Cornelis Ekama (Peazens, 31 maart 1773 - Leien, 24 febrewaris 1826) wie in Frysk astronoom en wiskundige.
Libben
Cornelis wie de soan fan Jehannes Cornelis Ekema en Hendrikje Postma. Yn 1818 troude de 45 jierrige Ekama mei Suzanne Cornelia Le Poole (Leien, 1794) út Leien.
Ekama wie dûmny yn Elkersee (1796) en waard yn 1803 lektor yn de natuerkunde en seefeartkunde yn Sieriksee. Yn 1806 waard er heechlearaar wiisbegearte en astronomy yn Frjentsjer. Yn 1812 gie Ekema nei Leien en waard dêr heechlearaar astronomy en wiskunde.
Hy wie lid fan it Zeeuwsch Genootschap der Wetenschappen (1804 - 1826), de Hollandsche Maatschappij der Wetenschappen (1808) en it Bataafsch Genootschap der Proefondervindelijke Wijsbegeerte.
Ynternasjonaal besjoen wie Ekama syn bydrage oan de wiskunde beskieden, mar syn boek oer Gemma Frisius wie de earst yngeande biografy oer Frisius.
Wurk
In kar:
- Nieuwe antwoorden op de rekenkundige vraagen van H. Aeneae. Leien, Dimter en Grins, 1804
- Oratio de Frisa, ingeniorum mathematicorum imprimis fertilli. Ljouwert 1809, (Hjir online).
- Oratio de insignium, qui in scientia astronomica facti sunt progressuum fundamentis, a summis in re mathematica et astronomica viris ; partim decimo sexto, maxime decimo septimo seculo, jam praecipue jactis. Leien 1823
- Verhandeling over Gemma Frisius, den eersten grondlegger tot het bepalen van de Lengte op zee. 1825
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|