Cincinnati
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Ohio
County  Hamilton County
Sifers
Ynwennertal296.727 (2012)
Oerflak206 km² (ynkl. wetter)
201,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht.1.471 / km²
Stêdekloft2.130.151 (2010)
Hichte147 m
Oar
Stifting1788
TiidsôneUTC -5
SimmertiidUTC -4
Koördinaten39°06′00″N 84°30′45″W
Offisjele webside
www.cincinnati-oh.gov
Kaart
De lizzing fan Cincinnati yn Hamilton County en yn 'e steat Ohio.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Ohio. Foar oare betsjuttings, sjoch: Cincinnati (betsjuttingsside).

Cincinnati, gauris ôfkoarte ta Cincy, is de op twa nei grutste stêd fan 'e noardlike Amerikaanske steat Ohio (nei Kolumbus en Cleveland). Ek is it it haadplak fan Hamilton County. Cincinnati leit yn 'e súdwesthoeke fan Ohio, op 'e noardlike igge fan 'e rivier de Ohio, dy't de grins mei Kentucky foarmet, en net fier fan 'e (westlike) grins mei Indiana ôf. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie de stêd doe rom 296.000 ynwenners; as alle foarstêden en it omlizzende, heal ferstedske plattelân, sawol yn Ohio as oare kant de rivier yn Kentucky, meirekkene wurde, komt de totale befolking fan 'e stêdekloft mei Cincinnati as mulpunt út op rom 2,1 miljoen minsken.

Skiednis

Cincinnati waard ein desimber 1788 stifte en hiet yn 't earstoan Losantiville, oant Arthur St. Clair, de gûverneur fan it Noardwestlike Territoarium (dêr't Ohio doedestiden ta hearde) de delsetting yn 1790 omneamde ta Cincinnati. Dêrmei woed er it Genoatskip fan Cincinnati earje, dêr't er sels lid fan wie. Dat genoatskip hie mei syn namme de earste Amerikaanske presidint George Washington wer earje wollen, dy't beskôge waard as in moderne Sinsinnatus (de Romeinske boer op wa't in berop dien waard om Rome te tsjinjen as diktator, en dy't daliks nei't er sechstjin dagen letter de rivalisearjende stêdsteat Aequi ferslein hie, wer opstapte).

De wolkekliuwer Scripps Center, yn it sintrum fan Cincinnati.

Under de earste kolonisten yn Cincinnati wie in relatyf heech oantal Dútsers. Yn 1819 krige de delsetting de status fan stêd. Yn 'e heechtijdagen fan 'e steamboaten yn it streamgebiet fan 'e Mississippy (dêr't de Ohio in sydrivier fan is) woeks de befolking fan Cincinnati oan ta 115.000 yn 1850. Wylst de stêd yn Ohio lei, wat in frije steat wie, wie it ekonomysk foar in grut part ôfhinklik fan it slavehâldende Kentucky, oare kant de rivier. Dat late yn Cincinnati ta grutskalige opskuorren yn 1829, 1834 en 1842 tusken foarstanners fan slavernij en abolisjonisten.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) spile Cincinnati as rivierhaven in krúsjale rol by de befoarrieding fan it Noardlike leger, en teffens wie der lange tiid it haadkertier fan it Leger fan de Ohio fêstige. De spannings wiene yn dy tiid yn 'e stêd om te snijen, mei't in grut part fan 'e befolking eins sympatisearre mei it Suden. Yn july 1863 rôp it leger yn 'e stêd de steat fan belis út, fanwegen in ynfal yn Ohio troch Súdlike troepen ûnder generaal John Hunt Morgan.

Yn 1884 fûn der ien fan 'e slimste opskuorren út 'e Amerikaanske skiednis yn Cincinnati plak. Joe Palmer en William Berner hiene op krystjûn 1883 harren wurkjouwer, hierstâlhâlder William Kirk, út 'e ljochten holpen en berôve. Nei't se pakt en berjochte wiene, waard Berner de deastraf besparre. Dêrop krong in woeste kliber lju it gerjochtsgebou binnen om him te lynchen, wêrby't it gebou yn 'e brân stutsen waard. In lyts groepke helpsheriffs ûnder lieding fan sheriff Morton Lytle Hawkins focht om 'e mannichte út it tichthûs fan 'e county te hâlden, en doe't dat net slagge, wisten se likegoed noch de finzenen te rêden. Twa helpsheriffs fûnen de dea by dit treffen, wêrûnder John Desmond, waans stânbyld oft yn 'e hal fan it tsjintwurdige gerjochtsgebou stiet. Yn totaal kamen der by de opskuor 45 manlju om en rekken der 125 ferwûne.

De Daniel Carter Beard Bridge, yn 'e folksmûle Big Mac, fanwegen de likenis mei it logo fan McDonald's.

Yn 'e tweintichste iuw kaam Cincinnati de Krisisjierren better troch as de measte grutte stêden, benammentlik om't krekt doe de hannel oer de rivier wer tanaam, mei't dat foardieliger wie as ferfier oer it spoar. Oan 'e oare kant hie de stêd yn 1937 wol wer slim te lijen doe't de Ohio bûten syn iggen gie en in grut part fan Cincinnati ûnder wetter kaam te stean. Nei de Twadde Wrâldoarloch sette it stedsbestjoer in grutskalige renovaasje fan 'e binnenstêd yn gong, dy't foar in diel holp om 'e post-yndustriële krisis wat te fersêftsjen dy't om 'e midden fan 'e iuw hinne alle noardlike yndustrystêden trof.

Cincinnati hjoed de dei

Yn Cincinnati binne de haadkertieren fan sokke grutte bedriuwen fêstige as libbensmiddelsgigant Procter and Gamble (de foarnaamste konkurrint fan Unilever) en Macy's, Inc. (de memme-ûndernimming fan kleanwinkelkeatlings Macy's en Bloomingdale's). De grutste wurkjouwer yn 'e stêd is lykwols de Universiteit fan Cincinnati (UC), mei mear as 15.800 banen. Op it mêd fan toerisme spilet de Cincinnati Zoo and Botanical Garden, in dieretún en botanyske tún yn ien, in wichtige rol. Cincinnati stiet fierders bekend om syn histoaryske arsjitektuer. De buert Over-the-Rhine hat ien fan 'e grutste kolleksjes italjanisearjende arsjitektuer fan 'e wrâld, dêr't it lyksoartige buerten fan New York, Wenen en München mei nei de kroan stekt. Cincinnati is fierders de thúsbasis fan it honkbalteam de Cincinnati Reds en it Amerikaansk fuotbalteam de Cincinnati Bengals.

Libbensmiddelsprodusint Procter and Gamble, de wichtichste konkurrint fan Unilever, hat syn haadkertier yn Cincinnati.

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Cincinnati 10,8% âlder as 65 jier en 22,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 53,3% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 47,5% blanken; 44,8% swarten; 2,8% Latino's; 1,8% Aziaten; 0,3% Yndianen; 3,0% oaren of fan mingd etnysk komôf.

De McMicken Hall fan 'e Universiteit fan Cincinnati.

Berne yn Cincinnati

Klimaat

Cincinnati leit yn 'e oergongssône fan in fochtich subtropysk klimaat nei in fochtich lânklimaat. De simmers binne sadwaande hjit en wiet, en de winters kâld en snieïch. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 29,8 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 3,7 °C. Rekôrtemperatueren wiene 42 °C op 21 july 1934 en –32 °C op 18 jannewaris 1977. Cincinnati kriget jiers trochinoar 1.079,5 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 56,4 sm snie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.