Coert van Dalsen Fontein (Dronryp, 5 maaie 1842 - Ljouwert, 9 desimber 1897) wie in Nederlânsk bestjoerder.
Biografy
Van Dalsen Fontein wie in soan fan mr. Augustus Goëtius van Dalsen Fontein (1811-1892), abbekaat en sekretaris fan Menameradiel, en Jantje van Calcar (1815-1883). Hy bleau frijfeint.
Hy wie folontêr op de sekretary in Kollumerlân doe't er yn novimber 1875 beneamd waard ta werd boargemaster fan Sleat.[1] Hy bleau dêr net lang, al yn augustus 1876 waard er boargemaster fan Barradiel.[2] Hy wenne dêr yn Seisbierrum. Yn Barradiel bleau er oant syn ferstjerren yn 1897, hy wie doe op 55 jier.
Hy waard opfolge troch Luutzen de Vries.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.