Cody
Gerjochtsgebou fan Park County yn Cody
Gerjochtsgebou fan Park County yn Cody
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatWyoming
CountyPark County
BoargemasterNancy Tia Brown
Sifers
Ynwennertal↑9.520 (2010)
Oerflak27,6 km²
Befolkingsticht.367,7 / km²
Hichte1523 m
Oar
Stifting1896
Tiidsône(UTC-7)
Simmertiid(UTC-6)
Offisjele webside
Cody town webside
Plak fan Cody yn Wyoming
Wyoming yn de FS

Cody is in stêd yn Park County yn de Amerikaanske steat Wyoming. It plak is ferneamd nei William Frederick Cody, de ferneamde Buffalo Bill, fanwege syn part yn it stiftsjen fan de stêd yn 1896. Cody is it haadplak fan Park County.

Yellowstone Regional Airport is it fleanfjild fan Cody.

Geografy

Neffens it United States Census Bureau, hat de stêd in oerflak fan 24,7 km², 24,0 km² is lân en 0.6 km² (2.52%) wetter.

It grutste part fan de stêd is spjalte yn twa nivo's mei in hichteferskil fan 18 m.

De Shoshone rint troch Cody. Der lizze fjouwer brêgen oer de rivier yn de omkriten fan Cody. Ien jout tagong nei de easlike yngong fan Yellowstone National Park en in oare wurdt brûkt troch fiskers yn de Shoshone Canyon en jout tagong ta de Buffalo Bill Daam.

Cody leit oan de râne fan it Bighorn Bekken, in leechflakte omjûn fan de Big Horn, Owl Creek, Bridger, en de Absarokabergen. Boppe Cody út rize de Rattlesnake Mountains yn it noarden en Cedar Mountains oan de súdkant. Heart Mountain (2400 m) 14 km benoarden Cody en de Carter Mountains, dy't in rige toppen fan sa'n 3700 m hawwe, benei 24 km nei it suden, binne oeral yn de stêd te sjen.

Demografy

Op 1 july 2004 hie it plak 9050 ynwenners, dy't trochsneed 40 jier wiene.

Opbou neffens âldens

  • ûnder de 18 jier: 24,80 %
  • 18-24 jier: 7,30 %
  • 25-44 jier: 26,40 %
  • 45-64 jier: 24,90 %
  • boppe de 65 jier: 16,60 %

Kultuer

De kultuerele úterings yn Cody hawwe fral te krijen mei de pionier fan Cody en mei de cowboy- en western-kultuer. It Buffalo Bill Historical Center leit yn it sintrum fan de stêd. It hat in mânske samling oer Buffalo Bill. Simmerdeis wurde foarstellings fan wyld-west sjitterij neist it Irma Hotel jûn, in oar histoarysk plak. Beide plakken binne de kearn fan de stêd.

Old Trail Town yn Cody bestiet út goed 25 restaurearre histoaryske western-gebouwen.

Rodeo is fan belang yn Cody, de ornearre "Rodeo-haadstêd fan de wrâld". De Cody Nite Rodeo is in rodeo foar leafhawwers dy't dêr alle jûnen fan ier juny oant ein augustus hâlden wurdt. Cody hat fierders sûnt 1919 de Cody Stampede Rodeo op Independence Day (1-4 july). Dy stoarmrin is in PRCA-rodeo en ien fan de grutste rodeo's yn de FS dêr't in protte top-cowboys út it hiele lân oan medogge.

Cody hat ek it Cody Firearms Museum mei de grutste samling fjoerwapens fan Amearika.

Ferneamde ynwenners fan Cody

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. knopf.knopfdoubleday.com
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.