Cougar is in fan oarsprong Ingelske sprektaalterm, oerwaaid út 'e Feriene Steaten, wêrmei't in frou oantsjut wurdt dy't in seksuele relaasje siket mei in man of jonge (of mooglikerwize in frou of famke) dy't mear as acht jier jonger as harsels is.[1] De oarsprong fan it gebrûk fan it wurd yn dizze kontekst (de earste betsjutting fan cougar is "poema") is net alhiel dúdlik, mar men tinkt dat it foar it earst sa brûkt is yn westlik Kanada, en dat it foar it earst yn skreaune foarm foarkaam op 'e Kanadeeske dating-webside Cougardate.com.[2] Sûnt is it wurd cougar yn dizze betsjutting brûkt yn boeken, tillefyzjesearjes, films en reklamespotsjes. De film Cougar Club, út 2007 wie alhiel wijd oan dit ûnderwerp, wylst de komeedzjesearje Cougar Town yn 't earstoan de swierrichheden en stigmatisearring behannele dêr't cougars mei te krijen hawwe (yn tsjinstelling ta âldere manlju dy't in jongere partner sykje). Cougars foarmje ek in tankber ûnderwerp yn 'e hjoeddeiske pornografy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|