De Confédération Européenne de Volleyball (CEV) is it kontinintale bestjoersorgaan foar de sport follybal yn Jeropa. It haadkantoar fan de CEV is yn Lúskemboarch.

Profyl

Hoewol't de CEV pas oprjochte waard op 21 oktober 1963, wie it follybal al jierren dêrfoar tige populêr yn Jeropa. By it kongres fan 1947, dêr't de FIVB oprjochte waard, kaam de mearderheid fan de lannen út Jeropa. Nei de oprjochting fan de FIVB waarden rûnom yn Jeropa nasjonale follybalbûnen oprjochte, lykas yn Nederlân de NeVeBo dy't oprjochte waard op 6 septimber 1947 yn Amsterdam.

Follybal is útfûn yn de Feriene Steaten, mar yn it begjin wie it fral yn populêre sport yn East-Jeropa, nei't it yntrodusearre wie troch Amerikaanske soldaten ûnder de Earste Wrâldkriich. Yn de midden fan de iuw hie it follybal him al fierder ferspraat oer Jeropa. In protte technyken en taktyken binne dan ek yntrodusearre troch ferskate Jeropeeske lannen, it blokken waard bygelyks yntrodusearre troch Tsjechoslowakije yn 1938.

De lange en wichtige tradysje fan de sport yn Jeropa hat der ûnder mear soarge foar de struktuer dy't de CEV no hat, de CEV konkurrearret dêryn mei de FIVB yn omfang en folsleinens. It bûn is dan ek it grutste bûn dat de wrâld hat, ek organisearret it bûn it grutst tal jierlikse wedstriden en toernoaien. Mei yngong fan 2005 is it haadkantoar fêstige yn de stêd Lúksemboarch. De presidint fan it bûn is André Meyer.

De CEV organisearret ferskate toernoaien: foar it sealfollybal ûnder oare it Europeesk Kampioenskip, dêr't de earste edysje yn 1948 fan wie, de CEV Cup en de European League. Foar it strânfollybal wurdt troch de CEV it Europeesk kampioenskip organisearre. Fierder organisearret de CEV ek de kwalifikaasjewedstriden foar it Wrâldkampioenskip en de Olympyske Spullen. Ek wurde der ynternasjonale wedstriden organisearre mei oare oansletten follybalbûnen.

Lannen

Jeropa wurdt beskôge as it sterkste kontinint op it mêd fan it follybal. De CEV hat meastentiids mear plakken reservearre by ynternasjonale wedstriden as oare kontinintale bûnen.

Ruslân hat nei alle gedachten it meast stabile follybal program, dêr't sawol de manlju as de froulju stimulearre wurde om it heechste nivo te heljen. Itselde kin ek fan Itaalje sein wurde, hoewol't it follybal foar froulju dêr pas letter folslein ûntwikkele wie.

Servje, Poalen, Itaalje en Nederlân meie ek rekkene wurde as kontinitale krêften foar it manljusfollybal. Op in leger nivo spilje ûnder oare lannen as Bulgarije en Frankryk. Wer in nivo leger binne der lannen as Dútslân, Spanje, Grikelân en miskien ek Portegal, dy't noch wol de mooglikheid hawwe om in sterke ploech op te bouwen.

By it follybal by de froulju is de konkurrinsje wat minder, lannen as Ruslân, Servje en Itaalje wurde hast net bedrige troch oare lannen. Nêst dy trije kin Dútslân, dy't spilers helle hat út sawol West-Dútslân as East-Dútslân, sjoen wurde as in tradisjoneel Europeesk follyballân. Ek kin der rekken hâlden wurde mei lannen as Nederlân en Roemeenje en mear resintlik Poalen en Bulgarije. Dy lannen hawwe faak wat wikseljende resultaten en binne faak ôfhinklik fan yndividuele kwaliteiten fan spilers.

Oansletten follybalbûnen

Yn 2007 wiene de folgjende bûnen oansletten by de CEV:

KoadeLânBûn
ALBFlagge fan Albaanje  ALBAlbanian Federation of Volleyball
ANDFlagge fan Andorra  ANDFederació Andorrana de Voleibol
ARMFlagge fan Armeenje ARMFédération de Volleyball de la République d'Armenie
AUTFlagge fan Eastenryk AUTÖsterreichischer Volleyball Verband
AZEFlagge fan Azerbeidzjan AZEAzərbaycan Voleybol Federasiyası
BLRFlagge fan Wyt-Ruslân BLRBielorusskaia Federatsija Volejbola
BELFlagge fan Belgje BELFédération Royale Belge de Volleyball
BIHFlagge fan Bosnje & Herzegovina  BIHOdbojkaški savez Bosne i Hercegovine
BULFlagge fan Bulgarije BULBulgarska Federatsiya Volejbol
CROFlagge fan Kroaasje CROHrvatski odbojkaški savez
CYPFlagge fan Syprus CYPKypriaki Omospondia Petosfairisis
CZEFlagge fan Tsjechje CZEČeský Volejbalový Svaz
DENFlagge fan Denemark DENDansk Volleyball Forbund
ENG ENGVolleyball England
ESPFlagge fan Spanje ESPReal Federación Española de Voleibol
ESTFlagge fan Estlân ESTEesti Võrkpalli Liit
FERFlagge fan Faeröer  FROFlogbóltssamband Føroya
FINFlagge fan Finlân FINSuomen Lentopalloliitto F. Y.
FRAFlagge fan Frankryk FRAFédération Française de Volleyball
GEOFlagge fan Geörgje GEOGeorgian Volleyball Federation
GERFlagge fan Dútslân GERDeutscher Volleyball Verband
GIB GIBGibraltar Volleyball Association
GREFlagge fan Grikelân GREElliniki Omospondia Petosferiseos
GRL GRLKalaallit Nunaanni Volleyballertartut Kattuffiat
HUNFlagge fan Hongarije HUNMagyar Röplabda Szövetség
IRLFlagge fan Ierlân IRLVolleyball Association of Ireland
ISLFlagge fan Yslân  ISLBlaksamband Íslands
ISRFlagge fan Israel  ISRIgud HaKadur'af BeIsrael
ITAFlagge fan Itaalje ITAFederazione Italiana Pallavolo
LATFlagge fan Letlân LATLatvijas Volejbola Federâcija
LIEFlagge fan Lychtenstein LIELiechtensteiner Volleyball Verband
LTUFlagge fan Litouwen LTULithuanian Volleyball Federation
LUXFlagge fan Lúksemboarch LUXFédération Luxembourgeoise de Volleyball
MKDFlagge fan Noard-Masedoanje MKDOdbojkarska Federacija na Makedonija
MLDFlagge fan Moldaavje MDAFédération de Volleyball de la République de Moldavie
MLTFlagge fan Malta MLTMalta Volleyball Association
MONFlagge fan Monako MONFédération Monégasque de Volleyball
MNEFlagge fan Montenegro MNEOdbojkaški savez Crne Gore
NEDFlagge fan Nederlân NEDNederlandse Volleybal Bond
NIR NIRNorthern Ireland Volleyball Association
NORFlagge fan Noarwegen NORNorges Volleyballforbund
POLFlagge fan Poalen POLPolski Związek Piłki Siatkowej
PORFlagge fan Portegal PORFederação Portuguesa de Voleibol
ROMFlagge fan Roemeenje ROUFederaţia Română de Volei
RUSFlagge fan Ruslân RUSVserossijskaya Federatsiya Volejbola
SRBFlagge fan Servje SRBOdbojkaški savez Srbije
SCOFlagge fan Skotlân SCOScottish Volleyball Association
SLOFlagge fan Sloveenje SLOOdbojkarska Zveza Slovenije
SMRFlagge fan San Marino SMRFederazione Sammarinese Pallavolo
SVKFlagge fan Slowakije SVKSlovenská Volejbalová Federácia
SUIFlagge fan Switserlân   SUISwiss Volley
SWEFlagge fan Sweden SWESvenska Volleybollförbundet
TURFlagge fan Turkije TURTürkiye Voleybol Federasyonu
UKRFlagge fan Oekraïne UKRUkrainian Volleyball Federation
WAL WALWelsh Volleyball Association

Nasjonale kompetysjes

Klup kompetysjes

  • Champions League
  • Challenge Cup
  • CEV Cup

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.