Claudia Schiffer (Rheinberg, 25 augustus 1970) is in Dútsk fotomodel en aktrise (út en troch), dy't yn it nachtlibben fan Düsseldorf yn 1987 ûntdekt waard. Net al te lang dêrnei ferskynde hja yn Elle magazine en gie se modellearjen foar Chanel. Schiffer is ien fan de súksefolste modellen yn de wrâld: sy hat op it omslach fan goed 500 blêden stien. Har fermogen wurdt troch Forbes op sa'n $55 miljoen rûsd.
Se hat lang in relaasje hân mei yllúsjonist David Copperfield hân, wat net op in houlik útrûn. Wol troude se op 25 maaie 2002 mei Matthew de Vere Drummond, better bekend as Matthew Vaughn. Se hawwe trije bern, ien soan en twa dochters. Se is ek te sjen yn de fideoclip fan Westlife (Uptown Girl).
Filmography
Jier | Film | Rol | Oantekeningen |
---|---|---|---|
1994 | Ri¢hie Ri¢h | Harsels as aerobics ynstrukteur | |
1994 | Prêt-à-Porter | Harsels | Amerikaanske titel Ready to Wear |
1996 | Perfectly Fit | gjin | Fitnessprogramma troch Claudia Schiffer |
1997 | The Blackout | Susan | |
1999 | Desperate But Not Serious | Gigi | USA DVD titel Reckless + Wild |
1999 | Friends & Lovers | Carla | |
1999 | Black and White | Greta | |
1999 | Fart Party | Susie | |
2000 | Meeting Genevieve | Genevieve | |
2000 | Chain Of Fools | Harsels | |
2001 | In Pursuit | Catherine Wells | USA DVD titel Rules of the Game |
2001 | Zoolander | Herself | |
2002 | 666 - Traue keinem, mit dem Du schläfst! | Harsels | Ingelske titel 666: In Bed with the Devil |
2002 | Life Without Dick | Mary | |
2003 | Love Actually | Carol | |
2013 | Fashion Hero |
Yn dokumintêres
- Noche de tu vida, La (1993)
- The Magic of David Copperfield: 15 Years of Magic (1994)
- Die schönsten Frauen der Welt - Claudia Schiffer (1995)
- Around Claudia Schiffer (1995)
- Catwalk (1996)
- The 68th Annual Academy Awards (1996)
- Happy Birthday Elizabeth: A Celebration of Life (1997)
- An Audience with Elton John (1997)
- 1997 VH1 Fashion Awards (1997)
- Beautopia (1998)
- The Sound of Claudia Schiffer (2000)
- Í skóm drekans (2002)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Claudia Schiffer fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.