Cold Days
algemiene gegevens
auteurJim Butcher
taalIngelsk
foarmroman
sjenrefantasy
1e publikaasje2012, New York
oarspr. útjwr.Roc Books
rige
rigeThe Dresden Files
● foarich dielGhost Story
● folgjend dielSkin Game
kodearring
ISBN0 45 14 64 400

Cold Days is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Kâlde Dagen", mar it is in wurdboarterij, mei't it yn it Ingelsk krekt klinkt as cold daze, "ferdôving fan kjeld". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it fjirtjinde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Ghost Story. Yn Cold Days makket Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, nei syn weropstanning út 'e dea foar it earst syn opwachting yn it Winterhôf fan 'e ierdgeasten as de nije Winterridder. Cold Days waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books.

Ynhâld

Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, hat der, om it libben fan syn dochterke Maggie te rêden, yn tastimd om 'e Winterridder te wurden, de persoanlike opknapper fan smoarge putsjes fan Mab, de keninginne fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten (sjoch: Changes). Hy hat besocht om ûnder dy oerienkomst út te kommen troch himsels om hals bringe te litten (sjoch: Ghost Story), mar Mab hat him yn libben witten te hâlden. As Cold Days begjint, is Harry stadichoan oan it opbetterjen fan syn ferwûnings yn Arctis Tor, it iiskastiel fan Mab yn it Nevernever, de parallelle wrâld fan 'e ierdgeasten. Dêrby wurdt er holpen troch de kreaze fysioterapeute Sarissa, in minsklike frou dy't yn 'e skuld stiet by Mab. (Se fertelt Harry dat se in ûngenêslike genetyske foarm fan demintens hat dy't Mab mei magy ûnderdrukke kin.) Op har hiel eigen wize wurket Mab sels ek mei oan Harry syn refalidaasje, troch eltse dei in kear op ynvintive en faak bizarre wize te besykjen om him te fermoardzjen. Harry wurdt dêrtroch twongen om hurd te trainen as er it faaie libben derôf rêde wol. Underwilens kriget er as gids oan it Winterhôf de yn 'e folkloare fan Skotlân ferneamde kateftige ierdgeast Cat Sith tawiisd.

As Harry fierhinne wer de âlde is, wurdt der in grut galafeest ta syn eare holden, dat, net tafallich, lykfalt mei syn jierdei. Hy wurdt dêrhinne beselskippe troch de tsjeppe Sarissa. It feestlik barren fynt plak yn in reuseftige seal, dêr't yn iis op in ûnbidige skaal fan 8:1 Harry syn âlde appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou yn Chicago neimakke is. Sarissa fertelt him dat der twa regels binne op it brekken wêrfan't de deastraf stiet: der mei gjin drip bloed fergetten wurde en nimmen mei Mab oansprekke sûnder dêrfoar earst har tastimming krigen te hawwen.

Op it feest treft Harry ferskate âlde bekenden, mei as earste de Winterfrouwe Maeve, de dochter en erfgenamte fan Mab, mei wa't er yn it ferline ferskate kearen gedoente hân hat (sjoch û.m. Summer Knight). It is him noch net fergetten dat hja har trewante Jenny Greenteeth stjoerd hat om syn freonen Billy en Georgia op harren troudei te fermoardzjen (sjoch: Something Borrowed). No besiket Maeve Harry te ferlieden en him sa oan Mab har ynfloed te ûntlûken, mar Harry wol neat fan har witte en seit har yn it iepenbier it mannewaar op. Oare bekenden dy't Harry op it feest weromsjocht, binne de âldste gruff (sjoch: Small Favor), mei wa't er op goede foet stiet, en de Erlkönig (waans foarnamme "Herne" blykt te wêzen), de lieder fan 'e Wylde Jacht, fan wa't Harry noch wat te goede hat (sjoch: Dead Beat). Harry komt ek yn 'e kunde mei in reuseftich, grou, beburde figuer klaaid yn read-mei-wyt, dy't himsels foarstelt as Kris Kringle (in oare namme foar de krystman). Dyselde is in goekunde fan 'e Erlkönig en giet nei eigen sizzen gauris mei him út te jeien.

Ien fan 'e sídhe, de Readkap, brûkt Sarissa om in konfrontaasje mei Harry út te lokjen. Harry hat wol foar it ferstân dat de Readkap in ûnderhearrige fan Maeve is, dy't him safier besiket te krijen dat er op it feest bloed ferjit en de wet fan Mab brekt, sadat de keninginne him deadzje moatte sil. Hy beseft lykwols ek dat er in foarbyld stelle moat as er net wol dat er allegeduerigen op sa'n manear op 'e proef steld wurde sil. Sarissa jout him dêrta de mooglikheid as se de oger dy't har fêsthâldt, in trewant fan 'e Readkap, safier kriget dat dy har in tosk troch de lippe slacht, sadat har it bloed by it kin delrint. Mab jout dan de Winterridder opdracht om regaad te meitsjen, en Harry deadet net allinnich de oger, mar ek in sídhe dy't protest oantekenet as er neitiid seit dat fan no ôf oan net ien yn syn oanwêzigens noch stjerlike minsken tenei komt. Mab, dy't fuort dêrnei mei him dûnset, is rjocht ynnommen mei de ôfrin fan 'e sitewaasje. Harry beseft dan dat wat der bard is net allinnich Maeve har plantsje wie om fan him ôf te kommen, mar dat ek Mab sels de sitewaasje doelbewust manipulearre hat om it ta in konfrontaasje komme te litten. Mab hat wat yn 't sin, en dat fermoeden fan Harry wurdt befêstige as se him yn it ear flústeret dat se wol dat er Maeve fermoardet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid reizget Harry mei help fan Cat Sith werom nei Chicago. Cat Sith fertelt Harry dat Mab derfoar soarge hat dat net ien foar de moarnsdage út 'e gebieten fan it Winterhôf of it Simmerhôf fan it Nevernever oerstappe kin nei de minskewrâld. Harry sil him yn Chicago dus oriïntearje kinne sûnder dat er oanhâldend oer syn skouder hoecht te sjen nei Maeve har trewanten. Dy lockdown wurket lykwols net foar ierdgeasten dy't har al yn 'e minskewrâld befine, lykas it elfke Toet-toet en syn maten, dy't Harry as harren lienhear beskôgje om't er op geregelde basis pizza foar harren keapet. Se jouwe har by him sadree't er yn Chicago arrivearret. Harry is in bytsje ûntrêstge as Toet-toer him ferteld dat de pizzatraktaasjes ûnder syn ôfwêzigens fuortset binne troch syn peetmuoike, de Leanansídhe, dy't heech yn 'e rangoarder fan it Winterhôf stiet. Soks kin ta alderhanne ferplichtings liede dêr't Harry net om sit te springen.

Harry wol oer Mab har opdracht om Maeve te fermoardzjen te rie by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy. Dyselde bewennet in skedel dy't foarhinne op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium stie. Sûnt syn hûs ôfbaarnd is en Harry letter sels dearekke (sjoch: Changes), is Bob op 'e noed kommen fan Harry syn freon, de patolooch-anatoom Waldo Butters. Om't Harry op it stuit in hiele rige nije en machtige fijannen oan it meitsjen is, en om't er net wol dat dy him fia syn freonen treffe sille, brekt er yn it appartemint fan Butters yn as dy nachttsjinst hat. It docht lykwols bliken dat de dingen ûnder Harry syn ôfwêzigens feroare binne: Butters wennet no gear mei de wielderige wearwolvinne Andi Macklin. Nei in konfrontaasje wit Harry Andi fan syn identiteit te oertsjûgjen en jout er har opdracht om 'e plysje te skiljen om oanjefte te dwaan fan in ynbraak.

As er neitiid yn 'e auto, yn 'e âlde Rolls Royce dy't Cat Sith foar him regele hat, Bob fertelt oer de opdracht fan Mab, seit dy dat der foar Harry letterlik gjin begjinnensein is oan it fermoardzjen fan Maeve, mei't it foar in stjerlike minske lykas hy ûnmooglik is om in ûnstjerlik wêzen as de Winterfrouwe om te bringen. Harry wiist derop dat er ek alris de Simmerfrouwe ombrocht hat (sjoch: Summer Knight), mar Bob leit út dat dat inkeld mooglik wie trochdat se har op 'e Stiennen Tafel befûn, in plak dat de Simmer- en Winterkeninginnen skepen hawwe mei de bedoeling om sokke feroarings mooglik te meitsjen. Harry merkt lykwols dat Bob wat efterhâldt, en nei lang oantrúnjen komt it hege wurd derút: Bob wit in oare manear om ûnstjerliken te deadzjen, en dat is no persiis de reden dat er it Nevernever ûntflechte is, want alle ûnstjerliken wolle sokke kennis it leafst hielendal útrûgje. Harry ornearret dat Mab wist dat er fuort nei Bob ta drave soe om rie as se him sa'n opdracht joech, dat hy riddenearret dat Mab wol dat Bob him fertelt wat er wit. Mei tsjinnichheid leit Bob út dat op Halloween de grins tusken de wrâlden fan 'e libbenen en de deaden sa tin wurdt, dat dan sels wêzens dy't normaalwei ûntstjerlik binne, komme kinne te ferstjerren. En lit it no de oare deis krekt Halloween wêze. Dat betsjut dat Harry likernôch seisentweintich oeren de tiid hat om Maeve te deadzjen.

It petear fan Harry en Bob komt ta in abrupte ein as immen in bom nei harren auto smyt. It is oan in warskôging fan Toet-toet te tankjen, dêr't Harry troch op 'e rem trapet, dat er wat dúdlik in moardoanslach is, oerlibbet. De auto is swier skansearre mar blykt pânsere te wêzen, dat hy docht it noch. Harry sels is lykwols net alhiel by sûpe en stút en knoffelet út 'e auto. Ear't er wer hielendal ta himsels komme kin, wurdt er oanfallen troch in swaarm elfkes, dy't him spikers yn 'e lea stekke. It docht bliken dat Harry mear ferwûnings oprûn hat yn it gefjocht mei de Readkap as dat er tocht hie, want as er mei it izer fan 'e spikers yn kontakt komt, en dêrtroch syn krêften as Winterridder bûten wurking steld wurde, kin er fan alle pine suver net iens mear oereinkomme. De piranja-elfkes, sa't Harry de wêzens by himsels neamt, soene him deade hawwe kinne, mar hy wurdt rêden troch Toet-toet en syn maten. Toet-toet sels giet de striid oan mei de lieder fan 'e piranja-elfkes, dy't like grut is as hy, wat bot mânsk is foar in elfke. It wêzentsje draacht in wapenris dy't oeral foarsjoen is fan fiskheakjes, sadat Harry him by himsels 'Kaptein Heak' neamt. Toet-toet rekket yn it gefjocht ferwûne, mar syn yngripen hat Harry de tiid jûn om wer ta himsels te kommen. Harry ropt in betsjoende wyn op dy't de piranja-elfkes oan 'e kant blaast, wylst er him mei Bob syn skedel en de ferwûne Toet-toet út 'e fuotten besiket te meitsjen. Hy komt lykwols net fier, en as er te wurch rekket om syn betsjoening noch langer fol te hâlden, liket er foar de dea opskreaun te wêzen.

Op dat stuit ferskynt der lykwols in hûskat njonken him, dat de aartsfijân fan 'e elfkes is. Dêr jouwe har almar mear oare katten by, dy't langjend omheech dikerje nei de swevende piranja-elfkes. As dy Harry alhiel omjûn troch katten sjogge, kieze se it hazzepaad. Sadree't de elfkes fuort binne, ferdwine alle katten fan it iene op it oare momint: it wie in yllúzjebetsjoening fan Molly Carpenter, Harry syn eardere learling-tsjoenster, wa har lessen sûnt Harry syn dea oernommen binne troch syn peetmuoike, de Leanansídhe. Molly nimt Harry-en-dy mei nei har wente, in grut en lúkse appartemint yn 'e kelder fan in flatgebou dat de svartálfar foar har makke hawwe foar bewiisde tsjinsten (sjoch: Bombshells). Nei ûndersyk blykt Toet-toet net slim ferwûne te wêzen. Molly warskôget Harry dat it mei him ferbûne Demonreach, in ferburgen eilân yn 'e Michiganmar foar de kust fan Chicago (sjoch: Turn Coat), de lêste tiid safolle enerzjy opboud hat, dat it op ûntploffen stiet. Harry makket fluch wat berekkenings en ûntdekt dat er krekt foar de moarnsdage hinne en werom kin nei it eilân om mei dy nije krisis ôf te weven. Hy is der frij wis fan dat Mab dat foar eagen hie mei har lockdown. Op Molly har fraach wêrom't se dat dan net gewoan tsjin him sein hat, antwurdet Harry dat er hieltyd mear it idee kriget dat Mab de lju helpt dy't harrensels helpe.

Mei Molly bejout Harry him nei de haven fan Chicago, dêr't er de Water Beetle, de boat fan syn healbroer Thomas Raith, "liene" wol om nei Demonreach ta. It docht lykwols bliken dat Thomas op dat stuit oan board is. Hy is in fampier fan it Wite Hôf; sokken libje net fan bloed, mar fan libbensenerzjy, dy't se minsken ôfhandich meitsje troch it hawwen fan seksuele omgong. (It binne dus eins mear ynkuby en sukkuby as 'tradisjonele' fampieren.) Thomas mient noch altyd dat Harry dea is, dat hy kriget de ferrassing fan syn libben as er syn broer ynienen libbensliif foar him sjocht. Hy is begryplikerwize lulk dat Harry him net earder witte litten hat dat er noch libbe. Nei't er Harry bêst it mannewaar opsein hat, is er lykwols rare bliid him wer te sjen.

Op it eilân oankommen giet Harry allinnich oan lân, mei Bob by him. Bob stelt fêst dat de stiennen fan 'e heal ynstoarte fjoertoer en it hûs dat dêrfan boud is, oerlein binne mei betsjoenings fan sa'n âlderdom en kompleksiteit, dat sels hý se noch nea earder sjoen hat. As de genius loci fan it eilân opdaagjen komt, dy't ek Demonreach hjit, nimt dy Harry mei troch in ferburgen yngong nei in treppen, dy't fier omleech nei grotten djip ûnder it eilân liedt. Demonreach neamt dat "De Saad". It blykt in soarte fan finzenis te wêzen foar oermachtige boppenatuerlike wêzens, dy't yn kristal fêstsitte. De soartgenoaten fan 'e freeslike skin-walker dy't Harry alris troffen hat (sjoch: Turn Coat), binne noch mar de lytsten fan 'e meunsters dy't dêr fêstholden wurde: dûnkere goaden, nammeleaze dingen en ûnstjerliken. Dy finzenis is makke troch de oarspronklike Merlyn, deselde dy't ek de Wite Ried fan Tsjoenderij oprjochte hat, dêr't Harry foar syn dea in warder fan wie. Demonreach makket Harry dúdlik dat er, troch in bân oan te gean mei it eilân (sjoch: Turn Coat) ferantwurdlik wurden is foar de boppenatuerlike finzenis.

Harry hat dêrmei ek de macht om 'e finzene wêzens frij te litten, en dat is wat dêr't er no net daliks op sit te wachtsjen. It sil troch in protte lju sjoen wurde as in wapen, mar eins is it mear in tiidbom dêr't er sels boppe-op sit. It sil meitsje dat syn bûnsgenoaten him wantrouwe, wylst it him ta doelwyt meitsje sil fan lju mei ferkearde bedoelings. Harry fielt wer flinke pineholle oankommen, fan it soarte dêr't er de ôfrûne jierren gauris lêst fan hat. Demonreach gromt eefkes en de pineholle ferdwynt. As Harry de geast freget wat er dien hat, antwurdet dy dat er de parasyt warskôge hat dy't de pineholle feroarsaket. "Hokfoar parasyt?" wol Harry witte, mar Demonreach wol inkeld sizze dat er in parasyt yn syn harsens hat. It wêzen hat meiholpen om Harry syn lichem yn libben te hâlden nei't er delsketten wie, en as ûnderdiel fan it hantsjebakken dat dêrmei blykber mank gien is tusken Demonreach, Mab en de parasyt, mei Demonreach fierders neat oer it wêzen sizze. Wol heakket er der noch oan ta dat Harry mei gauwens de parasyt út syn holle sjen moat te krijen, oars sil er it bestjerre. Demonreach wiist Molly oan as dejinge dy't him dêrby helpe moat.

Harry beslút alle nije ynformaasje oer it eilân en himsels earst oan kant te lizzen, mei't er soargen hat dy't driuwender binne. Troch Bob as 'oersetter' te brûken, makket Demonreach Harry dúdlik dat de finzenis oanfallen wurde sil. De finzenis is sa sterk dat er oermachtige boasaardige wêzens fêsthâlde kin, trochdat Merlyn it ding tagelyk mei betsjoenings yn ferskillende tiden opboud hat. Dêrtroch telle de betsjoenings net op (10 + 10 + 10 + 10 = 40), mar fermannichfâldigje se harsels (10 × 10 × 10 × 10 = 10.000). De oanfal op 'e finzenis moat noch komme, mar trochdat ien fan 'e tiden dat Merlyn de betsjoenings opboud hat, yn 'e takomst leit, binne no de gefolgen fan 'e oanfal al te merken yn in opbouwen fan enerzjy. De oanfal sil moarn plakfine, mar wêr't of wannear't er wei komt, is noch ûndúdlik. As de beskermingsbetsjoenings ûntraffele wurde en de finzenis dêrmei opheft wurdt, sil in ûnderlizzende betsjoening fan Merlyn aktivearre wurde, dy't de hiele finzenis opblaasd sadat de finzen holden wêzens net frijkomme sille. De ûntploffing sil lykwols in grut diel fan it Amerikaanske Midwesten en súdlik Kanada meinimme en fan Chicago neat oerlitte. Dus behalven dat Harry yn 'e kommende fjouwerentweintich oeren in manear fine moat om Maeve te deadzjen, moat er ek noch de oanfal op Demonreach sjen foar te kommen.

De moarnsdage is al oan 'e loft as Harry-en-dy op 'e Water Beetle weromfarre nei Chicago. Dat betsjut dat de lockdown fan it Nevernever opheft is, wat bewiisd wurdt troch it feit dat se ûnderweis oanfallen wurde troch de Readkap en guon fan syn trewanten op jetskys. Harry wit de oanfal op slûchslimme wize ôf te slaan. Neitiid wurdt er yn Chicago oansprutsen troch Fix, syn wjergader fan it Simmerhôf fan 'e ierdgeasten: de Simmerridder. Fix wie foarhinne Harry syn freon (sjoch: Summer Knight en Proven Guilty), mar no is er derfan oertsjûge rekke dat Harry ta it kwea ferfallen is. Hy jout him oant de middeisoere om Chicago te ferlitten, oars sil er mei Harry ôfweve. Dat is in komplikaasje dy't Harry der krekt net by hawwe kin. Gjin hier op syn holle dy't deroer prakkesearret om him út 'syn eigen' stêd weijeie te litten, mar hy wol ek út noch yn net mei syn freon Fix slaande deilis reitsje.

Harry, Thomas en Molly geane nei Thomas syn lúkse appartemint, dêr't Harry tillefoanysk in ôfspraak regelet mei Donar Vadderung, de algemien direkteur fan it befeiligingsbedriuw Monoc Securities (dy't eins de god Odin is). Underwilens freget Harry Cat Sith om in ûnderhâld mei Lily, de Simmerfrouwe, te regeljen, sadat er har beprate kin om Fix werom te fluitsjen. Thomas en Molly beselskipje Harry nei syn stamkroech MacAnally's, dy't Mac, de útbater, op 'e iene of oare manear ta neutrale grûn ferklearje litten hat ûnder de Unseelie Akkoarten (it ferdrach dat de ûnderlinge relaasjes tusken de ferskillende boppenatuerlike naasjes regelet). Dêr treft Harry Donar Vadderung, dy't er yn ruil foar in takomstige geunst om rie freget oer de oanfal op Demonreach. Harry is bang dat de oanfal op it eilân wol hûndert jier út it ferline of hûndert jier út 'e takomst komme kin, mar Vadderung reaget dat idee fan tafel, mei't neffens him "de echo's dy't feroarsake wurde troch in temporeel barren ferhâldingsgewiis grutter binne as de tiidsspanne dy't dermei oerbrêge wurdt." Mei oare wurden: as de oanfal fan hûndert jier lyn kaam, soe dat trijehûndert jier lyn al te merken west hawwe. Om't it noch mar in pear dagen te merken is, sil de oanfal nei alle gedachten komme fan in tiid dy't op it tiidstip fan 'e ferwoastging fan it eilan mar in pear oeren yn it ferline leit. Ut 'e takomst komt er perfoarst net, want eat dat al bard is, kin mar hiel dreech wer feroare wurde. Ek fertelt Vadderung dat foar de oanfal ferlet is fan sa'n soad enerzjy, dat it nea fan fier fuort komme kin. Harry begrypt dat er de kusten fan 'e Michiganmar ôfsykje moat.

Nei't Vadderung him ôfjûn hat, stjoert Harry Molly derop út om Toet-toet en syn elfkes wer gear te roppen, sadat er dy op ferkenning stjoere kin om it plak fan 'e oanfal op Demonreach te finen. Neitiid wurde Harry, Thomas en Mac yn MacAnally's oanfallen troch in bûtensteander, in wêzen dat fan bûten de reäliteit komt, oarekant de Bûtenste Poarten. It hat it op Harry foarsjoen en lit him neat gelegen lizze oan it feit dat de kroech neutrale grûn is. Harry wit it mar mei muoite op 'e flecht te driuwen. Hy fermoedet dat de bûtensteanders belutsen binne by de oanfal op Demonreach, mar sokke wêzens kinne net samar de reäliteit binnenkringe: immen moat harren deryn litten hawwe. Under it gefjocht koe de bûtensteander Mac werom, dy't er in "wekker" neamde. As Harry dêr Mac neitiid oer ûnderstiet, wegeret dy te fertellen wat dat betsjut, om't er it privee-ynformaasje fynt.

Cat Sith komt werom mei it boadskip dat Lily mei Harry prate wol yn 'e Botanyske Tún fan Chicago. Harry bejout him dêrhinne en treft net inkeld har dêre, mar ek Maeve, de Winterfrouwe. Lily en Maeve miene dat Mab ûnder ynfloed fan in macht fan bûten kommen is, dy't se oantsjutte as 'de Fijân', en dat sy efter de oanfal op Demonreach sit. Se freegje Harry har tsjin te hâlden, mei't hy de iennichste is dy't dat kin. Mab is nammentlik ûnkwetsber foar hast alle oanfallen, mar net foar de macht fan 'e winter, dêr't se Harry mei bejeftige hat, om't dat har eigen macht is. Mei oare wurden de beide frouwen wolle dat Harry as harren slûpmoardner fanwegen komt. As Harry freget wêrom't Titania, de Simmerkeninginne, net yngrypt, fertelt Lily dat dy dat om in ûnbegryplike reden wegeret te dwaan. Harry beseft dat Mab tsjinholden wurde moat as it wier is wat Lily en Maeve leauwe, mar hy is der net folslein fan oertsjûge dat dat sa is. As er harren dêroer ûnderstiet, seit Maeve planút dat se ûnomstjitlik bewiis hat dat it wier is. Om't ierdgeasten net lige kinne, is Harry bang dat er it tsjin Mab opnimme moatte sil. Lily ûnthjit him dat se derfoar soargje sil dat er gjin lêst mear fan Fix hawwe sil, en Maeve ûnthjit him dat se har trewanten in oanfal op Harry útfiere litte sil sadat Mab net erchtinkend wurdt.

As fuortendaliks de Readkap en syn maten ferskine, hâldt Lily harren lykwols op sadat Harry útnaaie kin. Ear't er de útgong fan 'e botanyske tún berikke kin, wurdt er lykwols oanfallen troch 'Kaptein Heak', de lieder fan 'e piranja-elfkes, wêrnei't in keardel mei in honkbalkneppel foar it ljocht komt en him delslacht. Harry ken de man wer as Ace, in healbloed-ierdgeast dy't foarhinne in freon fan Fix en Lily wie, mar harren ferrette (sjoch: Summer Knight). No docht bliken dat er in soan fan 'e Readkap is. Trochdat Kaptein Heak him wer in spiker yn 'e hûd slein hat, kin Harry himsels net mei tsjoenderij ferdigenje, en Ace begjint him mei syn kneppel in flink wan bruien te jaan. Dan ferskynt lykwols ynienen Karrin Murphy op it toaniel, in goede freondinne fan Harry dy't foarhinne in resjersjeur by it Chicago Police Department wie. Sy huft Ace sûnder swierrichheden del, en as de piranja-elfkes in nije massale oanfal útfiere, slacht se de wêzentsjes mei in útskobere wapenstôk út 'e loft, wêrnei't de elfkes it hazzepaad kieze.

Thomas, dy't by de auto efterbleaun wie, arrivearret, mar as Murphy en hy risselwearje om Harry oerein te helpen, ferskine de Readkap en seis fan syn trewanten. Harry beseft dat Murphy en Thomas de sân sídhe net oerkinne, en dat se oan him yn dizze steat net folle hawwe. Hy is bang dat se net libben út dizze sitewaasje komme sille. Dat is lykwols bûten Cat Sith rekkene, dy't ommers fan Mab opdracht krigen hat om Harry te helpen. Hy jaget de Readkap-en-dy de stupen op it liif troch twa kear, sûnder dat de oaren it merke, ien fan harren de strûken yn te skuorren en dêr op lûdroftige wize ôf te meitsjen. De Readkap en syn maten naaie út, mei Cat Sith op 'e hakken, en Harry, Thomas en Murphy blaze gau-gau de ôftocht. Yn Thomas syn auto ûntdekt Harry dat er ien fan 'e fijân kriichsfinzen nommen hat: in bewusteleaze Kaptein Heak is mei de fiskheakjes fan syn wapenris fêstkommen te sitten yn 'e mouwe fan Harry syn spikerjack.

Se geane nei Molly har appartemint, dêr't Waldo Butters Harry syn wûnen hechtet. Hy hellet him mei it pinset ferskate lytse izerne fiskheakjes út 'e hûd, wêrnei't Harry him daliks in stik better fielt. Butters warskôget him dat it him taliket dat Harry as Winterridder noch altyd like kwetsber is as oars, en dat de macht dêr't Mab him mei bejeftige hat inkeld syn pinegrins ferhege hat, sadat er gjin lêst hat fan oprûne ferwûnings. As Harry net foarsichtich is, kin er himsels sa wol út 'e ljochten helpe. Neitiid hat Harry in ûnderhâld mei Murphy, dy't him ferteld dat se Ace yn 'e rekken hold, dy't op 'e loer lei by Thomas syn appartemintekompleks, en dy't se sadwaande folge wie nei de botanyske tún. Se bepraat Harry om Bob mei skedel en al werom te jaan oan Butters. Ek fertelt se him dat se de soarch foar de beide swurden fan 'e Ridders fan it Krús, dy't Harry op 'e noed hie, oernommen hat.

Wylst Molly de elfkes (útsein Toet-toet) útstjoert, jout Thomas him ôf om fersterkings los te krijen fan syn suster Lara, dy't de wiere macht is efter de kening fan it Wite Hôf fan 'e fampieren. Murphy giet nei it Genoatskip foar in Bettere Takomst, in heal-ûndergrûnske organisaasje dêr't sy yn gearwurket mei û.o. maffiabaas "Gentleman Johnnie" Marcone om Chicago te beskermjen tsjin boppenatuerlike bedrigings. Se wol dêr de einherjaren mobilisearje dy't troch Monoc Securities oan 'e tsjinst fan Marcone útliend binne. Butters set ôf om by it Paranet, in netwurk fan licht paranormaal bejeftige lju, te rie te gean om út te finen oft se de lêste dagen oan 'e kusten fan 'e Michiganmar ek wat nuvers waarnommen hawwe. Underwilens wol Harry mei de help fan Toet-toet syn kriichsfinzene, Kaptein Heak, ûnderfreegje. As it elfke de gesichtsbedekkende helm ôfset, blykt it lykwols in tige tsjep froulik elfke te wêzen, dat harsels Lacuna neame lit. Mar se lit neat los, en Harry, dy't net de muoite nommen hat om 'e wetten en regels fan it Winterhôf te learen, biedt har by fersin de offisjele status fan finzene oan, mei as gefolch dat er har, salang't se him net oanfalt of besiket te ûntsnappen, behannelje moat as wie se syn gast. Foar Toet-toet is it leafde op it earste gesicht; it elfke is smoar, mar Lacuna makket op net mis te fersteane wize dúdlik dat se hielendal neat fan him hawwe moat.

Om't Harry te min ynformaasje hat oer wat der geande is, beslút er wat hiel gefaarliks te dwaan. Yn in ôfhandich natoergebiet bûten de beboude kom fan Chicago ropt er Titania op, de Simmerkeninginne. Fan har hopet er te witten te kommen oft er Mab leauwe moat, of Lily en Maeve. It is Titania lykwols noch net fergetten dat Harry jierren lyn har dochter Aurora deade hat (sjoch: Summer Knight). Se makket him dúdlik dat se him it leafst fergrieme soe, mar se behearsket har. Se wegeret him lykwols te helpen, útsein dat se him yn it ear flústeret dat ien fan 'e nammen fan 'e Fijân Nemesis is. Harry begjint sa njonkelytsen te fermoedzjen dat de Swarte Ried, de skimige organisaasje dy't de Wite Ried fan Tsjoenderij de lêste desennia op alderhanne mêden tsjinwurke hat, mar ien fan 'e tentakels fan 'e folle gruttere Nemesis is.

No't syn moeting mei Titania neat opsmiten hat, beslút Harry om noch wat folle gefaarlikers te dwaan. Hy giet nei syn eigen grêf op it Graceland Cemetery, en ropt dêr Mem Winter op. Sa't Mab hûndert kear machtiger is as Maeve, is Mem Winter hûndert kear machtiger as Mab. Harry hat it âldwiif ienris earder moete, doe't er yn it Nevernever by tafal (as it tafal wie) by in arbeidershúske telâne kaam dêr't Mem Winter en Mem Simmer wennen. Nei't er syn opropping dien hat, bart der neat, en Harry piniget him de harsens oer wat er no moat, as ynienen in grouwe earm út it grêf ferskynt en him oan 'e holle de grûn ynskuort. Hy bedarret wer yn it arbeidershúske yn it Nevernever, dêr't Mem Winter har hakmês slipet om him te slachtsjen en op te iten en Harry dêrmei de stupen op it liif jaget. Se sjocht der net fan op dat Mab Maeve dea hawwe wol, noch dat Maeve tinkt dat Meb sljochtsinnich wurden is. As Harry neamt dat Nemesis dêrefter sitte soe, bringt dat har eefkes ta neitinken, mar pas as Harry himsels wit te befrijen fan 'e boeiens fan har wil, jout se har plan om him op te iten oer.

Mem Simmer ferskynt, dy't in frijwat oangenamere persoanlikheid hat. Mei ynstimming, of alteast stilswijen, fan Mem Winter, nimt hja Harry mei om him wat sjen te litten. Se reizgje nei in punt yn it Nevernever wêrfan't Mem Simmer útleit dat Harry pas oer desennia genôch macht ûntwikkele hawwe soe om der op eigen krêft te kommen. It is de oare grins fan it Nevernever, dy't it fierst fan 'e minsklike wrâld ôfleit. Dêr sjocht Harry fan in heuveltop ôf in reuseftige muorre, dy't op 'e râne fan 'e reäliteit boud is. Der is in ivige striid geande. De muorre wurdt ferdigene troch ûnbidich grutte legers fan 'e ierdgeasten fan it Winterhôf dy't fjochtsje tsjin bûtensteanders dy't de reäliteit besykje binnen te kringen. De Wite Ried fan Tsjoenderij miende dat it Winterhôf mar in leger fan sa'n 50.000 man op fuotten bringe koe, en dat it Simmerhôf in leger fan gelikense grutte hie. No sjocht Harry dat de legers fan it Winterhôf folle, folle talriker binne. Mab soe it leger fan it Simmerhôf sûnder muoite ferpletterje kinne mei har nûmerike oermacht, às se dêrfoar oerhie dat de Bûtenste Poarten oerspield waarden troch de bûtensteanders. Mem Simmer leit him út dat Mab har macht krigen hat om 'e reäliteit te beskermjen tsjin 'e bûtensteanders. En dat Titania har macht krigen hat om 'e reäliteit te beskermjen tsjin Mab. Harry begrypt dat Mem Simmer him hjir brocht hat om him sjen te litten wat der op it spul stiet as Mab ûnder fuotten helle wurdt en in wreed, ûnnoazel en folslein ûnferantwurdlik persoan as Maeve har opfolget as Winterkeninginne.

Mem Simmer nimt Harry mei nei in reuseftige poarte yn 'e muorre. Harry beseft dat it de Bûtenste Poarten binne, wêrfan't er altyd tocht hie dat it mar in foarm fan byldspraak wie. Hy sjocht hoe't de winterierdgeasten troch de poarte geane om útfallen te dwaan, en hoe't sídhe fan it Simmerhôf as hospikken de ferwûnen fan it Winterhôf wer nei binnen helpe. Harry en Mem Simmer treffe dêr by de poarte Rashid, in lid fan it bestjoer fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, waans titel de Poartewachter is. Harry reälisearret him no dat er dy titel nea begrepen hat. Rashid fertelt dat de rest fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij gjin aan hat fan wat hjir om en ta giet. As Harry syn help oanbiedt foar de striid tsjin 'e bûtensteanders, seit Rashid dat er it bêste helpe kin troch werom te gean nei Chicago en de oanfal op Demonreach tsjin te hâlden. Sels ûnthjit er dat er de problemen oplosse sil dy't Harry mei de Wite Ried ferwachtet sadree't dy foar it ferstân kriget dat er noch of wer libbet. Ek warskôget Rashid Harry dat er troch syn weropstanning út 'e dea de oandacht lutsen hat fan wêzens dy't oant no ta by him lâns sjoen hawwe, en dat er sadwaande oanboazjende swierrichheden ferwachtsje kin.

As Mem Simmer Harry mei weromnimt en him wer nei syn grêf op it Graceland Cemetery stjoert op frijwol itselde stuit dat Mem Winter him dêrwei plôke hat, beseft Harry dat der gjin help foar him komt. Minder noch: hy is de help. As er wer yn Molly har appartemint is, ferskynt dêr Sarissa oan 'e doar, dy't troch de Readkap en syn trewanten ûntfierd en mishannele is, en doe mei in boadskip nei Harry ta stjoerd. It docht bliken dat de Readkap Butters, Andi, Thomas syn minneresse Justine en Mac yn gizeling nommen hat en harren fermoardzje sil as Harry himsels net oan him oerleveret. Harry begrypt lykwols dat er der net op fertrouwe kin dat syn freonen ûnskansearre frijlitten wurde sille as er oan dy eask tajout. Hy beslút om yn 'e oanfal te gean. Hy freget Cat Sith om help, mar dy reägearret net op syn oprop. Harry is der net wis fan wat dat betsjut. Dêrop jout er Lacuna de taak om 'e berjochten fan 'e elfke-ferkenners yn ûntfangst te nimmen, en set er mei Molly ôf. By it hûs fan Molly har âlden pikke se Mouse op, Harry syn reuseftige en grizelich yntelliginte Tibetaanske mastyf. Mei in betsjoening folgje se it spoar fan harren freonen nei in âld, heal ferrinnewearre pakhûs yn 'e haven fan Chicago.

Wylst Molly en Mouse efterom slûpe om Butters, Andi, Justine en Mac te befrijen, soarget Harry foar in ôfliedingsmaneuver troch mei in protte bombaarje de foardoar yn te traapjen. Der is in koarte konfrontaasje mei de Readkap en syn trewanten, wêrby't de Readkap Harry yn it ankel sjit mei in pylkje út in blaaspiip. Ear't Harry en syn freonen troch de efterdoar fan rutens spylje kinne, wurdt it pakhûs opblaasd, wêrby't se yn it kâlde wetter fan 'e Michiganmar bedarje ûnder it fluch sinkende efterste diel fan it pakhûs. Harry brûkt syn krêft as Winterridder lykwols om it wetter befrieze te litten, sadat it iis it gebou omheech út it wetter tilt en tagelyk himsels en syn freonen fan 'e ferdrinkingsdea rêdt. Neitiid wol it wûntsje fan it pylkje dêr't de Readkap him mei rekke hat, mar net tichtgean, en bliedt oanhâldend. Harry lost it op troch in drukferbân ta te passen. Hy hat sa stadichoan skjin syn nocht fan 'e Readkap, en ek fan Ace, dy't er derfan fertinkt ferantwurdlik te wêzen foar it opblazen fan it pakhûs.

Mei al syn freonen keart er werom nei Molly har appartemint, dêr't ûnderwilens Thomas en Murphy op harren wachtsje. Andi is by har ûntfiering op 'e holle slein en moat nei it sikehûs, en Butters giet mei. Thomas wol Justine foarearst net mear út it each ferlieze. De ferkenner-elfkes hawwe oan Lacuna twa plakken trochdien oan 'e kust fan 'e Michiganmar dy't foldogge oan 'e kritearia dy't Harry steld hie. Harry lit it iene plak oerfalle troch de einherjaren fan it Genoatskip foar in Bettere Takomst en it oare troch de fampieren fan Lara Raith. Hy fermoedet nammentlik dat it beide ôfliedingsmaneuvers binne. Ynformaasje, oerbrocht troch Butters, fan in nerd dy't fanút in kompjûtersintrum yn 'e kelder fan syn memme hûs foar it Paranet statistiken byhâldt, sterket him yn dy opfetting as bliken docht dat de ferhier fan boaten de lêste dagen 400% sa heech is as wat normaal is foar dizze tiid fan it jier. Harry fermoedet sadwaande dat de echte oanfal op Demonreach op it eilân sels plakfine sil.

Troch in petear mei Murphy, dy't it net sinniget dat Harry noch net by syn dochter Maggie west hat te sjen (dy't op 'e noed is fan Molly har âlden), kriget Harry ynienen in nij idee. Hy is deabenaud dat it famke sjoen hat dat er yn Chichén Itzá har mem de kiel trochsnie (sjoch: Changes), en dat se him as in meunster sjen sil. En hy wol har út noch yn gjin kweadwaan. Dêrtroch beseft er ynienen dat Mab him opdracht jûn hat om Maeve te deadzjen om't se it sels net kin, om't se, nettsjinsteande har status as de Winterkeninginne, dochs har eigen dochter gjin kweadwaan wol. Hy fermoedet dat dat wie wat Mem Winter bedoelde doe't se sei dat Mab fiersten tefolle in romantikus wie, en wêrnei't Mem Simmer ferwiisde doe't se sei dat de ierdgeasten tefolle ûnder minsklike ynfloed kommen wiene te stean. As dàt der reden is dat Mab har dochter net sels ombringe wol, kin Harry allinne mar fêststelle dat der neat mei har mis is. Mar as Mab net ûnder de ynfloed fan 'e Fijân ferkeart, hat Maeve tsjin Harry liigd hoewol't se dat as ierdgeast eins net kinne moatte soe... En it is in skaaimerk fan 'e ynfloed fan 'e Fijân dat it hâlden en dragen fan wêzens ûnnatuerlik wurdt.

Mei Molly, Murphy, Mouse, Thomas en Justine bejout Harry him nei de Water Beetle, yn 'e haven fan Chicago. Hy nimt ek Sarissa, dy't er net folslein fertrout, en Mac, dy't wat foar him efterhâldt, mei, sadat er harren yn 'e rekken hâlde kin. Krekt as se oan board gean sille, heart Harry it leven fan 'e Wylde Jacht yn 'e fierte. It is fan 'e jûn Halloween, en dat betsjut dat de grinzen tusken de wrâlden fan 'e libbenen en de deaden it tinst binne fan it hiele jier, en ek dat de Wylde Jacht fannacht mear macht hat as wannear ek. De Erlkönig, dy't de Wylde Jacht oanfiert, hat mei Harry noch wat ôf te rekkenjen (sjoch: Small Favor), en Harry twifelet der net oan dat er troch Maeve oanset is om dat fan 'e jûn te dwaan. Hy beseft ek wat de Readkap mei syn eardere meneuvels berikke woe, want mei in oanhâldend bliedende wûne hat Harry gjin inkele kâns om oan 'e Wylde Jacht te ûntkommen. Hy hjit syn freonen om op eigen manneboet nei it eilân te gean en war te dwaan om 'e oanfal op Demonreach tsjin te hâlden, wylst hysels de Wylde Jacht by harren wei liedt. As er wer by de Rolls Royce komt, blykt dy lykwols troch de piranja-elfkes op simpele mar effektive wize sabotearre te wêzen troch de kaaisgatten fol te tropjen mei kaugom.

Harry liket skaakmat te stean, mar dan ferskynt Murphy (dy't neat om syn sizzen jout en net oan board fan 'e Water Beetle gien is) op har Harley-Davidson en hjit him om efterop te klimmen. Op 'e motor naaie se twaresom foar de Wylde Jacht út. Harry liedt de efterfolgjende jagers en jachthûnen nei in âld, yn ferfal rekke yndustryterrein by de haven fan Chicago, dêr't foarhinne grutte stielfabriken stiene. Underweis sjit er mei syn Winchester Model 1866, in wapen dat er fan Thomas kado krigen hat, ien fan 'e jagers heal út it seal. Pas neitiid wurdt er gewaar dat it de Erlkönig sels is. Op it yndustryterrein, dat nei 150 jier fabrikaazje fan stiel (in soarte feredele izer) besiedde leit mei stielstof, binne de ierdgeasten (dy't ommers net oer izer kinne) yn it neidiel. Harry springt syn neiste efterfolger fan 'e ridende motor ôf op 'e hûd en sleept him út it seal. Se fjochtsje oer de grûn oant Harry syn fallen Winchester wer te pakken kriget en it wapen tsjin 'e holle fan syn fijân set, dy't nimmen oars as de krystman blykt te wêzen.

It is wizânsje dat immen inkeld oan 'e Wylde Jacht ûntkomme kin troch te stjerren, him te ferskûljen of him derby te jaan. Mar Harry hat de Erlkönig bûten gefjocht steld en ek de krystman oerwûn, dy't fan 'e jûn blykber as pleatsferfanger fan 'e Erlkönig fungearre. Hy easket dêrom no foar de rest fan 'e nacht sels it liederskip oer de Wylde Jacht op, en dat wurdt him tastien. Sadwaande riidt Murphy har motor oan it haad fan 'e Wylde Jacht oer it wetter fan 'e Michiganmar nei it eilân Demonreach. Underweis merkt Harry op dat it ljocht fan 'e moanne en de stjerren blau wurdt. As er de Erlkönig en de krystman dêroer ûnderstiet, fertelle dy him dat immen "de tiid tsjin harren bûgd". Harry beseft dat wat er sjocht in foarm fan blauferskowing is, feroarsake troch it Doppler-effekt, trochdat immen de tiid fertraget sadat se te let by it eilân oankomme sille. Op oanstean fan Harry lizze de Erlkönig en de krystman har deropta om dat effekt tsjin te gean. De Wylde Jacht brekt frij út 'e "tiidsbôge" (sa't de Erlkönig it ferskynsel neamt), mar de krystman moat efterbliuwe om't de rest fan it selskip him as "stapstien" brûkt om ûntsnappe te kinnen.

As de Wylde Jacht by Demonreach arrivearret, sjocht Harry dat it eilân besingele is troch boaten, dy't beselskippe wurde troch in grut tal bûtensteanders dy't yn akwatyske foarmen yn it wetter fan 'e mar omswimme. Der binne trije grutte frachtskûten, elts mei in eigen sleepboat. Op elts fan 'e frachtskûten is it ritueel yn tarieding dat ta de ferneatiging fan Demonreach liede moat. Sadree't de boaten yn kontakt komme mei de fêste grûn fan it eilân, kinne se de ûnbidige macht oanboarje dy't ûnder it eilân opheape is. Harry en Murphy liede de Wylde Jacht yn in oanfal op 'e middelste frachtskûte, dy't se ta sinken bringe. Dêrnei spjalt Harry de Wylde Jacht op, sadat de helte him en Murphy folget nei de iene oerbleaune skûte en de oare helte mei de Erlkönig op 'e oare oerbleaune skûte tagiet. De bûtensteander dy't Harry-en-dy yn MacAnally's oanfoel, dûkt wer op. It wêzen hat blykber de lieding oer de hiele operaasje. Hy fiert in psychyske oanfal op Harry-en-dy út, mar yn syn eigen holle is Harry baas, en dat ûnderfynt de bûtensteander, ek ta syn skea. Harry twingt him syn namme te sizzen, dy't Hy Dy't Efternei Rint is, en jaget him dan syn holle út.

Murphy blaast de sleepboat fan 'e iene frachtskûte op mei in hângranaat. Dêrnei komme sy en Harry mei harren diel fan 'e Wylde Jacht de Erlkönig te help, dy't op taaie wjerstân staat is by de lêste skûte. Harry wit oan board fan 'e sleepboat te glûpen, dêr't er oanfallen wurdt troch Cat Sith. It docht bliken dat de grutte kat oan 'e ein fan it treffen yn 'e botanyske tún finzen nommen en ûnder de macht fan 'e Fijân brocht is. Harry dumpt him oerboard en lit de sleepboat rûntsjes farre. As Ace besiket de stjoerhutte te berikken, sjit er him del. Lang om let witte de Erlkönig en de Wylde Jacht de frachtskûte ta sinken te bringen, wêrnei't Harry him wer by Murphy op 'e motor jout. De Erlkönig wol no efter de bûtensteanders oan en slacht foar om sels de lieding oer de Wylde Jacht werom te nimmen. Harry stimt dêrmei yn en betanket him. Hy is lykwols fergetten dat er op in motor oer it wetteroerflak fan 'e Michiganmar riidt, en as de magy fan 'e Wylde Jacht harren ferlit, driigje hy en Murphy mei Harley-Davidson en al kopke-ûnder te gean. Se witte krekt op 'e tiid de kust fan Demonreach te berikken, dêr't Harry oan in ympuls tajout en docht wat er al jierren dwaan wol troch Murphy te tútsjen.

As er lykwols sjocht dat Hy Dy't Efternei Rint de swimmende bûtensteanders liedt by it mei fysike krêft nei de kust ta triuwen fan 'e lêste yntakte frachtskûte (dy mei de opblaasde sleepboat), moat Harry halje-trawalje nei it plak ta dêr't se op oan geane om harren foar te wêzen. Mei de macht fan 'e Winterridder lit Harry op slach it wetter fan 'e mar tusken de skûte en de kust yn befrieze, sadat de skûte stil komt te lizzen. Mar Hy Dy't Efternei Rint brekt troch it iis hinne en makket der koarte metten mei. De bûtensteander mient dat er de striid al wûn hat, as ynienen de Water Beetle ferskynt, dy't troch Molly oant dat stuit ûnder in reuseftige wale fan ûnsichtberens ferburgen holden wie. Thomas en Mouse springe oan board fan 'e skûte, dêr't se handich ôfweve mei dejingen dy't it ritueel útfiere moasten. Harry makket fan 'e ôflieding fan Hy Dy't Efternei Rint gebrûk troch it wêzen mei in kombinaasje fan in kûgel út syn Winchester, magyske enerzjy en it sielefjoer dat de aartsingel Uriël him leard hat te brûken (sjoch: Small Favor) troch de holle te sjitten. Dat deadet it fysike lichem fan 'e bûtensteander, waans geast dan út 'e Bûtenste Poarten smiten wurdt.

Alle oare bûtensteanders litte dan de moedfearren hingje en naaie út, efterfolge troch de Wylde Jacht. Underwilens hat Harry lykwols opmurken dat er fan syn plak oan 'e kust fan Demonreach ôf de heal ferrinnewearre fjoertoer fan it eilân sjen kin. Dat betsjut dat immen dêr wêze moat. Hy begjint te fermoedzjen dat de hiele striid oan 'e kust mar in ôfliedingsmaneuver wie, en dat by de fjoertoer wat geande is dat it deiljocht net ferdrage kin. Mei syn freonen by him hastiget Harry him nei de âlde fjoertoer ta. Dêr oankommen docht bliken dat de fjoertoer omjûn wurdt troch in reuseftige, sirkelfoarmige muorre fan ljocht, dy't dúdlik it hânwurk fan Merlyn is. It is in ferdigeningsmeganisme dat lju dy't hjir net thúshearre, by de fjoertoer weihâlde moat, mar no wurdt it brûkt om Harry-en-dy bûten te hâlden, wylst syn fijannen al by de fjoertoer binne. Troch útprebearjen komme Harry-en-dy derefter dat spul fan it eilân, lykas in stientsje, ûnskansearre troch it ljocht hinne smiten wurde kin, mar spul dat net fan it eilân komt, lykas in mueslireep, baarnt fuort oant der neat fan oer is. Harry ornearret dat hy, fanwegen syn mystike bân mei it eilân Demonreach, ûnskansearre troch it ljocht rinne kin, mar syn freonen net. As er de proef op 'e som nimt, blykt er gelyk te hawwen, hoewol't al syn klean fuortbaarne, sadat er poerlike neaken binnen de muorre fan ljocht oankomt.

Dêr blokkearret de fysike manifestaasje fan it eilân, de genius loci Demonreach, de trep nei ûnderen, dy't nei de finzenis liedt. De Simmerfrouwe, Lily, en de Winterfrouwe, Maeve, nimme it tsjin him op, elts stipe troch njoggen hege sídhe fan it Simmerhôf, resp. it Winterhôf. Se hawwe allegear inkeld oandacht foar de striid tsjin Demonreach, en de iennichste dy't de oankomst fan Harry opmerkt, is Fix, de Simmerridder. Dyselde hjit Harry om him derbûten te hâlden, en as Harry seit dat er dat net kin, ûntstiet der in gefjocht tusken de beide ridders dat einiget as it Harry troch falsk te spyljen slagget om Fix bewusteleas te slaan. Dat lûkt einlings de oandacht fan Lily, mar as Harry har fertelt dat er Fix net deade hat en har besiket út te lizzen wat der geande is, ûntstekt se yn grutte grime. Harry beseft dat Maeve mei in lytse, suver ûnwaarnimbere betsjoening makke hat dat Lily hiel wat oars hearde as wat hy sei. Lily falt him oan en besiket him dea te brânen mei in wolk fan fjoer, mar Harry beskermet de bewusteleaze Fix mei syn eigen lichem en de macht fan 'e Winterridder. As Fix fuort letter wer by besleur komt, keart er in twadde besykjen fan Lily om Harry te deadzjen tsjin. Fix wiist har derop dat Harry no krekt syn libben rêden hat, en dat makket dat Lily him gewurde litte wol, mar se is net fan har foarnimmen ôf te bringen om Maeve te helpen by de oanfal op Demonreach. Maeve hat har nei't it skynt wiismakke dat de finzenis ûnder it eilân de wichtichste boarne fan kwea yn 'e wrâld is, en Maeve is wisberet om dy boarne iepen te brekken en leechrinne te litten.

As Lily en har oanhingers harren wer by de oanfal op Demonreach jûn hawwe, wit Harry Fix te oertsjûgjen fan Maeve har bedragerij. De beide ridders falle Maeve en har oanhingers oan, wêrby't Harry de Readkap in each útstekt. Maeve is lykwols te machtich foar harren. As alles ferlern liket, kringe Harry syn freonen troch de ljochtmuorre hinne, nei't se harrensels hielendal ynwreaun hawwe mei modder fan it eilân sadat se net deabaarnd wurde. Se falle Maeve en har oanhingers oan, mar ek sy binne net sterk genôch om it fan 'e Winterfrouwe te winnen. As se allegear finzennommen binne, útsein Molly, dy't har ûnder ien fan har ûntrochkringbere magyske walen ferskûle hat, besjocht Maeve ris goed wa't se allegear yn har macht krigen hat. Mac sjit se mei in pistoal kâldwei yn 'e búk, om gjin oare reden as dat se dat dwaan kin. Mar it is Sarissa dy't wier har oandacht opeasket. De paranoïde Maeve is derfan oertsjûge dat Sarissa derop longeret om har as Winterfrouwe te ferfangen. Ut it praat fan 'e beide froulju makket Harry op dat er gelyk hie om 'e tsjeppe fysioterapeute net te fertrouwen: Sarissa is Maeve har suster en de oare dochter fan Mab. Wylst de beide susters oan it bekfjochtsjen reitsje, beseft Harry dat de sirkelfoarmige muorre fan ljocht ek besjoen wurde kin as de grutste en dreechst makke opropsirkel dy't er ea sjoen hat. Sadwaande ropt er, as Maeve úteinlik har pistoal op syn holle rjochtet en risselwearret om him dea te sjitten, gau-gau Mab sels op.

De keninginne fan Lucht en Tsjuster ferskynt fuortendaliks en smyt Harry in beskrobjende blik ta om't er sa lang wachte hat mei syn opropping. Se twingt Lily-en-dy om op te hâlden mei de oanfal op Demonreach. Maeve is poerrazen op har mem, dy't se derfan beskuldiget jaloersk op har te wêzen en har altyd tebekholden te hawwen. Hja lit no alle maskers falle en komt der planút foar út dat se ûnder ynfloed fan 'e Fijân stiet. Se ferwyt Mab ek dat dy efter har rêch om Sarissa traind hat om har plak as Winterfrouwe yn te nimmen. Mar, sa seit se, diskear is se har mem te slim ôf; en dêrnei rjochtet se har pistoal en sjit Lily dea. De macht fan 'e Simmerfrouwe ferlit it stoflik omskot fan 'e jonge frou en set him del op 'e neist oanwêzige gaadlike persoan: Sarissa. Maeve mient dat, no't Sarissa de nije Simmerfrouwe is, der gjin gaadlike kandidaat mear is om 'e macht fan 'e Winterfrouwe fan har oer te nimmen, of alteast, net ien dy't Mab ea fertrouwe kin. En as de macht fan 'e Winterfrouwe by har wei holden wurdt, sil Mab de kommende oanfallen fan 'e Fijân net wjerstean kinne.

Sadwaande mient Maeve dat se al wûn hat, mar Harry beseft dat der in oare jonge frou oanwêzich is dy't al withoelang troch in hege sídhe traind wurdt en dy't Mab ymplisyt fertrout om't Harry har fertrout. Hy besiket Maeve tsjin te hâlden, mar hja reägearret inkeld troch har pistoal op him te rjochtsjen om him dea te sjitten. Mab beweecht in finger en de boeiens fan iis dy't Murphy finzen hâlde, knappe útinoar; Murphy grypt fuortendaliks har reservepistoal út it holster om har ankel en sjit op Maeve wylst Maeve in skot op Harry ôffjurret. Maeve mist, mar Murphy har kûgel rekket Maeve yn 'e foarholle. Hja falt derhinne, krekt sa't Lily dat die, en de macht fan 'e Winterfrouwe ferlit har en sylt del op Molly. Sûnder Maeve jouwe har oanhingers belies. Harry is breinroer oer de hiele gong fan saken, mar as er Mab der ûnder fjouwer eagen oer ûnderstiet, komt er ta it besef dat er sels grutdiels ferantwurdlik is foar wat der mei Molly bard is. Mab fertelt him dat de ynfloed fan 'e Fijân oan it Winterhôf yntrodusearre is troch it ritueel mês dat Harry syn peetmuoike, de Leanansídhe, jierren lyn krigen hie fan 'e reade fampieresse Bianca (sjoch: Grave Peril). Doe't Harry letter syn peetmuoike yn iis fêstset seach (sjoch: Proven Guilty), wie dat sadat Mab har genêze koe fan 'e ynfloed fan 'e Fijân. En doe't Mab letter oan Harry ferskynde en tsjin him prate moast fia in ûnderhearrige om't it lûd fan har eigen stim syn earen ferwûnje soe, wie dat fanwegen razernij om't se ûntdutsen hie dat Maeve ûnder de ynfloed fan 'e Fijân kommen wie.

Mei it lemieren wurdt de betsjoening fan Merlyn opheft en ferdwynt de muorre fan ljocht. Alle ierdgeasten jouwe har ôf, ek Mab nei't se de wûne fan Mac genêzen hat. Neitiid komt de Kris Kringle, de krystman, de heuvel op kuierjen, dy't him yn 'e nacht wer by de Wylde Jacht jûn hat om 'e bûtensteanders te befjochtsjen. Harry hat no sa njonkelytsen foar it ferstân krigen dat de Erlkönig him de jûns tefoaren wol hiel maklik ferwûnje liet, en dat er it man-tsjin-mangefjocht mei de krystman nea winne kinne moatten hie. Hy fermoedet dat se woene dat er de lieding oer de Wylde Jacht oernimme soe, mar dêr docht de krystman gjin útspraken oer. Hy fertelt Harry wol dat der mei Halloween no ienris in soad maskers droegen wurde, en in fraksje fan in sekonde, ear't er him omdraait en fuortkuieret, sjocht Harry troch it fleurige rûne gesicht mei de bolle wangen fan 'e krystman hinne it meagere ieneagige antlit fan Donar Vadderung, dy't in ynkarnaasje fan 'e god Odin is.

Letter hat Harry in petear mei Murphy oer de tút dy't se útwiksele hawwe. Murphy is net ree om in relaasje mei de Winterridder te begjinnen; se wol earst djip neitinke wêr't se har mei ynlit. Harry bychtet op dat hy der sels miskien ek noch wol net klear foar is. Thomas hat ûnderwilens kontakt hân mei syn suster Lara, dy't him ferteld hat dat sawol it team fan it Wite Hôf as de einherjaren fan Marcone op 'e plakken oan 'e kust fan 'e Michiganmar in ritueel ûnderbrutsen hawwe dat dêr oan 'e gong wie. Hy merkt op dat immen beslist woe dat de oanfal op Demonreach slagge. Harry foeget dêroan ta: "Of eat." Thomas mient dat er in grapke makket, mar Harry wit no wol better.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, Cold Days, New York, 2012 (Roc Books), ISBN 0 45 14 64 400 (hardcover), ISBN 0 45 14 19 12X (paperback), ISBN 1 61 17 61 603 (lústerboek).

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 A Restoration of Faith1 Storm Front Fool Moon B Is for Bigfoot2,3 Grave Peril Summer Knight Death Masks Vignette1 Blood Rites Dead Beat I Was a Teenage Bigfoot2,3 Something Borrowed1 Proven Guilty AAAA Wizardry3 White Night It's My Birthday, Too1 Heorot1 Small Favor Day Off1 Backup1 The Warrior1 Last Call1 Curses3 Turn Coat Love Hurts1 Even Hand3 Bigfoot on Campus2,3 Changes Aftermath1 Ghost Story Bombshells3 Cold Days Cold Case3 Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 Peace Talks Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.