Coyote Ridge Corrections Center
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Washington
countyFranklin County
plakConnell
bysûnderheden
iepene1992
statusoperasjoneel
befeiligingsnivoleech / mid
kapasiteit2.500 (sûnt 2011)
rund trochDepartemint fan Finzenissen
   fan de steat Washington
websidewww.doc.wa.gov/.../crcc/
kaart
Coyote Ridge Corrections Center (Washington)
Coyote Ridge Corrections Center
Lokaasje yn 'e steat Washington.

It Coyote Ridge Corrections Center (CRCC, of koartwei Coyote Ridge) is in Amerikaanske finzenis yn it stedsje Connell, yn it súdlike part fan 'e steat Washington. Tegearre mei it like grutte Monroe Corrections Complex, yn Monroe, is Coyote Ridge it grutste tichthûs fan Washington.

Skiednis

It Coyote Ridge Corrections Center waard yn 1992 yn gebrûk nommen as in leechbefeilige ynrjochting. Yn 2009 kaam der in útwreiding mei in middelheech befeilige ynrjochting ree. Sûnt jannewaris 2011 hat de finzenis, dy't ûnder it bewâld stiet fan it Departemint fan Finzenissen fan de Steat Washington (Washington State Department of Corrections, WSDoC) in kapasiteit fan 2.500 detinearren.

De besikersyngong fan it Coyote Ridge Corrections Center.

Finzenisyndieling en -bewâld

Feroardiele kriminelen dy't yn 'e gruttere middelheech befeilige ynrjochting fan Coyote Ridge fêstholden wurde, sitte yn 'e regel in selstraf út fan teminsten mear as fiif jier oant libbenslang. Yn it lytsere, leechbefeilige diel fan it tichthûs sitte detinearren dy't ta fiif jier selstraf of minder feroardiele binne.

Dit leechbefeilige diel wurdt it 'kamp' neamd, mei't de gebouwen dêr in iepener karakter hawwe as de trochsneed finzenis, kompleet mei sliepgebouwen dy't net misstean soene op in universiteitskampus. De finzenen fan it kamp runne in eigen tekstylfabryk en ferbouwe grienten yn in kokentún. Guon meie ûnder strang tafersjoch oerdeis it finzenisterrein ferlitte om ienfâldige putsjes yn 'e omkriten út te fieren, lykas it opsykjen fan swerfôffal.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.