Concord | ||
Haadstrjitte Concord | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Massachusetts | |
County | Middlesex County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.668 (2010) | |
Oerflak | 67 km² | |
Befolkingsticht. | 263 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1635 | |
Tiidsône | (UTC-5) | |
Simmertiid | (UTC-4) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside Concord |
Concord is in plak (town) yn de steat Massachusetts yn de Feriene Steaten (F.S.), sa'n 30 km bewesten Boston.
Concord hat in rol fan belang spile yn de skiednis fan de Feriene Steaten en yn de Amerikaanske literatuer.
Ut de skiednis
Concord spile in haadrol oan it begjin fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich, doe't moarnsier 19 april 1775 de earste militêre konfrontaasjes wiene tusken Amerikaanske boargermilysjes, de Minutemen, en it Britske leger. Earder dy dei dag waren er skermutselingen tusken de Amerikaanske milysjes en Britske legerienheden yn it tichteby lizzend Lexington, dêr't de Amerikanen ferslein waarden. Dêrnei gienen de Britten fierder nei Concord, dêr't fjildslach by de Alde Noardbrêge (Old North Bridge) útfjochte waard en de Amerikaanske frijheidsstriders de Britske soldaten op de rin wisten te krijen.
Concord spile ek in bysûndere rol yn de skiednis fan de literatuer fan de F.S.. De filosoof Ralph Waldo Emerson wenne yn Concord, lykas ek de skriuwers Louisa May Alcott, Margaret Sidney, Nathaniel Hawthorne en Henry David Thoreau. Thoreau wenne goed twa jier yn in houten hûske dat er sels set hie, oan it marke Walden Pond, dêr't hy syn ferneamde boek "Walden" skreau.
In protte ferneamde bewenners fan Concord binne begroeven op begraafplak Sleepy Hollow Cemetery.
It besjen wurdich
- Old North Bridge
- The Old Manse, it hûs dêr't Emerson en Hawthorne wenne hawwe.
- The Wayside, it hûs dêr't Louisa May Alcott, Hawthorne en Margaret Sidney wenne hawwe.
- Minute Man National Historical Park, it fan de US Park Service behearde nasjonale park op it plak fan de slachfjilden om Concord en Lexington hinne.
- Old North Bridge, Concord.
- "The Wayside", it hûs fan Louisa May Alcott, Hawthorne en Margaret Sidney
- "The Old Manse", it hûs fan Ralph Waldo Emerson en Nathaniel Hawthorne
- "Waldenpond" yn novimber
Ferneamde ynwenners
Bertejier | Namme | Stjerjier | Berop |
---|---|---|---|
1803 | Ralph Waldo Emerson | 1882 | Skriuwer en filosoof |
1817 | Henry David Thoreau | 1862 | Skriuwer en filosoof |
1868 | Robert Williams Wood | 1955 | Natuerkundige |
1962 | Steve Carell | Akteur en komediant | |
1969 | Paget Brewster | aktrise | |
1975 | Hal Gill | Iishokkyspiler | |
1976 | Greg Marcks | Filmmakker | |
1974 | Dean Rosenthal | Komponist |
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Concord, Massachusetts fan Wikimedia Commons. |