Clara Reeve (Ipswich, 1725 - dêre, 3 desimber 1807) wie in Ingelsk skriuwster dy't fral bekend waard mei har goatyske roman The Old English Baron út 1778, dy't oars earder al anonym ferskynd wie ûnder de titel The Champion of Virtue (1777).

Biografy

Clara Reeve wie ien fan de dochters fan Thomas Reeve, in anglikaansk predikant dy't syn bern ûnderrjochte yn de klassike talen en skiednis. Al mei jonge jierren learde hja Latyn en lies L'Histoire d'Angleterre fan de Frânske histoarikus Paul Rapin-Thoyras en de Libbens fan Plutarchus. Nei de dea fan har heit gie hja by har mem en twa fan har susters ynwenjen yn Colchester.

Clare Reeve wie al boppe de fyftich doe't har literêre wurkpaad begûn. Har earste publikaasje yn 1772 wie in oersetting fan de roman Argenis fan de Frânske skriuwer Jean Bardais, dy't hja sels de Ingelske titel The Phoenix joech. It súkses fan dat boek trune har oan om mear te skriuwen en sadwaande ferskynde fiif jier letter har earste roman mei ynearsten de titel The Champion of virtue, a gothic story (1777), dy't by de twadde edysje 1778 The Old English Baron kaam te hjitten. Horace Walpole syn goatyske roman út 1764 The Castle of Otranto wie har ynspiraasjeboarne.

Reeve skreau noch oare romans dy't wjerklank fûne: The Two Mentors (1783), The Exile (1788), The School for widows (1791), Memoirs of sir Roger de Clarendon, the natural son of Edward, the Black prince (1793), Destination (1799) en Edwin, king of Northumberland (1802). Fierder hat hja ek essayistysk wurk skreaun lykas The Progress of romance through times, countries and manners, 1785, en Plans of education, with remarks on the systems of other writers, 1792.

Bibliografy

  • The Champion of virtue (1777)
  • Destination or memoirs of a private family (1799)
  • The Exiles (1788)
  • The Memoirs of Sir Roger de Clarendon (1793)
  • The Old English Baron (1785, The Champion of virtue op 'en nij besjoen)
  • The Progress of romance through times, countries, and manners (1785)
  • The School for widows
  • The Two Mentors (1783)

Literatuer

  • Emma J. Clery: Women's gothic from Clara Reeve to Mary Shelley. - Plymouth, Northcote House, 2000, ISBN 0-7463-0872-8.
  • Devendra P. Varma: The gothic flame : being a history of the gothicnovel in England. - Metuchen, N.J., Scarecrow Pr., 1987, ISBN 0-8108-2077-3.
  • Gary Kelly: Bluestocking feminism : writing of the Bluestocking Circle 1738-1785. - Londen, Pickering & Chatto, 1999 (diel 1-6)
    • diel 6: Sarah Scott & Clara Reeve, ISBN 1-85196-514-9.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.