It cimetière de Passy mei op de foargrûn it Palais de Chaillot
It cimetière de Passy
It grêf fan Édouard Manet

It Cimetière de Passy is ien fan de lytsere begraafplakken yn Parys yn it XVIe arrondissemint tichteby de Eiffeltoer.

It hôf waard iepene yn 1820, tsjin 1874 wie it in nekropolis foar de Paryske aristokrasy wurden. It is it iennige begraafplak yn Parys mei in ferwaarme wachtkeamer.

Ferneamde persoanen dêr begroeven

  • Jean Louis Barrault, akteur
  • Marie Bashkirtseff, skilderesse en deiboekskriuwster
  • Natalie Clifford Barney, (1876–1972) Amerikaansk skriuwster
  • Bảo Đại, lêste keizer fan Fietnam
  • Marcel Dassault, (1892–1986) fleantúchbouwer
  • Claude Debussy, komponist
  • Gabriel Fauré, komponist
  • Henri Farman, fleanmasinebouwer / loftfeartpionier
  • Hervé Faye, (1814–1902) astronoom
  • Fernandel, (1903–1971) akteur
  • Charles de Freycinet, premier
  • Édouard Manet, skilder
  • Octave Mirbeau, (1848–1917) skriuwer, sjoernalist en keunstkritikus
  • Suzanne Leenhoff, út Zaltbommel; konsertpianiste en frou fan Édouard Manet
  • André Messager, komponist en dirigint
  • Berthe Morisot, skilder
  • François Périer, akteur
  • Leila Pahlavi, dochter fan de lêste sjah fan Iran
  • Renée Vivien, (1877–1909) Ingelske skriuwster en dichteresse
  • Pearl White, (1889–1938) Amerikaansk aktrise
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.