Christian Müller (Sankt Andreasberg, 4 febrewaris 1690 – Amsterdam, 8 maart 1763) wie in út Dútslân ôfkomstige oargelbouwer. Yn 'e 18e iuw wie Christian Müller ien fan 'e belangrykste oargelbouwers yn Nederlân.
Libben
Müller waard yn Sankt Andreasberg yn Dútslân berne as it sechde fan sân bern fan 'e timmerman Peter Müller (± 1640–1705) en Elisabeth Otte (* ± 1652). It is net bekend by wa of wêr't er it fak fan oargelbouwer learde. Yn 1716 gied er nei de Noardlike Nederlannen, dêr't er sûnt 1718 by de Amsterdamske oargelbouwer Cornelis Hoornbeek wurke. Op 25 april 1719 liet Müller him ynskriuwe by de Lutherske Tsjerke fan Amsterdam en in jier letter wurke er as oargelbouwer selsstannich.
Hy troude op 17 maaie 1720 mei Elisabeth van der Berg, dy't al in jier letter ferstoar. Catherina Beverwijk waard op 19 oktober 1721 syn twadde frou en hja joech har man alve bern. Hja ferstoar op 3 maart 1769 yn Amsterdam.
Yn 'e Bosk wurke er tegearre mei master-oargelbouwer Rudolf Garrels oan it oargel fan 'e Sint-Jan. Dêrnei wurke er oan trije Amsterdamske oargels, dy't net bewarre bleaun binne. Syn wurkfjild lei fral yn it west fan Nederlân.
Müller krige ynternasjonale erkenning mei de bou fan it oargel yn 'e Sint-Bavotsjerke fan Haarlim. By de oplevering yn 1738 wie dat ien fan 'e grutste oargels fan 'e wrâld. Yn 'e jierren 1740-1750 spile Georg Friedrich Händel op dat oargel en yn 1766 de doe tsien jier âlde Wolfgang Amadeus Mozart. Njonken tsjerkeoargels boude Müller ek kammenetoargels.
Oare grutte oargels fan Müller binne te finen yn 'e Grutte Tsjerke fan Ljouwert (1727), de Waalske Tsjerke fan Amsterdam (1734), de Grutte Tsjerke fan Beverwyk (1757) en de Kapeltsjerke fan Alkmar (1762).
Famylje
Christian Müller hie mear famyljeleden dy't warber wiene yn 'e oargelbou. Ek syn bruorren Johann Caspar (1693-1746) en Andreas wurken as oargelbouwer yn Nederlân. Syn broer Johann Casper feroare yn 1738 û.o. it oargel fan 'e Alde Tsjerke yn Amsterdam. Dat oargel wie ea troch Christian Vater boud. Yn 1767 boude syn soan Pieter it oargel fan 'e tsjerke yn it Siuwske Wissenkerke en yn 1773 it oargel foar de Lutherske tsjerke fan Hoarn.
Wurk (seleksje)
Understeande oargels fan Müller binne noch oar in grut part bewarre bleaun:
(Yn 'e fyfte kolom efter de skrep betsjut de grutte 'P' in selsstannich pedaal, de lytse 'p' in oanhongen pedaal)
Jier | Plak | Tsjerke | Ofbyld | Manuaal | Registers | Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|---|
1724–1727 | Ljouwert | Grutte Tsjerke | III/P | 38 | Mei rêchposityf en echowurk; foar in grut part bewarre bleaun. | |
1726 | Westerbork | Stefanustsjerke | I/p | 8 | Oarspronklik yn 1726 boud foar de Martinustsjerke fan Bitgum mei gebrûk fan âlder materjaal. | |
1734 | Amsterdam | Alde Waalske Tsjerke | II/P | 26 | Foar in grut part bewarre bleaun; boud efter de oargelkas fan 1680 fan 'e Gintske oargelbouwer Nicolaas Langlez. | |
1735–1738 | Haarlim | Sint-Bavotsjerke | III/P | 62 | Foar in grut part bewarre bleaun; hjoed-de-dei III/P/62. | |
1737 | Saandam | Lutherske Tsjerke | II/p | 13 | Oargelkas mei wat piipwurk bewarre blean. | |
1742 | Bennebroek | Herfoarme Tsjerke | II/p | Nijbou efter in oargelkas fan Gysbert Bongaert (1686); binnenwurk yn 1925 ferfongen, letter rekonstruearre. | ||
1744 | Oosterwijtwerd | Marijetsjerke | I | 8 | Kammenetoargel; oarspronklik plak fan it oargel net bekend. | |
± 1745 | De Haach | Grutte Tsjerke | I | 8 | Kammenetoargel; oarspronklik plak fan it oargel net bekend. | |
1747 | Partikulier besit. | I | 7 | Kammenetoargel | ||
1756 | Beverwyk | Grutte Tsjerke | II/P | 22 | Foar it measte bewarre bleaun. | |
1762 | Alkmar | Kapeltsjerke | II/p | 18 | Troch Müller boud nei't in oargel út 1542 by brân ferlern gie. Foar it measte bewarre bleaun. Oanpassings yn 1882 troch L. Ypma. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Christian Müller (Orgelbauer)
|