Cornelis Brandsma
politikus
echte nammeCornelis Brandsma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum10 juny 1904
berteplakSnits
stjerdatum2 novimber 1982
stjerplakHaarlim
etnisiteit Frysk
partijPvdA
Lid Twadde Keamer
amtsperioade1962-1967
Lid gemeenteried Heemstede
amtsperioade1962-1966,
1969-1974

Cornelis (Cor) Brandsma (Snits, 10 juny 1904Haarlim, 2 novimber 1982) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA, dy't fan 1942 oant 1967 aktyf wie yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal.

Hy begûn syn karriêre as útfierder yn de betonbou. Dêrnei wie er aktyf as propagandist foar it Nederlands Verbond van Vakverenigingen (NVV). Fan sa'n 1949 oant 22 juny 1956 wied er sekretaris fan de Algemene Nederlandse Bouwbedrijfsbond (ANB). Dêrnei waard er foarsitter fan dat bûn fan 22 juny 1956 oant 1 april 1964.

Op 16 oktober 1962 kaam Brandsma yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Oant 22 febrewaris 1967 wie er aktyf foar de Partij fan de Arbeid. Nei syn fuortgean út de Twadde Keamer waard er gemeenteriedslid yn Heemstede.

Brandsma wie twa kear troud en hie seis bern. Hy waard ûnderskieden as Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Brandsma wie in neef fan Titus Brandsma.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.