan Stephen Stills. Greg Reeves spile mei op basgitaar en Dallas Taylor op drums.
By de Kent State University yn Ohio waarden yn maaie 1970 by in demonstraasje tsjin it regear fjouwer studinten deasketten. Neil Young hat dêr in liet oer skreaun, dat sy mei har fjouweren útbrocht hawwe. Yn 1971 waarden der konsertopnamen fan in toernee útbrocht op it dûbelalbum Four Way Street. Nei dat toernee foel de groep útelkoar mei drank- en drugsproblemen en gongen de leden alle fjouwer har eigen paad. Hja spilen wikseljend as solist, duo, trio of kwartet.
De mannen begongen yn de simmer fan 1974 oan in nije tournee, mei as begelieders Tim Drummond (basgitaar), Russ Kunkel (drums) en Joe Lala (perkusje). Se hienen in soad sukses, mar der wienen ek wer nije swierrichheden op it mêd fan de persoanlike relaasjes. Tidens de optredens brûkten sy alle fjouwer in soad kokaine. Fan dy tour ferskynde fjirtich jier letter in box mei opnamen fan in konsert yn it Wembley Stadium.
Crosby, Stills en Nash kamen yn 1976 mei har trijen wer by elkoar. Sy brochten har nije album “CSN” út. De opnames foar it folgjende album “Daylight again” duorren folle langer as de bedoeling wie, omdat David Crosby wraksele mei syn drugsgebrûk. Uteindlik song hy mar op in pear ferskes mei. Der stienen twa hits op dat album, “ Wasted on the way” (Nash) en “Southern cross” (Stills). Yn 1983 makken se mei har trijen it album “Allies” dat gjin sukses waard. Yn 1986 krige David Crosby in finzenis straf fan njoggen moanne foar drugs- en wapenbesit.
Neil Young die yn 1988 mei oan de plaatopnamen fan “American Dream”. Yn de jierren njoggentich namen Crosby, Stills en Nash mei har trijen de albums “Live it up” en “After the Storm” op. Fan dy albums waard net in protte ferkocht. Yn 1999 namen se mei har fjouweren “Looking Forward” op. Het sukses wie oanlieding om wer op toernee te gean.
Ut protest tsjin de Irakynfaazje fan it regear fan George W. Bush organisearren de fjouwer mannen de Freedom of Speech toernee. Se spilen alle lieten fan it Neil Young album “Living with War”, oanfold mei lietsjes fan ûnder oaren Graham Nash (“Military Madness”) en Buffalo Springfield (“For what it’s worth”). Omdat dit konsert ek wol de “Déjà Vu tour “ neamd waard, bestie by in diel fan it publyk de ferwachting dat der âlde hits spile wurde soenen. Sommige oanhingers fan George W. Bush rûnen healwei it konsert de seal ‘ut. De lêste jierren hawwe de mannen net mear mei har fjouweren spile, wol mei har trijen. Mar yn ynterviews hawwe Nash en Young wol sein dat se it net útslute dat se yn de takomst noch wer ris mei har fjouweren spylje sille.
Diskografy
Studio-albums
Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Crosby, Stills & Nash | 29 maaie 1969 | Atlantic | Marrakesh Express, Suite: Judy Blue Eyes |
Déjà Vu | 11 maart 1970 | Woodstock, Teach Your Children, Our House, Carry On | |
CSN | 17 juny 1977 | Just a Song Before I Go, Fair Game | |
Daylight Again | 21 juny 1982 | Wasted on the Way, Southern Cross, Too Much Love to Hide | |
American Dream | 1 novimber 1988 | American Dream, This old house, Nighttime for generals, That girl | |
Live It Up | 11 juny 1990 | Live it up, If anybody had a heart (John Waite cover) | |
After the Storm | 16 augustus 1994 | ||
Looking Forward | 26 oktober 1999 | Reprise | No tears left |
Live-albums
Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
4 Way Street | 7 april 1971 | Atlantic |
Allies | 6 juny 1983 | |
Déjà Vu Live | 22 july 2008 | Reprise |
CSN 2012 | 2 july 2012 | CSN |
CSNY 1974 | 8 july 2014 | Rhino |
Kompilaasje-albums
Album | Utbrocht op |
---|---|
So Far | 19 augustus 1974 |
Replay | 8 desimber 1980 |
CSN | 15 oktober 1991 |
Carry On | 2 desimber 1991 |
Greatest Hits | 15 maart 2005 |
Demos | 2 juny 2009 |
Deja Vu Alternates |
Keppelings om utens
- (in) Offisjele CSNY site
- (in) Offisjele CSN site
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Crosby, Stills, Nash & Young fan Wikimedia Commons. |