Claude Fremy (Winterswyk, 1646 - Amsterdam, 3 jannewaris 1699) wie in stêdsgeskut- en klokkejitter.
Claude wie de soan fan Mamertus I Fremy út Winterswyk en grif in learling fan de Hemonys. Soks wie teminsten wol it gefal mei syn jongere broer Mammes. Yn de jierren 1679-1680 wurke hy yn East-Fryslân, ûnder oaren mei syn broer Jan II. Yn 1681-1683 wie hy tegearre mei syn broer Mammes stedsklokke- en geskutjitter fan Amsterdam. Dêrnei die er dat allinnich. De oarspronklike jitterij fan Hemony oan it Molepaad waard doe opheft en Fremy fêstige him yn de al besteande jitterij oan de Baangracht. Hy geat dêr ek geskut.
Claude Fremy hie in frijwat ûngelokkige hân fan it meitsjen fan klokkespullen. Syn spul foar Alkmaar waard yn de jierren 1684-1687 in drama. Dochs wist er it (lang opburgen) stedhûskarriljon fan Ljouwert te leverjen. Dat waard yn de 20e iuw opnij stimd. Ek levere er oan it bûtenlân, lykas Praach en Moskou. Hy stoar yn 1699 yn Amsterdam. Syn frou troude fannijs mei de Amsterdamse geskutjitter Jan Albert de Grave.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|