Clermond-Ferrand | ||
Polityk | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Auvergne | |
Departemint | Puy-de-Dôme (63) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 147.284 (2020) | |
Oerflak | 42,7 km² | |
Befolkingsticht. | 3.452 / km² | |
Stêdekloft | 273.443 (2020) | |
Hichte | 321 — maks. 602 m | |
Offisjele webside | ||
Webside fan de gemeente |
Clermont-Ferrand (Ossitaansk: Clarmont-Ferrand, Clarmont, Clarmont d'Auvèrnhe of Clarmont d'Auvèrnha) is de haadstêd fan de Frânske regio Auvergne en de meast wichtige stêd yn en teffens haadplak fan it departemint Puy-de-Dôme.
Fan it totale ynwennertal (yn 2005) binne sa'n 31.000 studinten. De berepsbefolking sit foaral yn de finansjele en administrative sektor en de logistyk. Clermont-Ferrand is it oarspronklike festigingsplak fan bannefabrikant Michelin, dy't sa'n 14.000 minsken yn it wurk hat.
De katedraal fan Clermont-Ferrand en in protte huzen yn it âlde sintrum binne swart, omdat se fan lavastien boud binne.
Namme
De stêd hat yn de rin fan de tiid ferskate nammen hân:
Religy
Fierwei it grutste part fan de befolking fan de Auvergne is katolyk. Clermont-Ferrand ek; it is in biskopsit. Der binne twa grutte RK-tsjerken:
- De Romaanske Basilyk Notre-Dame du Port
- De út swarte lavastien oplutsen goatyske Kathedrale Notre-Dame-de-l’Assomption
Grutte autodiken
- De A71 ferbynt Clermont-Ferrand mei Orléans
- De A72 ferbynt Clermont-Ferrand mei Saint-Étienne
- De A75 (mei it Fiadukt fan Millau dêryn) ferbynt Clermont-Ferrand mei Béziers en Montpellier.
Kultuer
Yn Clermont-Ferrand sit it Archeologysk museum Bargoin.
- Basilyk Notre Dame du Port
- Clermond-Ferrand
- Katedraal by nacht
- Ien fan de 48 iepenbiere fonteinen
Berne yn Clermond-Ferrand
- Gregorius fan Tours (538-594), Frankysk biskop en histoarikus
- Blaise Pascal (1623–1662), filosoof, teolooch, wis- en natuerkundige
- Nicolas Chamfort (1740-1794), dichter en skriuwer fan aforismen
- Antoine de L'Hoyer (1768-1852), gitarist en komponist
- George Onslow (1784-1853), komponist
- André Michelin (1853-1931) en Edouard Michelin (1859-1940), yndustriëlen, útfiners fan de Michelin-bannen
- Pierre Teilhard de Chardin (1881-1955), teolooch, paleontolooch en skriuwer
- Raphaël Geminiani (1925), earder hurdfytser
- Fernand Raynaud (1926-1973), humorist
- Roland Lesaffre (1927-2009), akteur
- Dominique Perrault (1953), arsjitekt
- Lolo Ferrari (1963-2000), dûnseres en (porno)aktrise
- Édouard Michelin jr. (1963-2006), yndustrieel (Michelin)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Clermont-Ferrand fan Wikimedia Commons. |