Optocht ôbyld fan Creoda yn John Speed syn Saxon Heptarchy, 1611

Creoda (of Crida) (± 540 [1] - 593) wie de earste kening fan Mersia (584-593).

Creoda is beskreaun wurden as de soan fan Cynewald, bernsbern fan Cnebba, bernsbernsbern fan Icel; sa kaam it dat leden fan de Mersiaanske dynasty Iclingas neamd waarden. Hoewol't dat tinken docht oan Creoda as in fjirde generaasje neisiet fan de earste Angelen yn Ingelân, neame de boarnen him as earste dy't it regear oert it keninkryk Mersia hie. Ien ferklearring hjirfoar soe wêze kinne dat de Mersjanen yn 't earstoan mear nei it easten tahâlden en earst yn de tiid fan Creoda yn it gebiet dat as Mersia bekend waard bedarren.

Lykas ek by de oare Angelsaksyske keningen is der net folle oer syn libben bekend. De Angelsaksyske Kronyk neamd 593 syn jier fan ferstjerren.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Of ± 520. Google jout 148 sykresultaten foar 540 as Creoda's bertejier en 136 hits foar ± 520 .
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.