Coventry | ||
![]() | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | West Midlands | |
Greefskip | West Midlands | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 315.700 (2006) | |
Oerflak | 98,64 km² | |
Befolkingsticht. | 3.108 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1043 | |
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
Coventry |

Lizzing Coventry yn Ingelân

De ruïnes fan de katedraal fan Coventry
Coventry is in stêd (city) en in distrikt yn de West Midlands fan Ingelân. Coventry leit 153 kilometer noardwestlik fan Londen en 39 kilometer beëasten Birmingham.
Bombardemint op Coventry
Yn de Twadde Wrâldkriich, op 14 novimber 1940, waarden grutte parten fan de stêd rekke troch in Dútsk bombardemint. Ek de ferneamde katedraal fan de stêd waard doe ferwoastge. Letter yn de kriich krige Coventry mear bombardeminten te fernearen. De Sint-Michaelkatedraal waard op 'en nij boud njonken de ruïnes fan de âlde en waard yn 1962 ynwijd.
Underrjocht
Coventry hat twa universiteiten. De Universiteit fan Coventry leit op in moderne kampus yn it stedssintrum. De Universiteit fan Warwick sit 5 km besuden it sintrum oan de grins mei Warwickshire.
Stedsbyld
Panorama Coventry City
![]() Noard | ![]() Súd | ![]() East | ![]() West |
Berne yn Coventry
- Nigel Hawthorne (1929-2001), akteur
- Clint Mansell (1963), muzikus en filmmuzykkomponist
- Clive Owen (1964), akteur
- Marlon Devonish (1 juny 1976), sprinter
- Terry Hall (19 maart 1959), sjonger en muzikus (The Specials)
Stedebannen (karút)
Keppeling om utens
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Coventry fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.