Coen van Vrijberghe de Coningh
akteur
Coen van Vrijberghe de Coningh yn 1978.
Coen van Vrijberghe de Coningh yn 1978.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCoenraad Lodewijk Dirk
     van Vrijberghe de Coningh
nasjonaliteit Nederlânsk
berne12 novimber 1950
berteplakAmsterdam (Noard-Hollân)
stoarn15 novimber 1997
stjerplakAlmeare (Flevolân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf19721997
offisjele webside
gjint

Coen van Vrijberghe de Coningh (folút: Coenraad Lodewijk Dirk van Vrijberghe de Coningh; Amsterdam, 12 novimber 1950Almeare, 15 novimber 1997) wie in Nederlânsk akteur, muzykprodusint, sjonger, komponist en presintator, dy't by it grutte publyk benammen bekend wurden is troch syn fertolking fan 'e rol fan Johnnie Flodder yn 'e tillefyzjesearje Flodder en de film Flodder 3.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Van Vrijberghe de Coningh wie de lêste manlike telch út in âld Siuwsk aadlik laach, dat oarspronklik ôfkomstich wie út it ferdronken doarpke Vrijberghe. Syn heit wie de akteur Cruys Voorbergh (eins Ernest van Vrijberghe de Coningh), en syn mem wie Ada van Geel. Van Vrijberghe de Coningh waard yn 1950 yn Amsterdam berne. Hy hie in suster, Emmy van Vrijberghe de Coningh, dy't keunstneresse wie. Nei in jier ULO folge er fan 1963 oant 1968 in oplieding oan it konservatoarium, dêr't er foar gitarist learde, en dêrnei oan 'e Lytskeunstakademy, dêr't er syn stúdzje yn 1972 ôfrûne. Hy gie mei sin net nei de toanielskoalle, om't er net as kloan fan syn heit sjoen wurde woe. Tuskentroch died er noch wol in fjouwerjierrige balletoplieding.

Coen van Vrijberghe de Coningh yn 1978.

Karriêre

Yn 1977 rjochte Van Vrijberghe de Coningh syn eigen teätergroep Splinter op, wêrfan't hy de artistyk lieder waard. Yn 'e dêropfolgjende jierren brocht er mei dat selskip ferskate kabaretfoarstellings op 'e planken. Ek yn 1977 makke er syn tillefyzjedebút as presintator, by it NCRV-programma Showroom, dêr't hy it ûnderdiel De Studiogasten die. Yn dy funksje bleau er wurksum oant 1980. Syn alderearste ferskining op 'e tillefyzje hie lykwols as yn 1967 west, doe't er as ien fan 'e jeugdbestjoersleden fan 'e Wild Life Rangerset yn petear gie mei prins Bernhard.

Yn 'e tachtiger jierren wurke Van Vrijberghe de Coningh fiif jier lang by de platemaatskippij Bovema, en produsearre er muzyk foar artysten lykas de band Drukwerk. Yn 1985 wied er mei û.o. Robert ten Brink ien fan 'e inisjatyfnimmers fan 'e teätergroep Sweat Produkties. As sjonger trede er fan 1987 oant 1996 op mei syn band The Shooting Party. Hy wûn mei it nûmer Kaal de Annie M.G. Schmidt-priis foar it bêste Nederlânsktalige teäterliet fan 1995.

Van Vrijberghe de Coningh (m., foaroan) yn 1982 yn syn hoedanichheid as muzykprodusint, mei sjonger André Hazes (2e f. l.), Harrie Slinger fan Drukwerk (op knibbels mei de hân fan Hazes op it skouder) en de oare leden fan 'e band by de útrikking fan 'e gouden plaat foar it Drukwerk-nûmer Je Loog tegen Mij.

Van Vrijberghe de Coningh spile yn 1989 de haadrol yn 'e film Alaska, dêr't er ek de soundtrack foar komponearre. Dy film wûn in Gouden Keal foar de bêste koarte film. Datselde jiers wurke er mei Karin Bloemen mei oan it tillefyzjeprogramma Spijkers met Koppen. Fierders wûn er faam as toanielakteur mei de rol fan Ebeneezer Scrooge yn in foarstelling dy't basearre wie op 'e novelle A Christmas Carol fan Charles Dickens. Ek spile er koart njonken Liesbeth List yn 'e musical Eindeloos.

Oant doe ta wie Van Vrijberghe de Coningh by it grutte publyk fierhinne ûnbekend bleaun, mar dat feroare doe't er yn 1993 de rol fan 'e asosjale mar ynnimlike liddichgonger Johnnie Flodder oernaam fan akteur Huub Stapel. Stapel hie Johnnie yn 'e films Flodder (1986) en Flodder in Amerika! (1992) spile, mar seach gjin heil yn in ferfolch op 'e tillefyzje, temear om't er beducht wie om typecast te reitsjen. Dêr die Van Vrijberghe de Coningh syn foardiel mei, want de komeedzjesearje Flodder waard in trochslaand súkses, wêrfan't de ôfleverings (anno 2021) noch altyd geregeldwei op 'e Nederlânske en Belgyske tillefyzje werhelle wurde. Yn 1995 waard as útfloeisel fan 'e searje ek in nije film makke, Flodder 3, weryn't Van Vrijberghe de Coningh op 'e nij de rol fan Johnnie fertolke.

Njonken syn live-aktearwurk wie Van Vrijberghe de Coningh ek aktyf as stimakteur; sa spile er yn 1995 Buzz Lightyear yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring fan 'e tekenfilm Toy Story.

It grêf fan Coen van Vrijberghe de Coningh op begraafplak Zorgvlied yn Amsterdam.

Priveelibben

Coen van Vrijberghe de Coningh hie oan syn ferstjerren ta in relaasje mei aktrise Wivineke van Groningen, mei wa't er gearwenne oan 'e Korte Leidsedwarsstraat yn Amsterdam. Hja hiene gjin bern.

Ferstjerren

Op 15 novimber 1997, trije dagen nei syn 47ste jierdei, spilen Van Vrijberghe de Coningh en syn kollega's Stefan de Walle en Tatjana Šimić yn 'e Flodder-studio's yn Almeare by in besletten feest in sêne út 'e searje nei, doe't Van Vrijberghe de Coningh ynienen efteroer foel en stil lizzen bleau. De gasten tochten dat dit ûnderdiel útmakke fan it optreden en begûnen te klappen, mar De Walle en Šimić hiene daliks troch dat der wat mis wie, en bellen in ambulânse. It bliek om in hertstilstân te gean, en doe't reänimaasje net mear bate mocht, stoar Van Vrijberghe de Coningh ûnderweis nei it sikehûs. Nei in betinking yn it DeLaMarteäter op 20 novimber 1997 waard er begroeven op Zorgvlied yn Amsterdam.

Hertproblemen rûnen by him yn 'e famylje; sa ferstoar syn heit mei 64 jier ek oan in hertstilstân, wylst syn suster Emmy yn 1992 mei 44 jier kaam te ferstjerren nei de iepening fan in tentoanstelling fan har wurk. De hommelse dea fan Van Vrijberghe de Coningh makke foargoed in ein oan 'e ambysjes fan produsint Dick Maas om in sechsde seizoen fan Flodder te meitsjen, om't noch hysels, noch de oare akteurs ynseagen hoe't in oar de rol oernimme kinne soe dy't Van Vrijberghe de Coningh him sa eigen makke hie. It fyfde en lêste, yn 1997 opnommen, seizoen fan Flodder waard yn oerlis mei syn djipdrôven fan jannewaris 1998 ôf postúm útstjoerd en opdroegen oan Van Vrijberghe de Coningh.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1988SwitchMartin
1988Prettig Geregeld ?gastrol; ôfl. Wordt Er Nog aan het Milieu Gedacht?
1990Familie OudenrijnHankgastrol; ôfl. Een Knallende Relatie
1991Staten-GeneraalJos
1992Recht voor z'n RaabPaul Esdersgastrol; ôfl. De Schim
1992Meneer RommelSpier
1992Watt?!n.f.t.presintator en voice-over
1993PleidooiHarry Goversgastrol; ôfl. Noodweer
1993In Voor- en Tegenspoedmakeldergastrol; Ramen Lappen
1993–1995 & 1998FlodderJohnnie Flodderfêste rol; 62 ôfl.
1994Kats & CoPaul Kats
1995Bruin GoudHaddert Halmagastrol; ôfl. De Stille Knijpe
1995FlodderWhiskyas stimakteur; ôfl. De Hondlanger
199612 Steden, 13 OngelukkenRuud Erkelsgastrol; ôfl. Smash
1997Zeeuws Meisjehypnotiseurgastrol; ôfl. Zeeuwse Bommen
1997De Nieuwsgierferskaat
1997Knoop in Je ZakdoekRobgastoptreden; ôfl. Het Geheim van Mirjam
films
1989De KassièreTed
1989Wilde Hartenfisker/affysjeplakker   
1989AlaskaMariokoarte film
1990Het Nadeel van de TwijfelSimon
1990Vakantiehuis in ZwedenJoop de Wolfas stimakteur
1991De Onfatsoenlijke VrouwCharles
1991The Rescuers Down UnderJakeas stimakteur; yn Nederlân útbrocht as De Reddertjes in Kangoeroeland
1993Ik Verlaat Je Nooit ?
1995Flodder 3Johnnie Flodder
1996Marie Antoinette is Niet Doodsjoernalist
1996Spot's Magical Christmas ?as stimakteur; yn Nederlân útbrocht as Dribbles Betoverend Kerstfeest
1996De Jongen Die Niet Meer Praatte   plysjeman
1996Toy StoryBuzz Lightyearas stimakteur
1997101 DalmatiansJasperas stimakteur; yn Nederlân útbrocht as 101 Dalmatiërs
1997Scroogen.f.t.voice-over; yn 2002 werútbrocht as Muis Presenteert: Het Kerstverhaal, en yn 2006 nochris as Liedjes over Kerst
1998AnastasiaGrigorij Raspûtinas stimakteur

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.