Compton Crook Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foarbêste Ingelsktalige romandebút
   fan SF, fantasy of horror
útrikt trochBaltimore Science Fiction Society
frekwinsje1x jiers
datumein maaie
plakBaltimore (Marylân)
1e útrikking1983
offisjele webside
www.bsfs.org/bsfsccw

De Compton Crook Award is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier oan 'e ein fan maaie útrikt wurdt oan 'e skriuwer fan it bêste Ingelsktalige romandebút fan 'e sjenres science fiction, fantasy of horror. De tawizing en útrikking fan 'e priis wurdt dien troch de leden fan 'e Baltimore Science Fiction Society (BSFS) op harren jierlikse science fiction-konvinsje Balticon, te Baltimore. De earste útrikking fûn plak yn 1983.

De priis is ferneamd nei science fiction-auteur Compton Crook, dy't skreau ûnder it pseudonym Stephen Tall; dêrfandinne dat de priis ek wol bekend stiet as de Compton Crook/Stephen Tall Award. Sûnt 2005 is oan 'e priis in jildbedrach fan $1.000 ferbûn. Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Elizabeth Moon (1989), foar Sheepfarmer's Daughter, E.E. Knight (2004), foar Way of the Wolf en Naomi Novik (2007), foar His Majesty's Dragon. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.