Cintha Boersma | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 1 maaie 1969 | |
berteplak | Amsterdam | |
lingte | 1,82 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Sealfollybal en strânfollybal | |
O.S. | 1992, 1996 | |
karriêre-ein | July 2008 | |
wichtige prestaasjes | ||
EK 1995 |
Jacintha ("Cintha") Hedwig Jeanne Boersma (Amsterdam, 1 maaie 1969) is in earder Nederlânske follybalster. Cintha Boersma wennet tsjintwurdich yn Itaalje. As sealfollybalster kaam se út foar Nederlân op de Olympyske Spullen fan 1992 en op dy fan 1996.
Cintha Boersma spile yn it Nederlânsk follybalteam dat de gouden medalje wûn op it Europeesk Kampioenskip fan 1995 troch Kroaasje yn de finale mei 3-0 te ferslaan. Yn totaal hat Cintha Boersma 403 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]
Letter makke Boersma de oerstap fan it sealfollybal nei it strânfollybal. Yn 2007 spile hja tegearre mei Marrit Leenstra. Mei har spile hja ûnder oare it Nederlânsk kampioenskip strânfollybal fan 2007. It duo soe har rjochtsje op de Olympyske Spullen fan 2008, mar doe't yn 2008 dúdlik waard dat dat net slagje soe, naam Cintha Boersma ôfskie fan it proffesjonele follybal.[2]
Hja is de suster fan Emiel Boersma, dy't ek strânfollyballer is.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |