Cisca Wijmenga | ||
Cisca Wijmenga yn 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tjitske Nienke Wijmenga | |
nasjonaliteit | nederlânsk | |
berne | 16 febrewaris 1964 | |
berteplak | Drachten | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Heechlearaar | |
aktyf as | Akademysk ûndersiker | |
jierren aktyf | 1993-no | |
reden bekendheid | Undersyk autoymmúnsykten en koeliaky | |
prizen | Spinozapremy |
Tjitske Nienke (Cisca) Wijmenga (Drachten, 16 febrewaris 1964) is in Nederlânsk heechlearaar Medyske Genetika oan de Ryksuniversiteit Grins en it Universitêr Medysk Sintrum Grins.
Biografy
Wijmenga studearre biology oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en promovearre yn 1993 cum laude oan de Universiteit Leien. Fuort dêrnei, yn 1994/95, die se postdoktoraal-ûndersyk yn it laboratoarium fan de Amerikaanske genetikus Francis Collins dêr't se wurke oan it Human Genome Project.
Yn Nederlân wie Wijmenga heechlearaar oan de Universiteit Utert en sûn 2007 yn Grins. Se is direkteur fan de Feriening fan Nederlânske Biobanken (BBMRI-NL2.0). Yn 2012 ûntfong se in ERC-Advanced Grant en waard se beneamd ta lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen.
Yn 2015 wie hja ien fan de fjouwer winners fan de Spinozapremy, de heechste Nederlânske ûnderskieding foar akademisy dy't yn Nederlân wurkje. Oan dy priis wie in bedrach fan €2,5 miljoen ferbûn. Se waard ûnderskieden foar har ûndersyk nei de genetyske faktoaren yn ferhâlding mei de gluteyntolerânsykte koeliaky. Sy toande ek oan dat ferskate autoymmúnsyktes in mienskiplike genetyske faktor diele.
Prof. dr. Cisca Wijmenga is op 20 septimber 2018 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.[1]
Op 31 maaie 2019 waard bekend dat Prof. dr. Cisca Wijmenga beneamd is ta rektor magnifikus fan de Ryksuniversiteit Grins. Sy is earste frou dy't dat amt beklaaid sûnt de oprjochting fan de universiteit yn 1614.[2]
Keppelingen om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en referinsjes, sjoch: Cisca Wijmenga.
|