Cornelis Frederiks, ek wol Cornelis Frederickszn van der Goude (16e iuw) wie in Nederlânske boumaster.

Hy wie de opfolger fan Jacob van Aaken by de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Cornelis' foargonger Van Aken liet in heal ôfboude toer efter dy't doe al slim út it lead hong. Doe't Frederiks it wurk oernaam, krige hy krektas Van Aaken by de bou fan de toer in hûs en alle jierren nije klean. Dêroerhinne krige hy salarisferheging: dêr't Jacob van Aaken noch 8 stuorren deis fertsjinne, krige Cornelis 10 stuorren. Frijwat jild foar dy tiid, dêr't in trochsneed deihiersarbeider 1 stoer deis krige. Cornelis Frederiks krige de opdracht mei om op de koers fan Van Aaken fierder te gean, dat wol sizze: gewoan trochbouwe, ek al fersakket de toer. Lang bleau dat net goed gean en nei in jier waard de bou dochs noch stillein. In soad oer it libben fan Frederiks nei syn tiid yn Ljouwert is net bekend. Wol is bekend dat hy nei it fiasko fan de Aldehou mear súkses hie troch yn 1552 de Sint Janstsjerke yn Gouda te foltôgjen.

Njonken de bou fan tsjerken wie Cornelis Fredericks ek blutsen by de bou fan sluzen. Bygelyks de Easterske Slûs, by Halfweg (Noard-Hollân) en de Maaslanderslûs by Flaardingen.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.