Cornelis Sijmen Roersma (Dronryp, 1901 - Frjentsjer, 1997) wie in transportûndernimmer en redakteur.

Cornelis S. Roersma waard berne yn Dronryp yn 1901. Yn 1925 waard er frachtrider yn Frjentsjer. Syn bedriuw ûntjoech him ta in beurttsjinst fan Frjentsjer nei Ljouwert (en oarsom) oer Skalsum, Peins, Skingen, Slappeterp, Menaam en Marssum. Foar WO II wie er bestjoerslid fan de Vrachtrijdersvereniging Leeuwarden. Teffens wie er 14 jier sekretaris fan Keatsferiening Jan Bogtstra en organisearre er goed 33 jier de jeugdkeatskompetysje fan dy feriening[1]

Nei de oarloch waard er redakteur fan it Frjentsjerter Nijsblêd fan 1945 - 1972 en keatspublisist (ek foar NOS en Algemien Deiblêd).

Fierder fersoarge er: Kent U ze nog .....De Franekers en skreau Franeker in vertellingen (1974). Hy hie ek funksjes yn it pleatslike ferieningslibben (Fryske Krite, Oranje Nasjonaal, begraffenisferiening, frijsinnich-kristlike manljusferiening), wylst hy foar party net-kristlike begraffenissen de wijing fersoarge.

Keppeling om utens

  • WorldCat.Identities. Oersjoch fan syn publikaasjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.